In gangbang is in foarm fan frijwillige seksuële omgong tusken mear as trije minsken, wêrby't ien dejinge is dêr't it allegear om draait. Yn 'e regel is dy iene persoan in frou, en bedriuwt sy seks mei trije of mear manlju. As it om homoseksuele omgong giet, is de sintrale persoan fansels in man.

In gangbang, tekene troch Martin van Maele.

Foar in man dy't seks hat mei in groep froulju wurdt de term gangbang komselden of nea brûkt. In groepke fan ien frou en twa manlju (of twa froulju en ien man) dy't seksuële omgong hawwe, is likemin in gangbang, mar wurdt ynstee in triootsje neamd. It ferskil tusken groepseks en in gangbang is dat der by groepseks gjin sintrale persoan is dêr't it hiele spul om draait.

By in gangbang giet it fierders net sasear om in rige seksuële hannelings tusken de frou en de iene man nei de oare, mar mear om lyktidige hannelings tusken de frou en alle (of yn elts gefal ûnderskate) manlju op itselde stuit. Dêrby kinne bgl. tagelyk orale en faginale seks bedreaun wurde, of orale en anale seks, of dûbele penetraasje.

As de gangbang spesifyk organisearre mei as doel om te einigjen yn it (hast) lyktidige ejakulearjen fan alle manlike dielnimmers op 'e frou (of de sintrale man), dan is de Japanske term bukkake derop fan tapassing.

Hoewol't it wurd gangbang fan oarsprong in sprektaalterm foar groepsferkrêfting wie, is it meitiid fan betsjutting feroare en hat it de konnotaasjes fan ûnfrijwillige of twongen seksuële omgong alhiel ôfsmiten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES