Fox News, offisjeel Fox News Channel, ôfkoarte ta FNC en ornaris bekend as Fox, is in Amerikaanske Ingelsktalige multynasjonale konservative nijsstjoerder, dy't útstjoerd oer de keabeltillefyzje en syn haadkertier yn New York hat. Hy is eigendom fan Fox News Media, dat op syn bar eigendom is fan de Fox Corporation. De stjoerder stjoert benammen fan syn studio oan 1211 Avenue of the Americas yn Midtown Manhattan út. Fox News wurdt ûntfongen yn 86 lannen en gebietsdielen.

Fox News Channel
medium tillefyzje
radio
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
oprjochte 1996
haadkertier New York (New York)
ûntfangstgeb. Feriene Steaten
Kanada
eigner Fox News Media
(Fox Corporation)
webside www.foxnews.com
Dizze side giet oer de rjochtse nijsstjoerder. Foar de algemiene Amerikaanske tillefyzjestjoerder, sjoch: Fox Broadcasting Company.

De stjoerder waard stifte troch de Australyske mediamagnaat Rupert Murdoch en wie ornearre foar in konservatyf publyk. De konservatyf Roger Ailes waard algemien direkteur. De stjoerder sette útein op 7 oktober 1996 en waard ûntfongen troch 17 miljoen keabelklanten. Oan de ein fan de 1990-er jierren en de 2000-er jierren woeks Fox News út ta it grutste nijsnetwurk yn de Feriene Steaten. Yn 2019 hie it in trochsneed 2,5 miljoen sjoggers. Hjoed-de-dei is Lachlan Murdoch de útfierend direkteur en Suzanne Scott de algemien direkteur.

Fox News wurdt sjoen as in rjochtse stjoerder dy't ferslach docht yn de geunst fan de Republikeinske Partij, syn politisy en de konservative beweging yn de Feriene Steaten, wylst it him negatyf útlit oer de Demokratyske Partij en progressive politisy. Fox News seit dat syn ferslachjouwing neutraal is en ûnôfhinklik fan de politike kommentatoaren is. Eardere wurknimmers hawwe lykwols oanjûn dat it nijsferslach ferdraaid waard yn de geunst fan de konservativen. Yn it tiidrek fan it regear fan presidint Donald Trump waard der waarnommen dat Fox News as in "sprekbuis" en "propaganda" foar it regear fan Trump tsjinne, en gelearden fûnen dat de stjoerder op in soarte fan steatsstjoerder like.

 
De studio's fan Fox News yn New York (2009)
 
Lannen dêr't Fox News ûntfongen wurdt

Yn maaie 1985 kocht News Corporation, it bedriuw fan 'e Australyske mediamagnaat Rupert Murdoch, in belang fan 50% yn TCF Holdings, de doetiidske memme-ûndernimming fan 'e Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox. Tagelyk skafte News Corporation foar de priis fan krapoan $2,6 miljard ek tillefyzjestasjons oan, dy't oant dy tiid ûnôfhinklik west hiene, yn seis Amerikaanske stêden: Chicago, Dallas, Houston, Los Angeles, New York en Washington, D.C.. Mei dy oankeapen en troch yn 'e rest fan 'e Feriene Steaten gebrûk te meitsjen fan "affiliates", in Amerikaanske term foar lokale tillefyzjestasjons dy't in formeel gearwurkingsferbân mei in grutter lanlik tillefyzjenetwurk hawwe, rjochte TCF Holdings op 9 oktober 1986 de Fox Broadcasting Company op. It wie de bedoeling Fox as fjirde netwurk operearje te litten yn in merk dy't doedestiden folslein behearske waard troch de "Grutte Trije" nasjonale tillefyzjenetwurken: ABC, CBS en NBC.

Foar it stiftsjen fan Fox News krige Murdoch ûnderfining, doe't de dochterûndernimming fan News Corporation, British Sky Broadcasting, mei de earste nijsstjoerder fan Jeropa dy't 24 oeren de dei útstjoert, Sky News, yn 1989 úteinsette. Mei it sukses fan syn fjirde netwurk yn de Feriene Steaten en de ûnderfining dy't er krigen hat mei Sky News, makke Murdoch op 31 jannewaris 1996 buorkundich dat News Corporation mei in nijsstjoerder dy't 24 oeren de dei útstjoert oer de keabel en satellyt yn de Feriene Steaten.

Yn febrewaris 1996 waard Roger Ailes, dy't earder in polityk strateech fan de Republikeinske Partij en direkteur fan NBC wie, troch Murdoch frege om mei Fox News út ein te setten. Dêrmei einige Ailes syn posysje by keabelstjoerder America's Talking, no MSNBC.

Doe't de stjoerder op 7 oktober 1996 úteinsette, koene 17 miljoen húshâldens de stjoerder ûntfange, mar it waard lykwols noch net yn de twa grutste mediamerken fan de Feriene Steaten, New York en Los Angeles, ûntfongen. Nijsberjochten waarden oer de hiele dei hinne útstjoerd, dy't út segminten fan 20 minuten, lykas Fox on Crime en Fox on Politics, bestiene dy't elts ien ûnderwerp behannelen. Ek waarden der gasten útnoege yn de programma's. It haadprogramma wie The Schneider Report mei Mike Schneider, dy't it nijs fluch foarlêsde. Jûns waarden der opinyprogramma's útstjoerd, sa as The O'Reilly Report, letter The O'Reilly Factor, mei Bill O'Reilly, The Crier Report, mei Catherine Crier, en Hannity & Colmes mei Sean Hannity en Alan Colmes.

Fan it begjin ôf oan hat FNC de neidruk lein op in fisuële presintaasje. It byld moast der kleurryk útsjen en it omtinken fan de sjogger lûke. Sa koe de sjogger sels sûnder lûd sjen wat de wichtichste punten wiene dêr't oer praat waarden. Fox News begûn ek mei de Fox News Alert, dêr't reguliere programma's ûnderbrutsen waarden, wannear't der breaking news wie.

Om syn ûntfangst troch keabelbedriuwen te ferhastigjen bea Fox News sokke bedriuwen $ 11 de klant oan. Dat wie yn tsjinstelling wat der ornaris dien waard, dêr't keabelbedriuwen stjoerders betellen. Doe't Time Warner Ted Turner syn Turner Broadcasting System (TBS) kocht, ferplichte in federaal meitingrjochtbeslút harren, njonken harren eigen nijsstjoerder CNN, in twadde nijsstjoerder yn harren oanbieding te nimmen. Time Warner keas MSNBC as in twadde stjoerder, ta argewaasje fan Fox News. Dy miende dat it it meitingrjochtbeslút oertrêde. Om harren haadkantoar en studio yn New York te hâlden, frege News Corporation de help fan de republikeinske boargemaster Rudy Giuliani en syn gemeentebestjoer om druk op Time Warner, dy't ien fan de twa keabeleksploitanten yn de stêd wie, út te oefenjen om Fox News yn de stêd útstjoere te litten. It gemeentebestjoer oefene druk út op Time Warner om Fox News op te nimmen of oars waarden der besluten makke dy't ynfloed hiene op dochterûndernimmings fan Time Warner dy't yn de stêd útstjoere.

By de oanslaggen op 11 septimber 2001 wie Fox News de earste nijsstjoerder dy't gebrûk makke fan in rinnende nijsbalke ûnder oan op it byld. Sa kinne sjoggers by bliuwe en ekstra nijs ûntfange, sels as der gjin útstjoertiid oan jûn waard. Dy nijsbalke waard tige populêr en is dan neitiids ek net fan it byld ferdwûn.

Fox News wurdt hjoed-de-dei yn likernôch 85 miljoen Amerikaanske húshâldens ûntfongen en wurdt deistich besjoen troch in trochsneed fan 2 miljoen sjoggers. Neffens it Amerikaanske ûndersyksburo Nielsen ratings waard Fox News yn maaie 2010 de nijsstjoerder dy't it meast besjoen waard yn de Feriene Steaten, foar MSNBC en CNN, dy't respektivelik op de twadde en tredde plak kamen.

Fan 2015 ôf waard Fox News de keabelstjoerder yn it algemien dy't it meast besjoen waard, mei yn 2019 in trochsneed fan 1,4 miljoen sjoggers, en yn de haadstjoertiid (8 oant 11 oere jûns) 2,5 miljoen sjoggers, mei as útsjitter it programma Hannity mei 3,3 miljoen sjoggers. Konkurrinten MSNBC en CNN hiene respektivelik yn de haadstjoertiid mar 1,3 en 0,65 miljoen sjoggers.

Ne't Donald Trump yn novimber 2020 de Amerikaanske presidintsferkiezings ferlern hat makken guon presintators fan Fox News, lykas Jeanine Pirro en Lou Dobbs en Maria Bartiromo op susterstjoerder Fox Business, de falske beskuldigings dat de stimmasinebedriuwen Dominion Voting Systems en Smartmatic mei opsetsin de ferkiezings yn it neidiel fan Trump steld hiene. De twa bedriuwen easken dat Fox News dy beskuldigings weromlûke soe, itjinge Fox News wegere. Smartmatic en Dominion dagen Fox News dêrop yn febrewaris en maart 2021 respektyflik foar it gerjocht. Nei't oan it ljocht kaam dat yn tekstberjochten tusken ferskate meiwurkers en presintators fan Fox News dat se persoanlik net leauden dat Trump de ferkiezings wûn hie, die Fox News in skikking fan $787,5 miljoen mei Dominion en ferklearren de beskuldigings fan Dominion falsk te wêzen.

Politike kleur

bewurkje seksje

De ferslachjouwing by Fox News wurdt beskreaun as geunstich foar de Republikeinske Partij, republikeinske politisy en de konservative beweging yn de Feriene Steaten, wylst de Demokratyske Partij en progressive politisy yn in negatyf deiljocht set wurde. Benammen de regearen fan presidinten George W. Bush en Donald Trump waarden ophimele wylst dy fan Bill Clinton en Barack Obama algeduerigen ôfkreake waarden. Kritisy hawwe warskôge dat Fox News it nijs yn it algemien skeine kin. Lju fan Fox News hawwe oanjûn dat it nijsferslach ûnôfhinklik operearret fan syn opiny en kommentaarprogramma's, wylst âld-wurklju sein hiene dat Fox News it nijsferslach ferdraaid ta de geunst fan konservativen. Yn it tiidrek fan it regear fan Donald Trump waard der waarnommen dat Fox News suver as in "sprekbuis" en "propaganda" foar Trump tsjinne, dêr't ien presidintlike gelearde fan sein hie: "Wy binne no it tichtste by steatstillefyzje ea oankommen".

Doe't de Fairness Doctrine, dêr't omroppers by ferplichte waarden om alle kanten fan in kontroversjeel ûnderwerp te beljochtsjen, yn 1987 opheft waard, hoegden omroppers net mear objektyf te wêzen. Dat wurke benammen ta foardiel fan konservative media. Konservatyf kommentator Rush Limbaugh, dy't regelmjittich op Fox News ferskynde, sette yn 1988 mei syn radiopraatprogramma útein, dêr't er allegear gearspanningsteoryen de loft ynsmiet. Doe't Fox News yn 1996 úteinsette, folgen der mear kommentatoaren dy't dat ek diene.

 
Nijsromte yn de studio fan Fox News

Fox News hat in ferkaat oan programma's, dy't oant 15 oere de dei streekrjocht útstjoere, njonken programma's ornearre foar de Fox Broadcasting Company. De measte programma's wurde útstjoerd fan de haadkertier oan 1211 Avenue of the Americas yn New York ôf, yn syn studio oan Sixth Avenue yn de westwjuk fan Rockefeller Center, dy't syn haadkertier dielt mei susterstjoerder Fox Business Network. Fox News hat acht studio's yn syn haadkertier yn New York dy't brûkt wurde fan syn programma's en dy fan Fox Business Network: Studio B, foar Fox Business; Studio D, dy't romte foar publyk hat en dêr't de Greg Gutfeld Show en Fox & Friends First útstjoerd wurde; Studio F, dêr't The Story with Martha MacCallum, The Five, America's Election Headquarters, Outnumbered, Outnumbered Overtime, America's News HQ en Justice with Judge Jeanine útstjoerd wurde; Studio G, dêrt' programma's fan Fox Business útstjoerd wurde; Studio H of Fox News Deck, dêr't Shepard Smith Reporting en wichtich nijs (breaking news) fan útstjoerd wurde; Studio J, dêr't America's Newsroom en Hannity útstjoerd wurde.

De oare programma's, lykas Tucker Carlson Tonight, Special Report with Bret Baier, The Ingraham Angle, Fox News @ Night en parten fan America's News HQ wurde útstjoerd fan de studio fan Fox News yn Washington D.C.

Mei it groeien fan Fox News, waard de stjoerder yn 2003 útwreide mei in radio-ûnderdiel, Fox News Radio.

Fox News brûkte ynearsten it biidwurd Fair and Balanced (earlik en lykwichtich) dat troch Roger Ailes betocht waard, mar yn augustus 2016 begûn de stjoerder it biedwurd Most Watched, Most Trusted (it measte sjoen, it measte betroud) stadichoan mear te brûken. Yn maart 2018 waard úteinset mei de kampanjesin Real News. Real Honest Opinion (wier nijs, wiere earlike miening) om syn opinyprogramma's in skot yn de rêch te jaan om waarnimming fan ferrifele nijs tsjin te gean. Yn mid-novimber 2020, justjes foar de presidintsferkiezings begûn Fox News it biedwurd Standing Up For What's Right (opstean foar itjinge dat rjocht/earlik is).

Seksuële yntimidaasje

bewurkje seksje

Fox News waard ferskate kearen beskuldige fan it tastean fan seksuële yntimidaasje en rasistyske útspraken troch programmamakkers, direkteuren en wurklju en dy't miljoenen dollars útbetellen oan skikkings. Foaroansteande figueren lykas Roger Ailes, Bill O'Reilly en Eric Bolling krigen dien nei't ferskate froulju harren dêrfan beskuldige hiene fanwegen seksuële yntimidaasje. Op syn minst fjouwer oanklachten beskuldigen meidirekteur Bill Shine derfan dat er Roger Ailes syn seksuëele yntimidaasjes negearre, yn steat steld hie, en fuortwurke hie. Rupert Murdoch, de algemien direkteur fan Fox News fersmiet dy beskuldigings en spekulearre dat dy beskuldigings dien waarden om't "wy konservativen binne". Roger Ailes stapte op nei beskuldigings fan presentators Megyn Kelly en Gretchen Carlson. Mei Carlson die er in skikking fan $ 20 miljoen.

Bill O'Reilly en Fox News hawwe seis skikkings dien, dy't goed $ 45 miljoen befetten, mei froulju dy't him fan seksuële yntimidaasje beskuldigen. Yn jannewaris 2017, krekt nei't Bill O'Reilly in skikking fan $ 32 miljoen dien hie, fernijde Fox News syn kontrakt mei him. Fox News syn memme-ûndernimming 21st Century Fox sei dat se op de hichte fan de rjochtsaak wiene. It kontrakt tusken O'Reilly en Fox News sei, dat er net dien krije koe fan it netwurk of it moat wêze dat de beskuldings bewiisd binne yn de rjochtbank. Bill O'Reilly naam dêrnei likegoed noch dien.

Fox News syn wiidweidige ferslachjouwing oer it seksskandaal fan Harvey Weinstein yn oktober 2017 waard sjoen as skynhillich. Fox News bestege wol 12 oeren oan Weinstein, wylst er net mear as 20 minuten oan Bill O'Reilly bestege.

Programmearring en ferslachjouwers

bewurkje seksje

Fox News stjoert 24 oere de dei nijs út. De stjoerder beskikt oer in programmearring dy't te ferlykjen is mei dy fan CNN en MSNBC.

Programmearring

bewurkje seksje

Yn de wykein is de programmearring oars. Dêr wurde programma's útstjoerd lykas America's News HQ, One nation with Brian Kilmeade, Life, Liberty & Levin en Fox News Sunday.

Programma's dy't net mear útstjoerd wurde

bewurkje seksje

Presintators

bewurkje seksje

Yn dizze list wurde de hjoeddeiske en eardere presintators neamd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, noaten en referinsjes, sjoch References en Further Reading op dizze side.


  NODES