Gert-Jan Veenstra

Gert-Jan Veenstra (Warkum, 11 april 1957) is in byldzjend keunstner út de stêd Snits mei in eftergrûn yn de reklame as tekener, ûntwerper en yllustrator.

Gert-Jan groeide op yn Wytmarsum en tekene al fan jongs ôf oan. It sykjen nei de goede kleur en ljochtfal binne tige wichtich foar him. Yn syn realistysk wurk spylje lânskippen mei wolken, stedsgesichten en seetaferielen in grutte rol. De tiid liket dan faak stil te stean. Veenstra wurket meastentiids tige detaillearre ôfbylding en besiket syn ynterpretaasje fan de ûnderwerpen te jaan.

Eksposysjes fan syn wurken wienen û.o. te sjen yn Schoorl, Offenwier', by it Sudergemaal en yn de stêd Grins. Yn 2009 is Gertjan Veenstra 25 jier aktyf as selsstannich byldzjend keunstner. Der komt dan by syn oersjochtentoanstelling ek in boekje mei ynformaasje oer him út.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES