Gouden Palm

(Trochferwiisd fan Gouden Earepalm)

De Gouden Palm (Frânsk: Palme d'Or) is in wichtige Frânske priis op it mêd fan ynternasjonale films, dy't útrikt wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. It is de heechste priis fan dat filmfestival. De Gouden Palm waard yn 1955 foar it earst útrikt, op 'e sânde edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Foartiid, fan 1946 ôf, en ek fan 1964 oant en mei 1974, waard ynstee de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival (Frânsk: Grand Prix du Festival International du Film) útrikt. De Gouden Palm bestiet út in gouden palmblêd, it symboal fan Cannes, dat ek prominint op it wapen en de flagge fan dy stêd stiet. De winner fan 'e Gouden Palm wurdt útornearre troch in faksjuery dy't gearstald wurdt troch de organisaasje fan it filmfestival. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes wurde út en troch ek inkele oare 'Palmprizen' ferjûn: de Palm der Palmen, de Gouden Earepalm en de Spesjale Gouden Palm.

Gouden Palm
Palme d'Or
algemiene ynformaasje
hist. namme Grutte Priis fan it
   Ynternasjonaal Filmfestival
nasjonaliteit Frânsk
útrikt foar bêste film
útrikt troch Ynternasj. Filmfestival fan Cannes
frekwinsje 1x jiers
datum maaie
plak Cannes (Frankryk)
ynsteld 1955
1e útrikking 1955
offisjele webside
www.festival-cannes.com
jier lân titel (ynternasjonale titel) regisseur
1939: mei weromwurkjende krêft takend yn 2002 as de Gouden Palm
1939*   Feriene Steaten Union Pacific Cecil B. DeMille
1946 – 1954: útrikt as de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival
1946   Feriene Keninkryk Brief Encounter David Lean
  Sweden Hets (Torment) Alf Sjöberg
   Switserlân Die Letzte Chance (The Last Chance) Leopold Lindtberg
  Feriene Steaten The Lost Weekend Billy Wilder
  Meksiko María Candelaria (Portrait of Maria) Emilio Fernández
  Tsjechoslowakije Muži bez Křídel (Men Without Wings) František Čáp
  Britsk-Ynje Neecha Nagar Chetan Anand
   Denemark De Røde Enge ( The Red Meadows) Bodil Ipsen
Lau Lauritzen jr.
  Itaalje Roma, Città Aperta (Rome, Open City) Roberto Rossellini
  Frankryk La Symphonie Pastorale (Pastoral Symphony) Jean Delannoy
  Sovjet-Uny Velikij Perelom (The Turning Point) Fridrich Ermler
1947 net útrikt
1948 it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes gie oer fanwegen finansjele swierrichheden
1949   Feriene Keninkryk The Third Man Carol Reed
1950 it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes gie oer fanwegen finansjele swierrichheden
1951   Sweden Fröken Julie (Miss Julie) Alf Sjöberg
  Itaalje Miracolo a Milano (Miracle in Milan) Vittorio De Sica
1952   Itaalje Due Soldi di Speranza (Two Cents Worth of Hope) Renato Castellani
  Feriene Steaten Othello Orson Welles
1953   Frankryk
  Itaalje
Le Salaire de la Peur (The Wages of Fear) Henri-Georges Clouzot
1954   Japan Jigoku-mon (Gate of Hell) Teinosuke Kinugasa
1955 – 1963: útrikt as de Gouden Palm
1955   Feriene Steaten Marty Delbert Mann
1956   Frankryk Le Monde du Silence (The Silent World) Jacques Cousteau
Louis Malle
1957   Feriene Steaten Friendly Persuasion William Wyler
1958   Sovjet-Uny Letjat Zjoeravli (The Cranes Are Flying) Michail Kalatozov
1959   Brazylje
  Frankryk
  Itaalje
Orfeu Negro (Black Orpheus) Marcel Camus
1960   Itaalje
  Frankryk
La Dolce Vita (The Sweet Life) Federico Fellini
1961   Frankryk Une Aussi Longue Absence (The Long Absence) Henri Colpi
  Meksiko
  Spanje
Viridiana Luis Buñuel
1962   Brazylje O Pagador de Promessas (Keeper of Promises) Anselmo Duarte
1963   Itaalje Il Gattopardo (The Leopard) Luchino Visconti
1964 – 1974: útrikt as de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival
1964   Frankryk
  West-Dútslân
Les Parapluies de Cherbourg (The Umbrellas of Cherbourg) Jacques Demy
1965   Feriene Keninkryk The Knack ...and How to Get It Richard Lester
1966   Frankryk Un Homme et une Femme (A Man and a Woman) Claude Lelouch
  Itaalje
  Frankryk
Signore e Signori (The Birds, the Bees and the Italians) Pietro Germi
1967   Feriene Keninkryk
  Feriene Steaten
  Itaalje
Blowup Michelangelo Antonioni
1968 net útrikt fanwegen de Maaieprotesten yn Frankryk
1969   Feriene Keninkryk If... Lindsay Anderson
1970   Feriene Steaten M*A*S*H Robert Altman
1971   Feriene Keninkryk The Go-Between Joseph Losey
1972   Itaalje La Classe Operaia Va in Paradiso (The Working Class Goes to Heaven) Elio Petri
  Itaalje Il Caso Mattei (The Mattei Affair) Francesco Rosi
1973   Feriene Keninkryk The Hireling Alan Bridges
  Feriene Steaten Scarecrow Jerry Schatzberg
1974   Feriene Steaten The Conversation Francis Ford Coppola
1975 – no: útrikt as de Gouden Palm
1975   Algerije Chronique des Années de Braise (Chronicle of the Years of Fire) Mohammed Lachdar-Hamina
1976   Feriene Steaten Taxi Driver Martin Scorsese
1977   Itaalje Padre Padrone Paolo en Vittorio Taviani
1978   Itaalje L'Albero degli Zoccoli (The Tree of Wooden Clogs) Ermanno Olmi
1979   Feriene Steaten Apocalypse Now Francis Ford Coppola
  West-Dútslân
  Poalen
  Frankryk
Die Blechtrommel (The Tin Drum) Volker Schlöndorff
1980   Feriene Steaten All That Jazz Bob Fosse
  Japan Kagemusha Akira Kurosawa
1981   Poalen Człowiek z Żelaza (Man of Iron) Andrzej Wajda
1982   Turkije Yol (The Way) Yılmaz Güney
Şerif Gören
  Feriene Steaten Missing Costa-Gavras
1983   Japan Narayama Bushikō (The Ballad of Narayama) Shohei Imamura
1984   West-Dútslân
  Frankryk
  Feriene Keninkryk
  Feriene Steaten
Paris, Texas Wim Wenders
1985   Joegoslaavje Otats na Službenom Putu (When Father Was Away on Business) Emir Kusturica
1986   Feriene Keninkryk The Mission Roland Joffé
1987   Frankryk Sous le Soleil de Satan (Under the Sun of Satan) Maurice Pialat
1988    Denemark
|   Sweden
Pelle Erobreren (Pelle the Conqueror) Bille August
1989   Feriene Steaten Sex, Lies, and Videotape Steven Soderbergh
1990   Feriene Steaten Wild at Heart David Lynch
1991   Feriene Steaten Barton Fink Joel en Ethan Coen
1992   Sweden Den Goda Viljan (The Best Intentions) Bille August
1993   Sina Bàwáng Bié Jī (Farewell My Concubine) Chen Kaige
  Nij-Seelân
  Austraalje
  Frankryk
The Piano Jane Campion
1994   Feriene Steaten Pulp Fiction Quentin Tarantino
1995   Joegoslaavje
  Dútslân
  Frankryk
  Tsjechje
  Bulgarije
Podzemlje (Underground) Emir Kusturica
1996   Feriene Keninkryk
  Frankryk
Secrets & Lies Mike Leigh
1997   Iraan Ta'm-e Gīlās (Taste of Cherry) Abbas Kiarostami
  Japan Unagi (The Eel) Shohei Imamura
1998   Grikelân Mia Aioniótita kai Mia Méra (Eternity and a Day) Theodoros Angelopoulos
1999   Belgje
  Frankryk
Rosetta Jean-Pierre en Luc Dardenne
2000    Denemark Dancer in the Dark Lars von Trier
2001   Itaalje La Stanza del Figlio (The Son's Room) Nanni Moretti
2002   Frankryk
  Dútslân
  Poalen
  Feriene Keninkryk
The Pianist Roman Polanski
2003   Feriene Steaten Elephant Gus Van Sant
2004   Feriene Steaten Fahrenheit 9/11 Michael Moore
2005   Belgje L'Enfant (The Child) Jean-Pierre en Luc Dardenne
2006   Ierlân
  Feriene Keninkryk
  Dútslân
  Itaalje
  Spanje
  Frankryk
  Belgje
   Switserlân
The Wind That Shakes the Barley Ken Loach
2007   Roemeenje 4 Luni, 3 Săptămâni şi 2 Zile (4 Months, 3 Weeks and 2 Days) Cristian Mungiu
2008   Frankryk Entre les Murs (The Class) Laurent Cantet
2009   Eastenryk
  Frankryk
  Dútslân
  Itaalje
Das weiße Band, Eine deutsche Kindergeschichte (The White Ribbon) Michael Haneke
2010   Tailân Lung Bunmi Raluek Chat (Uncle Boonmee Who Can Recall His Past Lives) Apichatpong Weerasethakul
2011   Feriene Steaten The Tree of Life Terrence Malick
2012   Frankryk
  Eastenryk
  Dútslân
Amour (Love) Michael Haneke
2013   Frankryk
  Belgje
  Spanje
La Vie d'Adèle: Chapitres 1 et 2 (Blue Is the Warmest Colour)
(yn dit gefal waard de Gouden Palm foar it earst ek takend oan 'e
beide haadrolspylsters: Adèle Exarchopoulos en Léa Seydoux)
Abdellatif Kechiche
2014   Turkije Kış Uykusu (Winter Sleep) Nuri Bilge Ceylan
2015   Frankryk Dheepan Jacques Audiard
2016   Feriene Keninkryk
  Frankryk
I, Daniel Blake Ken Loach
2017   Sweden
  Dútslân
  Frankryk
   Denemark
The Square Ruben Östlund
2018   Japan Manbiki Kazoku (Shoplifters) Hirokazu Kore-eda
2019   Súd-Koreä Gisaengchung (Parasite) Bong Joon-ho

*) De Gouden Palm foar Union Pacific waard mei weromwurkjende krêft takend yn 2002. Yn 'e hjerst fan 1939 soe de earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes holden wurde, mar dat gie oer fanwegen it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Pas yn 1946 waard sadwaande wier de earste edysje fan it filmfestival holden.

Palm der Palmen

bewurkje seksje

Yn 1997, doe't it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fyftich jier bestie, waard foar de earste en oant no (2020) ta iennichste kear de Palm der Palmen (Frânsk: Palme des Palmes) útrikt:

jier lân winner berop
1997   Sweden Ingmar Bergman regisseur, senarioskriuwer

Gouden Earepalm

bewurkje seksje

Yn 2002 begûn it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes dermei om op sporadyske basis in oeuvrepriis ta te kennen, de Gouden Earepalm (Frânsk: Palme d'Or Honoraire), oan tige foaroansteande regisseurs en akteurs dy't lykwols noch nea in 'gewoane' Gouden Palm wûn hiene.

jier lân winner berop
2002   Feriene Steaten Woody Allen regisseur, akteur, senarioskriuwer
2003   Frankryk Jeanne Moreau aktrise
2005   Frankryk Catherine Deneuve aktrise
2007   Feriene Steaten Jane Fonda aktrise, regisseur
2008   Portegal Manoel de Oliveira regisseur, senarioskriuwer
2009   Feriene Steaten Clint Eastwood akteur, regisseur, produsint
2011   Frankryk Jean-Paul Belmondo akteur
  Itaalje Bernardo Bertolucci regisseur, senarioskriuwer, produsint
2015   Belgje Agnès Varda regisseur, senarioskriuwster
2016   Frankryk Jean-Pierre Léaud akteur
2017   Feriene Steaten Jeffrey Katzenberg produsint
2019   Frankryk Alain Delon akteur

Spesjale Gouden Palm

bewurkje seksje

Yn 2018 waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes foar de earste en oant no (2020) ta iennichste kear de Spesjale Gouden Palm (Frânsk: Palme d'Or Speciale) útrikt:

jier lân titel (ynternasjonale titel) regisseur
2018    Switserlân
  Frankryk
Le Livre d'Image (The Image Book) Jean-Luc Godard

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
chat 3
INTERN 1