Hannelingen fan Petrus

De Hannelingen fan Petrus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel, dy't it sindingswurk fan 'e apostel Petrus beskriuwt. It is in oarspronklik yn it Gryksk steld geskrift, dat foar it meastepart inkeld oerlevere is yn in Latynske oersetting. Tradisjoneel waard it taskreaun oan Leusius Charinus, dy't troch de tsjerkfaar Epifanius fan Salamis identifisearre is as in selskipsman fan 'e apostel Jehannes, mar tsjintwurdich wurdt it yn 'e regel datearre yn 'e twadde helte fan 'e twadde iuw, wat yn prinsipe eltse tiidgenoat fan Jehannes as skriuwer útslút. Men is fan tinken dat de Hannelingen fan Petrus fierhinne basearre binne op 'e Hannelingen fan Jehannes. As plak fan oarsprong wurdt oan Lyts-Aazje tocht.

Hannelingen fan Petrus
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 150200 n.Kr.

De Hannelingen fan Petrus binne fral opmerklik fanwegen de beskriuwing fan in wedstryd yn it ferrjochtsjen fan wûndertekens tusken Petrus en Simon de Tsjoender, en as ierst oerlevere boarne fan 'e leginde dat Petrus ûnderstboppest krusige waard. Dat lêste ferhaal is ek apart oerlevere, ûnder de titel it Martelderskip fan Petrus, yn trije Grykske manuskripten, yn hânskriften yn it Syrysk, Armeensk, Arabysk, Aldtsjerkeslavysk en Ge'ez (de deade tsjerketaal fan Etioopje) en yn in fragmintaryske Koptyske ferzje. Sadwaande wurdt inkeld wolris beweard dat it Martelderskip de oarspronklike tekst wie, dêr't de rest fan 'e Hannelingen letter oan tafoege is.

Yn 'e Hannelingen fan Petrus ferrjochtet de apostel Petrus wûndertekens as it wer ta libben bringen fan rikke fisk en it prate litten fan hûnen. Guon ferzjes omfetsje in ferhaal oer in frou of froulju of de dochter fan Petrus, dy't de foarkar jout/jouwe oan ferlamming boppe seksuële omgong. De tekst lit fierders yn it bysûnder Simon de Tsjoender ôfrinne, in figuer dy't yn 'e bibelske kanon yn 'e Hannelingen fan de Apostels 8:9-25 behannele wurdt, mar dy't yn 'e Hannelingen fan Petrus ferbûn wurdt mei it gnostisisme.

Petrus is alhiel skandalisearre as de man him útdaget ta in wedstryd yn it dwaan fan wûndertekens, mei as doel om te bewizen waans wurken oft út in godlike boarne fuortkomme en fan wa't se ienfâldichwei bedragerij binne. Dêrby fljocht Simon as in fûgel en slacht Petrus him út 'e loft wylst er bidt dat de man net omkomme sil troch syn fal, mar wol slim ferwûne reitsje sil. As Simon delkomt, brekt er ien fan syn skonken op trije plakken, wêrnei't er troch de kristlike bekearlingen stiennige wurdt. Syn oanhingers bringe him noch nei in pear hielmasters, mar hy is te slim ferwûne rekke en komt te ferstjerren. Nei dat ynsidint sil Petrus de stêd ûntflechtsje, mar hy kriget in fizioen fan Jezus, dat er opfettet as in teken dat er bliuwe moat. Dêrop wurdt er oppakt en op eigen fersyk ûnderstboppest krusige, mei't er fynt dat gjin minske it weardich is en stjer op deselde manear as Jezus Kristus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
  NODES