Focus is an abstrakt strategysk boerdspul, fan Sid Sackson en yn 1963 útbrocht troch Kosmos. It spul is ûnder ferskate titels útkaam, lykas Domination en Dominio.

 
Begjinposysje for twa spilers

It boerd is 8 by 8, útsein de trije posysjes yn elts fan 'e hoeken. 2-4 spilers kinne om bar in stapel fan ien oant fiif stienen bewege, of in stien út har foarrie ynbringe op in leech fjild. In spiler kin allinnich dy stapels bewege dêr't de boppenste stien fan fan dy spiler is. Alle oare stienen yn 'e stapel binne fongen. Stapels kinne net dield wurde; gâns de stapel beweegt, en sa fier at de stapel heech is.

At in stapel op in oare telâne komt, dan wurdt de stapel dy beweegt òp de oare setten. At it risseltaat heger komt as fiif stienen, dan wurde der safolle fan de ûnderkant ôfhelle dat der wer fiif oerbliuwe. De stienen dy't sa fuorthelle wurde, binne no fan de spiler dy beweegt. Eigen stienen kin er wer yn syn foarrie weromlizze, fongen stienen, dy't net fan de spiler sels binne, bliuwe finzen oant de ein fan it spul.

Winstkondysje

bewurkje seksje

De lêste spiler dy't in set dwaan kin, is de winner.

Focus waard yn 1981 wurdeare as Spiel des Jahres.

  NODES