Friedrich von Hayek
Friedrich August (oant 1919 von) Hayek (Wenen, 8 maaie 1899 – Freiburg im Breisgau, 23 maart 1992) wie in Eastenryksk ekonoom en polityk filosoof, foarfjochter fan it frijemerk kapitalisme, en Nobelpriiswinner yn 1974 mei ideologysk opponint Gunnar Myrdal.
Neast de priis fan de Sweedske ryksbank foar ekonomy ta neitins oan Alfred Nobel yn 1974 (better bekend as de Nobelpriis foar de Ekonomy) krige F.A. Hayek yn 1991 de Amerikaanske Medal of Freedom, útrikt troch destiidsk presidint George H.W. Bush.
Syn ekonomysk wurk spitst him op yn útiensettings oer hoe in merk troch priisfoarming ynformaasje oan har dielnimmers jout en hoe't planekonomyen dizze ynformaasjefersprieding behinderje. Alhoewol't Hayek rekkene wurdt ta de Eastenrykske Skoalle, binne der neist wichtige punten ek ferskillen mei bygelyks syn learaar Ludwig von Mises. Yn syn filosofyske wurken rekke Hayek op ferskillende punten it werk fan syn freon Karl Popper.
Bibliografy (karút)
bewurkje seksje- Monetary Theory and the Trade Cycle, 1929.
- Prices and Production, 1931.
- Reflections on the Pure Theory of Money of Mr. J. M. Keynes , Part One first published in Economica, No. 33. (aug., 1931).
- Reflections on the Pure Theory of Money of Mr. J. M. Keynes, Part Two first published in Economica, No. 35. (feb., 1932).
- Profits, Interest and Investment, 1939.
- The Road to Serfdom, 1944.
- Individualism and Economic Order, 1948.
- The Counter-Revolution of Science, 1952.
- The Constitution of Liberty, 1960.
- Law, Legislation and Liberty (3 dielen)
- Rules and Order, 1973
- The Mirage of Social Justice, 1976
- The Political Order of a Free People, 1979
- The Fatal Conceit: The Errors of Socialism, 1988