Hammersmith is in wyk yn it Londenske bestjoerlike gebiet Hammersmith en Fulham, yn de regio Grut-Londen. De wyk, oarspronklik in doarp, leit sa'n 8 kilometer westlik fan Charing Cross op de noardigge fan de rivier de Teems.

Hammersmith
It Lyric Theatre
It Lyric Theatre
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Regio Grut Londen
Offisjele webside
London Borough Hammersmith en Fulham
De ferneamde Dove Pub. It iennichst oerbleaune part fan it âlde doarp Hammersmith

It is ien fan de sintrums yn West-Londen foar transport, kommersje en wurkgelegenheid, en it hat de kantoaren fan multynasjonale ûndernimmingen. De wyk hat twa London Underground-stasjons, in busstaasjon en it ferkearsknooppunt by Hammersmith Broadway leit tichteby. De Hammersmithbrêge ferbynt it stedsdiel mei de wyk Barnes yn it súdwesten

It plak is al tsientallen jierren it sintrum dêr't de Poalske minderheid fan Londen húsmannet.

Ferneamde ynwenners

bewurkje seksje


 
Panorama, de Teems by Hammersmith, 2011
  NODES