Fellatio, soms op ferfryske wize stavere as fellasio, is in foarm fan orale seks wêrby't immen de penis fan syn of har sekspartner yn 'e mûle nimt en deroan sûcht, sobbet en/of slikket om seksueel geniet op te wekjen. Dêrby wurde behalven de mûle ek de lippen, de tonge en soms de tosken en/of de kiel brûkt. Fellatio wurdt yn it Frysk, benammen yn 'e sprektaal, ek wol ôfsûgen of ôfsûgjen neamd, of, mei in hollanistyske ynterferinsje, pijpen. In oare bekende term foar dit type fan seks is it Ingelske blowjob. Ek it mei de mûle stimulearjen fan 'e balsek wurdt wol fellatio neamd, hoewol't dêrfoar ek in oare term bestiet: teabagging. As by fellatio de holle stilholden wurdt en de penis yn en út 'e mûle beweecht, sprekt men eins fan irrumatio, hoewol't dy term mar komselden brûkt wurdt. It útfieren fan fellatio by jinsels wurdt autofellatio neamd. It "tsjinstelde" fan fellatio is kunnilingus, wêrby't men de fagina yn 'e mûle nimt om seksueel geniet op te wekjen.

In yllustraasje fan in frou dy't fellatio útfiert by in man.

It wurd "fellatio" komt fan it Latynske fellatus, it ôfslutend mulwurd fan it tiidwurd fellare, dat "sûge" betsjut.

 
In 19e-iuwske ôfbylding fan fellatio, troch Édouard-Henri Avril.

By fellatio nimt de iene sekspartner de penis fan 'e oare yn 'e mûle. Soks kin sawol dien wurde yn 'e kontekst fan heteroseksualiteit, wêrby't de fellatio útfierd wurdt troch in frou, as yn it ramt fan homoseksualiteit, wêrby't de fellatio útfierd wurdt troch in oare man. De wichtichste reden foar dizze foarm fan orale seks is om 'e man dy't it ûndergiet, seksueel geniet te jaan. Fellatio kin lykwols ek seksueel opwinend wêze foar dejinge dy't it útfiert.

De sekspartner dy't de fellatio útfiert, brûkt dêrfoar net inkeld de mûle, want ek de lippen en de tonge spylje in wichtige rol. Der wurdt dan ek net inkeld oan 'e penis sûgd en sobbe, mar ek slikke. Guon manlju fine it lekker as der (hiel lichtsjes) mei de tosken oan har nút gnabbele wurdt. Behalven de mûle en oanbesibbe lichemsdielen brûkt dejinge dy't de fellatio útfiert faak ek ien of beide hannen. Sa wurdt faak de penis oan 'e basis mei ien hân stevich beetholden of wurdt dy hân hinne en wer beweecht sadat der tagelyk mei it ôfsûgen ek sprake is fan ôflûken. De oare hân kin brûkt wurde om 'e balsek fêst te hâlden of lichtsjes te massearjen.

By fellatio ûnderskiedt men:

 
In homoseksueel stantsje 69.
  • Autofellatio. Dit is in foarm fan solitêre seks, wêrby't in man himsels fellatio jout. Dêrfoar moat men tige linich wêze, wylst ek in beskate grutte fan penis nedich is. De measte manlju rêde dit net op.
  • Irrumatio. Wylst by fellatio oer it algemien de penis frijwol stil holden wurdt en de mûle op en del of hinne en wer beweecht, wurdt by irrumatio de holle stilholden, yn 'e regel trochdat de man dy't de fellatio ûndergiet, dy holle mei ien of beide hannen fêsthâldt. Underwilens makket dyselde man stjittende bewegings yn 'e mûle fan 'e persoan dy't him fellatio jout.
  • Deepthroating. Dizze Ingelske term betsjut letterlik "djipkieljen". Hjirby kringt de útein fan 'e penis troch yn 'e kiel. Dat kin barre trochdat dejinge dy't de fellatio útfiert, de mûle safier oer de penis hinne beweecht, mar ek by irrumatio, as dejinge dy't de fellatio ûndergiet by it stjitten djip yn 'e mûle fan syn sekspartner trochkringt. Deepthroating, dat faak kokhalzjen feroarsaket, kin foar dejinge dy't de fellatio útfiert oangenaam wêze of net, ôfhinklik fan persoanlike foarkar.
  • Stantsje 69. Hjirby lizze de beide sekspartners mei de skamstreek yn inoars gesicht. As it in heteroseksuele sitewaasje is, jout de frou de man fellatio, wylst hy by har kunnilingus útfiert (wêrby't er har fagina yn 'e mûle nimt en har seksueel geniet jout troch dêroan te sûgen, sobjen en slikjen). Giet it om in homoseksuele kontekst, dan nimme beide manlju inoars penis yn 'e mûle om inoar tagelyk fellatio te jaan.
  • Teabagging. Letterlik: "teepûdsjen". Dit is it yn 'e mûle nimmen en sûgen, sobjen en/of slikjen oan 'e balsek ynstee fan oan 'e penis.
 
Fellatio yn ierdewurk fan 'e Súdamerikaanske Motsje-beskaving.

Fellatio kin in op himsels steande foarm fan seks wêze, mar faak is it in ûnderdiel fan it foarspul fan faginale seks of anale seks. Ek is it mooglik dat fellatio ôfwikseljend mei faginale en/of anale seks plakfynt. It ôfwikseljen fan fellatio mei anale seks hat him yn 'e pornografy sels ta in apart subsjenre ûntjûn dat ass-to-mouth neamd wurdt.

Yn mear private omstannichheden komt it noch frijwat foar dat de faginale seks ôfbrutsen wurdt foar't de manlike sekspartner in orgasme (en dêrmei ejakulaasje) berikt hat, mei as doel om swierwurden foar te kommen. De seks wurdt dan faak ôfmakke troch fellatio of oars troch ôflûken. Soms wurdt fellatio ek as op himsels steande foarm fan seks beoefene om't oare foarmen op dat stuit net mooglik binne foar ien fan 'e sekspartners, lykas wannear't seksuele mienskip foar de froulike partner ûnder it swierwêzen ûnnoflik of pynlik is, of wannear't se de regels hat. Ek kin it in manear wêze om 'e fammesteat fan 'e froulike partner te behâlden.

Ofjefte fan sperma

bewurkje seksje

By fellatio kin de sekspartner dy't dy foarm fan seks ûndergiet, bedoeld of ûnbedoeld in orgasme krije en sperma ejakulearje. De sekspartner dy't de fellatio útfiert, kin soks seksueel opwinend fine of net. Yn pornografyske films wie it lang wizânsje dat de ûntfangende partner krekt foar it orgasme syn penis út 'e mûle fan 'e útfierende partner loek, om dan te ejakulearjen yn it gesicht fan dyselde partner. Soks hjit in facial (fan facial cumshot, "gesichtsejakulaasje"). Sûnt de 2000-er jierren is datoangeande in nije 'tradysje' ûntstien, wêrby't de partner dy't de fellatio ûndergiet, ejakulearret yn 'e mûle fan 'e partner dy't de fellatio útfiert. Dêrnei lit dy it sperma oan 'e kamera sjen en slokt it dan troch. Troch de pornofisearring fan 'e Westerske maatskippij binne sokke praktiken ek trochkrongen yn mannich in sliepkeamer.

 
Fellatio yn in reliëf op 'e Lakshmana-timpel yn it Yndiaaske Khajuraho.

Oan it trochslokken fan sperma op himsels sitte gjin sûnensrisiko's. Wol kinne troch fellatio (mei of sûnder ynnimmen fan sperma) seksueel oerdraachbere sykten oerbrocht wurde, lykas klamydia, gonorroe, herpes en AIDS, mar ek it minsklik papillomafirus en ferskate foarmen fan hepatitis. It risiko dêrop is lykwols by alle foarmen fan orale seks oanmerklik leger as by faginale of anale seks. Foarhinne miende men dat by froulju dy't yn 'e achtste en njoggende moanne fan harren swierwêzen ferkeare, de ynname fan sperma de befalling opwekje koe. Oan 1976 ta waarden froulju dy't swier wiene, dêr sadwaande foar warskôge. Tsjintwurdich is bekend dat dit net wier is.

Legaliteit en tradysje

bewurkje seksje

Yn 'e measte lannen en territoaria binne der gjin wetten dy't spesifyk in ferbod op fellatio of op orale seks yn it algemien oplizze. Wol besteande der yn tal fan lannen wetten tsjin oerhoer of tsjin seks foar it houlik, dêr't fellatio ek ûnder falle kin. Maleizje hat wol in spesifyk wetlik ferbod op it ynbringen fan 'e penis yn 'e mûle en de anus, mar it neilibjen fan dy wet wurdt mar selden ôftwongen. Yn guon dielen fan 'e wrâld en by guon etnyske groepen is fellatio lykwols in kultureel taboe.

Wyfkes fan 'e koartnoasflearhûn fiere fellatio út by harren partners om 'e doer fan 'e neifolgjende pearing te ferlingjen.

Fellatio by bisten

bewurkje seksje

By bisten is fellatio waarnommen by de brune bear, de wolf, de bearmakaak, de Tibetaanske makaak en ferskate soarten flearhûnen, hyena's, en primaten. Fral by flearhûnen komt it in protte foar. Dat binne grutte, fruititende flearmûzen dy't yn 'e tropen libje. Fellatio is fral bekend fan 'e koartnoasflearhûn (Cynopterus sphinx) út Súd- en Súdeast-Aazje, wêrfan't de wyfkes foar de pearing fellatio by de mantsjes útfiere. Mei't de pearing nei it útfieren fan fellatio oansjenlik langer duorret as wannear't der gjin fellatio west hat, liket it oprekken fan 'e pearing it evolúsjonêre doel fan dit hâlden en dragen te wêzen. By mantsjes fan 'e Komoarenflearhûn, op 'e Komoaren, is waarnommen dat se oan homoseksuele fellatio dogge, wat gjin pearingsfoardiel opsmite kin. It is lykwols net dúdlik oft dit net gewoan in foarm fan sosjale grooming is. By de Boninflearhûn, fan 'e Japanske Bonineilannen, dy't ek homoseksuele fellatio bedriuwt, liket dit hâlden en dragen los te stean fan grooming.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES