Hannelingen fan Paulus

De Hannelingen fan Paulus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in yn it Gryksk steld pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dat yn 'e regel datearre wurdt om it jier 160 hinne. It beskriuwt Paulus syn sindingsreizen, mar dêrby ferlit de anonime skriuwer (neffens Tertullianus in preester út Lyts-Aazje) him net op 'e kanonike Hannelingen fan de Apostels, dy't grutdiels itselde ûnderwerp behannelje, mar op mûnling oerlevere tradysjes. Tegearre mei de Hannelingen fan Barnabas wurdt dizze tekst beskôge as wichtichste fan 'e apokrife Hannelingen.

Hannelingen fan Paulus
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±160 n.Kr.

Ofwizing troch de Tsjerke

bewurkje seksje

De Hannelingen fan Paulus waard it earst oanhelle troch de tsjerkfaar Tertullianus, dy't it in kettersk geskrift fûn om't it froulju oanmoedige om te preekjen en te dopen. Oaren, lykas Hippolytus, beskôgen de tekst lykwols as otterdoks kristlik, en it hat sûnder mis in anty-gnostyske toansetting, wylst it de wichtigens fan in selibatêr libben beklammet. Uteinlik waard it troch de Tsjerke ta ketterij ferklearre om't it yn gebrûk kaam ûnder de oanhingers fan it manigeïsme.

De Hannelingen fan Paulus waard ferlern waand oant der in Koptyske ferzje fan 'e weromfûn waard. Dy ûntdekking hat bewiisd wat wittenskippers al fermoeden, nammentlik dat de tekst opboud is út 'e Hannelingen fan Paulus en Tekla, it Brief fan de Korintiërs oan Paulus, it Tredde Brief oan de Korintiërs en it Martelderskip fan Paulus (wêryn't Paulus oan syn ein komt ûnder de kristenferfolgings fan 'e Romeinske keizer Nearo). Al dy dielen binne selsstannich oerlevere, mar saakkundigen binne it deroer iens dat se oarspronklik ûnderdiel foarmen fan 'e Hannelingen fan Paulus. Dêrnjonken moatte der noch in pear koartere ferhalen ta heard hawwe, dy't inkeld oerlevere binne yn 'e foarm fan fragminten út 'e trêde en de fyfde iuw, te witten: De Genêzing fan Hermokrates fan Wettersucht en De Striid fan de Efezyske Bisten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  • Actapauli (in webside wijd oan 'e ynternasjonale wittenskiplike diskusje oer de Hannelingen fan Paulus)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
  NODES
iOS 1
Note 1
os 10
web 1