Fragmint 16 (gedicht fan Sapfo)

Fragmint 16 is ien fan 'e langste en meast folslein oerlevere dichterlike tekstfragminten fan 'e lyrysk dichteresse Sapfo fan Lesbos620570 f.Kr.), dy't as ien fan 'e grutste dichters fan 'e Grykske Aldheid beskôge wurdt. It grutste part fan har oeuvre hat de tiid en fral willensmoedse ferneatiging net trochstien, en ûnder de mear as twahûndert oerlevere fragminten binne mar trije min ofte mear folsleine gedichten. Fragmint 16, ek wol bekend as It Moaiste op 'e Swarte Ierde, is dêr ien fan. It wie, krekt as al Sapfo har wurk, oarspronklik skreaun yn it (frij obskuere) Eoalyske dialekt fan it Aldgryksk, dat û.m. op Sapfo har thúseilân Lesbos, yn 'e Egeyske See, sprutsen waard (wylst it meastepart fan 'e Aldgryskske literatuer yn it Attysk, it dialekt fan Atene skreaun is). De lêste iuw hawwe withoefolle hjoeddeiske dichters besocht om Fragmint 16 te rekonstruëarjen troch de lege plakken op te foljen. In Fryske (rekonstruëarre) oersetting ferskynde yn 1991 fan 'e hân fan Klaas Bruinsma.

Fragmint 16
algemiene gegevens
oarspr. titel ?
auteur Sapfo fan Lesbos
taal Aldgryksk (Eoalysk)
foarm poëzij
sjenre lyrysk gedicht
skreaun ±600570 f.Kr.
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Moaiste op 'e Swarte Ierde
publikaasje 1991, yn iP2r90
oersetter Klaas Bruinsma

In net-dichterlike, net rekonstruëarre werjefte fan Fragmint 16 op grûn fan 'e Ingelske oersetting fan Anne Carson. In ellips (…) jout in wurd of wurden of in sin oan dy't ûntbrekt fanwegen de skansearring fan it paryrusfragmint wêrop't it gedicht oerlevere is.

Guon manlju sizze in leger fan hynstefolk en guon manlju sizze in leger fan fuotfolk
En guon manlju sizze in leger fan skippen is it moaiste
Op dizze swarte ierde. Mar ik sis it is
… dêr't je fan hâlde.
Maklikernôch om dat in elk oan it ferstân te bringen.
Want sy dy't eltsenien oertrof
Op it mêd fan 'e skientme, Helena,
Liet har skoandere man
Efter en gie skip nei Troaje.
Hja tocht net oan har bern, noch
Oan har âlden dy't weiwiene, nee
… brocht har op 'e doele

… want
… foarsichtich
… brocht my Anaktoaria wer yn 't sin
Dy't wei is.
 
In Romeinske kopy fan 'e saneamde Sapfo-herme (Grykske grinsstien) út de fyfde iuw f.Kr.
Ik soe har leaflik stappen
En it ferskowen fan it ljocht oer har antlit
Leaver sjen as de striidweinen fan 'e Lydiërs of rangen
Fan fuotfolk yn wapenris.
… net mooglik dat it barre sil
… te bidden om in part

Nei …
Ut it ûnferwachtse wei.

Dit gedicht biedt in froulik perspektyf (seldsum yn 'e literatuer út 'e Aldheid) op wat skientme is. Dêrby makket it gebrûk fan in ferliking mei immen út Sapfo har eigen tiid dy't ús tsjintwurdich ûnbekend is, in Anaktoaria, mar ek mei it wolbekende personaazje út 'e Grykske mytology, Helena fan Troaje, wa har rom oft beholden bleaun is yn it wurk fan Homêros en oaren. Hoewol't it gjin direkte werfertelling út Homêros syn epos is, bliuwt it gedicht der dochs deun by en imitearret Sapfo hjir Homêros syn ferteltematyk en dichterlike styl. Dêrby jout se stim oan in personaazje dat by him op it mêd fan karakterûntjouwing beslist oan 't krapperein kommen is. Men soe sizze kinne dat Fragmint 16 it froulike antwurd is op it manlike ideaal fan skientme dat Homêros ta útdrukking bringt yn 'e Ilias.

Homêros sjocht heldhaftigens op it slachfjild nammentlik as in folle wichtiger boarne fan skientme as de leafde, wylst de langstme nei de leafde troch Sapfo har gedicht hinne wjergalmet. Dêrnjonken wurdt teffens de klam lein op 'e wichtigens fan 'e miening fan it yndividu foar dy fan 'e mienskip of de hiele maatskippij oer. Hiel dúdlik toant Fragmint 16 de prioriteiten fan froulju ûnder in oarloch, wêrby't de dichteresse ferwiist nei de macht fan it ryk Lydje (yn it tichtebye Lyts-Aazje), dat yn har tiid de hiele eastlike Egeyske regio bedrige. Sapfo stelt, oars as Homêros, de skientme fan it yndividu boppe de skientme fan it kriichsgeweld en jout dêrmei in set noarmen en wearden dy't ôfwike fan 'e troch manlju oerhearske maatskiplike standert fan har tiid.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan Fragmint 16 ferskynde yn 1991 fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske oersettings fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Hy joech it de titel It Moaiste op 'e Swarte Ierde mei, dat in ferfrysking is fan 'e namme dy't tradisjoneel oan dit gedicht jûn wurdt en basearre is op in sin út 'e tekst. De fertaling waard publisearre yn it febrewarisnûmer fan it tydskrift iP2r90 Rendez-Vous Literêr! – Frysk Polemysk Tydskrift.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sapfo fan Lesbos, It Moaiste op 'e Swarte Ierde (oers. Klaas Bruinsma), yn: iP2r90 Rendez-Vous Literêr! – Frysk Polemysk Tydskrift, jiergong 1991, ôfl. 2 (febrewaris), s. 5.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
Idea 1
idea 1
mac 1
os 12