De Fezzan (Arabysk: فزان, Fizzān; Berbersk: Fezzan) is ien fan 'e trije histoaryske lânsdielen fan 'e Noardafrikaanske steat Lybje. De namme is ôflaat fan it Latynske Phasania, dat yn 'e Romeinske Tiid de namme wie foar it suden fan 'e provinsje Afrika, it Nafûsaberchtme ynbegrepen. Doe't dat gebiet letter almar mear assosjearre waard mei de stêd Tripoly, en sadwaande Tripolitaanje kaam te hjitten, waard de Fezzan de namme foar it gebiet súdlik dêrfan. De Fezzan leit yn it hert fan 'e Sahara en bestiet foar it oergrutte part út woastyn. It is sadwaande ek mar tinbefolke.

de Fezzan
فزان (Fizzān)
De nije flagge fan 'e Fezzan.
De nije flagge fan 'e Fezzan.
polityk
soarte gebiet lânstreek
lân Lybje
haadplak Sabha
grutste plak Sabha
sifers
ynwennertal 442.090 (2006)
oerflak 551.170 km²
befolkingstichtens 0,8 / km²
oar
tiidsône UTC+1
De lizzing fan 'e Fezzan yn Lybje.
Sândunen yn 'e Fezzaanske Sahara.
Garamantyske grêfmonuminten.

De Fezzan omfiemet in gebiet fan rom 551.000 km², en beslacht it súdwestlik part fan Lybje. Mei't it yn it hert fan 'e Sahara leit, bestiet it fierhinne út woastyn, mar dy wurdt, fral yn it noardlike diel fan 'e regio, ûnderbrutsen troch bergen, heechlân en drûge rivierdellingen (wadys), dêr't oäzes oerâlde stedsjes en doarpen by steat stelle om yn it ûnherberchsume gebiet te oerlibjen. Yn it westen en súdwesten grinzget de Fezzan oan Algerije, yn it suden oan Niger en Tsjaad, yn it easten oan Syrenaika, dat it eastlike twatrêde part fan Lybje beslacht, en yn it noarden oan Tripolitaanje, dat it noardwestlike diel fan Lybje omfettet. De grutste stêd, it hjoeddeiske bestjoerssintrum en de histoaryske haadstêd fan 'e Fezzan is Sabha.

Fan 'e fyfde iuw f.Kr. oant de fyfde iuw n.Kr. foarme de Fezzan it sintrum fan it Garamantyske Ryk, in Berbersteat dy't bestie fan 'e trochfier fan hannelswaar fia de Transsaharaanske karafaanrûtes fan Kartago en it Romeinske Ryk yn it noarden nei de Sahelsteaten besuden de Sahara en oarsom. Yn 19 f.Kr. en 50 n.Kr. fierden de Romeinske legeroersten Septimus Flakkus en Suëtonius Paulinus lytsskalige militêre ekspedysjes út yn 'e Sahara en nei de Sahel ta, en fanôf de fjildtocht fan Paulinus wie it Garamantyske Ryk sadwaande in pear iuwen lang in fazalsteat fan it Romeinske Ryk, oant dat begûn ôf te broazeljen. De úteinlike ynstoarting fan it Romeinske Ryk om 400 hinne hie jammerdearlike gefolgen foar de Transsaharahannel, en fan gefolgen strûpte doe úteinlings ek it Garamantyske Ryk derûnder, dat it ommers fan dy hannel hawwe moast.

 
De fêsting en moskee fan Murzuk.

Yn 'e Iere Midsiuwen ferlear de Fezzan net inkeld syn kommersjele wichtigens, mar tagelyk in grut part fan syn befolking fanwegen de opkringende woastinisearring fan it gebiet. Yn 'e trettjinde en de fjirtjinde iuw hearde it suden fan 'e Fezzan ta it machtige Kanem-ryk, út 'e Sahel, en yn 'e santjinde iuw wreiden de Osmaanske hearskers fan Tripolitaanje en Syrenaika fanút it noarden har bewâld oer de regio út. Under it regear fan sultan Abdûlhamyd II (1876-1909) waard de Fezzan brûkt as ballingsoard foar politike dissidinten, mei't it de Osmaanske provinsje wie dy't it fierst fan Konstantinopel ôf lei.

 
Utsjoch op 'e oäze fan Al Fejeij.

Under de Italjaansk-Osmaanske Oarloch fan 1911-1912 waard de Fezzan beset troch Italjaanske troepen en neitiid formeel troch it Osmaanske Ryk oan Itaalje ôfstien, mar de posysje fan 'e Italjanen yn it gebiet wie yn elts gefal oant 1923 prekêr te neamen. It ferset tsjin harren waard fierd troch de Arabyske oanhingers fan 'e militante sûfistyske religieuze oarder fan 'e Sanusiya en troch de lânseigen Tûarek-stammen, dy't pas yn 'e twadde helte fan 'e tritiger jierren troch de Italjanen ûnderwurpen waarden.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard it wichtige stedsje Murzuk op 16 jannewaris 1943 ferovere troch Frije Frânske troepen, dy't dêrwei har besetting oer de hiele Fezzan útwreiden. Se fêstigen in regear yn Sabha, en bestjoerden it gebiet dêrnei oant 1951. De befolking (en ek de oare Alliëarden) hiene in skalk each op 'e bedoelings fan 'e Frânsen mei it gebiet; it distrikt fan Ghat waard fanút Frânsk Algerije bestjoerd, en der waarden risselwaasjes makke om 'e rest fan 'e Fezzan te yntegrearjen yn 'e koloanjes Frânsk West-Afrika (dêr't it tsjintwurdige Niger ta hearde) en/of Frânsk Ekwatoriaal Afrika (dêr't it hjoeddeiske Tsjaad ûnderdiel fan wie). De Britten stieken dêr lykwols in stokje foar, en yn 1951 kaam de hiele Fezzan by Lybje te hearren, dat doe in ûnôfhinklik keninkryk waard.

 
Strjitbyld út Sabha.

Binnen it keninkryk Lybje, en dêrnei ek noch in hoart, behold de Fezzan syn status fan provinsje, oant it Libyske steatsbestel yn 1963 yngeand reorganisearre waard en de provinsjes ferfongen waarden troch lytsere gûverneminten. Yn 'e Libyske Boargeroarloch fan 2011 bleau de Fezzan lange tiid in bolwurk fan 'e oanhingers fan diktator Muammar Kadaffi. Pas yn july fan dat jier krigen de opstannelingen der fêste foet oan 'e grûn. Yn 'e twadde helte fan septimber waard Sabha ynnommen.

De Fezzan is in tige tinbefolke gebiet, dêr't de oergrutte mearderheid fan 'e befolking gearklofte is yn oäzes dy't ferspraat lizze oer fral it noardlik diel fan 'e regio. Yn 2006 hie de Fezzan rom 442.000 ynwenners, wat delkomt op 7,8% fan 'e Libyske befolking (wylst it gebiet sa'n 30% fan it oerflak fan Lybje útmakket). Yn etnysk opsjoch is de Fezzaanske befolking ferdield yn ferskate groepen: yn it noarden Arabieren en lju fan mingd Arabysk-Berbersk komôf; yn it súdwesten de Tûareks en yn it súdeasten guon Tûbû.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.


  NODES
Note 1