De Fandalen wienen in East-Germaansk folk dat in wichtige rol spile hat by it Grutte Folkeferfarren. Yn 455 plonderen sy Rome de haadstêd fan it Romeinske Ryk. Sy dienen dat sa yngeand en kundich dat fan harren namme it wurd fandaal ôflaat is.

De Fandalen plonderje Rome, troch Heinrich Leutemann (1824-1904)

De iere Fandalen wennen oarspronklik yn de midden fan Noarwegen en Sweden. Dêrfandinne emigrearden sy yn de twa lêste iuwen foar de jiertelling nei de útrin fan de Weichsel en Oder yn de Eastsee, it noarden fan it tsjintwurdige Poalen en Dútslân. Om it begjin fan de jiertelling hinne ferpleatsten sy harren mear nei it suden ta, nei it tsjintwurdige Sileezje.

Healwei de 2e iuw waard der ûnderskied makke tusken ôfsûnderlike stammen. Neitiid is der sprake fan in Fandaalsk stamferbân, de Asdingen, de Lakringen, de Fiktofalen en de Silingen waarden hjir ta rekkene.

De Lakringen en Fiktofalen binne letter opgien yn oare stammen, mar yn de 5e iuw sletten de Silingen en Asingen harren wer oanien en waarden dêrnei as Fandalen oantsjutten.

Yn de 3e en 4e iuw wienen de Fandalen Foederaty fan de Romeinen yn Pannoanje. Oan dizze situaasje kaam in ein oan om 400 hinne doe't de Hunnen in bedriging waarden foar it Romeinske ryk. Sûnt dy tiid lieden sy in skoftlang in swalkjend bestean. Op de ein fan it Grutte Folkeferfarren binne sy yn Noard-Afrika terjochte kommen, dêr't sy it Fandaalske ryk stiften ûnder kening Geiserik dat har ûntwikkele soe ta in macht fan betsjutting yn it Middellânske See gebiet. Oan it ryk kaam in ein as de Romeinske generaal Belisarius de Fandalen yn 534 fersloech.

  • Hermann Schreiber, De Vandalen, Zegetocht en ondergang van een Germaans volk, Amsterdam, 1979. (ned)
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
 
  NODES
Done 1
see 2