Filantropy (fan it Grykske φιλανθρωπία, filanthropía) betsjut letterlik "leafde foar minsklikheid". Filantropen (lju dy't filantropy bedriuwe) jouwe dus om wat it is om in minske te wêzen, en besykje datselde gefoel yn oaren te fersoargjen, te ûntwikkeljen en fuort te sterkjen. Yn 'e measte gefallen dogge se dat troch finansjele of materiële stipe te ferlienen oan minsken dy't minder bedield binne, bgl. troch jongerein út earme fermiddens mei in stúdzjebeurs yn steat te stellen om ûnderwiis te folgjen dat oars foar sokken ûnberikber wêze soe, of troch op eigen kosten tehuzen sette te litten en te ûnderhâlden dêr't de earme âlderein komfortabel de libbensjûn trochbringe kin (wat foarhinne in protte foarkaam foar't de oerheid dy taak op him naam). Filantropy en goeddiedichheid oerlaapje inoar yn in protte, mar net alle gefallen. It ferskil is dat goeddiedichheid de symptomen fan sosjale problemen bestriidt, wylst filantropy de oarsaken fan sokke problemen út 'e wrâld helpe wol.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
os 3