It geosintrisme is de lear fan Aristoteles en hâldt yn dat de ierde it sintrum fan it universum is. It geosintrysk wrâldbyld wie eartiidsk yn de klassike âldheid en midsiuwen yn swang. Letter waard kaam it heliosintrisme fan Kopernikus dêrfoar yn 'e plak, dat de sinne as it sintrum fan ús sinnestelsel stelt.

Geosintrysk model fan de kosmos út Peter Apian's Cosmographia, Antwerp 1539

Suver wittenskiplik besjoen, falt der net te kiezen tusken de beide modellen, omdat der gjin stabyl referinsjepunt yn it universum te definearjen falt. Besjoen fanút de klassike meganika, dy't útgiet fan in absolút referinsjestelsel, draaie sinne en ierde om harren mienskiplike swiertepunt. Dit sit lykwol al yn de sinne, op 600 km fan syn mulpunt, sadat sein wurde kin dat it heliosintrisme korrekter is as it geosintrisme. Oare problemen mei it geosintrisme binne dat it betsjut dat alle planeten in frjemde hinne-ende-wergeande baan ôflizze (yn it heliosintryske model binne dit kreaze ellipsen), en dat it ljocht dat fan fiere stjeren nei ús ûnderweis is, elts healjier 300 miljoen km dwers op de ljochtrjochting ferskoot, om in heal jier letter wer werom op de âlde posysje te wêzen. Soks is yn striid mei de spesjale relativiteitsteory, dy't seit dat ljocht yn rjochte linen mei in konstante snelheidd beweecht. At wy sokke frjemde bewegingspatroanen net oannimme wolle, moatte wy konkludearje dat de ierde om de sinne hinne beweecht.

It geosintrisme fan Nietzsche

bewurkje seksje

Ien fan de grutste moderne filosofen, Friedrich Nietzsche (1844-1900), sprúts him fûl út foar it geosintrisme. Yn paragraaf 12 fan syn boek Foarby goed en kwea skriuwt hy:

"Want wylst Kopernikus ús der ta oerhelle hat te leauwen, tsjin alle sintugen yn,
dat de ierde net 'fêst stiet', learde Boscovich ús, it leauwe oan it
lêste wat omtrint de ierde 'fêststie' ôf te swarren: it leauwe oan de 'stof',
de 'matearje', it ierdresidu- en partikel-atoom: it wie de grutste triomf
oer de sintugen dy't ús oant safier op ierde befochten is."

Nietzsche is lykwols in filosoof, en dizze paragraaf moat dan ek net yn in natuerwittenskiplike kontekst lêzen wurde.

Tsjintwurdich is der algemiene konsensus oer it geosintristyske model: it is net wier.

  NODES