Hans Vermeulen
Hans Vermeulen (Foarburch Súd-Hollân, 18 septimber 1947 – Ko Samui, 9 novimber 2017) wie in Nederlânsk sjonger, komponist, muzykprodusint, gitarist en toetsenist.
Hans Vermeulen | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Hans Vermeulen mei Edison, 1977 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 septimber 1947 | |
berteplak | Foarburch | |
stoarn | 9 novimber 2017 (70 jier) | |
stjerplak | Ko Samui, Tailân | |
wurkpaad | ||
sjenre | (rock)pop | |
sjongtaal | Ingelsk, Nederlânsk | |
ynstrumint | Stim, toetsynstruminten | |
grutste hit(s) | Mei Sandy Coast: True love that's a wonder, Summertrain Solo: The eyes of Jenny | |
prizen | Edison 1977, Gouden Harp 1987 | |
offisjele webside | ||
www.hansvermeulen.nl |
Biografy
bewurkje seksjeVermeulen begûn yn 1961 mei de band Sandy Coast, dêr't er hits lykas I see your face again, True love that's a wonder, Just a friend, Capital Punishment en Summertrain mei skoarde. Yn de jierren '70 gie de band út elkoar en rjochte Vermeulen Rainbow Train op; syn oarehelte Dianne Marchal song dêr ek yn mei. Oer har skreau er letter it nûmer Hilde. Yn dy tiid stie Vermeulen as produsint ek oan de widze fan de súksessen fan ûnder oaren Margriet Eshuijs en Anita Meyer. Op de single Stars on 45 naam er de sjongpartijen fan George Harrison foar syn rekken.
Iere jierren '80 makke Sandy Coast in comeback en hiene se mei The eyes of Jenny nei 8 jier wer in hit. Dat nûmer waard yn tsientallen lannen útbrocht. Ein jierren 80 folge wer in comeback en in nij album. Vermeulen wie yn dy jierren de ûntdekker fan û.o. Nadieh, Ruth Jacott en Hans de Booij.
Yn de jierren '90 rekke Vermeulens karriêre yn de nederklits en emigrearre er nei Tailân. Hy troude fannijs mei de Taiske sjongster Jariya Chatsuwan, bekend as Aom, en brocht ein jierren 90 ûnder mear in album út mei Nederlânsktalige nûmers. Yn 1994 en 2000 hie er in beskieden projekt ûnder de namme The Rest. Yn 2001 trede er mei Marlayne en City to City op yn it telefyzjeprogramma De vrienden van Amstel LIVE. Dat late yn 2002 ta ûnder mear in optreden mei it Metropole Orkest laat troch Dick Bakker, dêr't Vermeulen ek wer mei Marlayne optrede.
Vermeulen ûntfong ûnder mear in ontving Gouden Harp en in Edison. Hy wenne op it eilân Ko Samui yn de Golf fan Tailân. In pear kear yn 't jier kaam er nei Nederlân en trede er op yn kafees. David Vermeulen, syn soan, waard ek muzikant.
Vermeulen stoar yn de âldens fan 70 jier.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |