H.C.H. (Harry) Reijnders (Meerssen, 1954) is in Nederlânske arsjitekt dy 't benammen bekend wurden is as arsjitekt fan de Nederlandse Spoorwegen yn de jierren 80 en 90, dêr't er in pear opfallende ûntwerpen yn makke.

Harry Reijnders
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1954
berteplak Meerssen
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt
bekendste
  wurk(en)
Stasjon Rotterdam Blaak, Stasjon Leiden Sintraal

Reijnders kaam yn 1983 yn tsjinst by it arsjitekteburo fan de NS dat laat waard troch Koen van der Gaast. Mei kollega-arsjitekten Peter Kilsdonk en Rob Steenhuis wurke er oan de nije generaasje stasjons fan de jierren 80, dêr 't in soad stiel en glês yn ferwurke waard. Yn dy perioade ûntwurp er ûnder oare it stasjonsgebou fan Amsterdam Sloterdijk (1986).

Yn 1993 en 1996 folgen efterelkoar de stasjons Rotterdam Blaak en Leiden Sintraal. Mei yngong fan 1 jannewaris 1997 folge Reijnders Cees Douma op as NS-boumaster. Dy funksje ferfolle er oan oant april 1998, wêrnei't er NS fanwegen "net te oerbrêgjen ferskillen fan opfettings" ferliet.[1]

Hoewol't er net mear direkt belutsen by de spoarwegarchitektuer wie, fielde Reijnders him noch bot ferbûn oan syn ûntwerpen, sa't bliken die út syn ferset tsjin ferbouwingsplannen foar stasjon Leiden Sintraal yn 2008, sûnder de ferplichte boufergunning. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES