Flagge fan Hallum
De flagge fan Hallum is de flagge fan it doarp Hallum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1995 registrearre.
It is in ûntwerp fan de pleatslike keunstner Ids Willemsma.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
In swarte broeking mei in lingte lyk oan 1/3 flaggelingte, de flecht besteande út sân like hege lingtebanen yn de reinbôgekleuren read, oranje, giel, grien, blau, indigo en fiolet.
De kleuren komme út it wapen fan Hallum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Kleuren: stie foar de "alles omfiemjend". De kleuren stiene ek foar de wrâld, de produkten dy't makke wurde yn Hallum giene de hiele wrâld oer.
- Sân banen: ferwizing nei de sân stjerren fan it wapen fan Ferwerderadiel.