Haskerlân (Nederlânsk en offisjeel: Haskerland) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 15.667 ynwenners en besloech in oerflak fan 95,94 km².

Haskerlân

Heremastate, it âlde gemeentehûs fan Haskerlân, op 'e Jouwer.
flagge wapen

Wapen fan Haskerlân
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak De Jouwer
grutste plak De Jouwer
ynwennertal 15.667 (1981)[1]
befolkingstichtens 163,3 / km²
oerflak 95,94 km²
tal doarpen 13
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Haskerlân
Gritenij Skoatterlân (diel)
1851 – 1934 Gem. Haskerlân
Gem. Skoatterlân (diel)
opheft 1984
opgien yn Skarsterlân
Lemsterlân
no part fan De Fryske Marren
It Hearrenfean
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
 
Schotanuskaart fan de gritenij Haskerlân
 
Grinzen fan Haskerlân oant 1934.
 
Grinzen fan Haskerlân fan 1934 oant 1984

De namme Haskerlân ferwiist oarspronklik nei haske of heesc: in gerssoarte. In populêre ferklearring ûnder de befolking wie lykwols dat it fan it wurd hazze komme soe.

De gritenij Haskerlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

Yn 1934 rekke de gemeente in stik lân ten easten fan it hjoeddeiske Nijehaske kwyt oan de dan nij te foarmjen gemeente It Hearrenfean. It plakje It Hearrenfean wie nammentlik grut wurden en oer de grinzen fan trije gemeentes groeid. Haskerlânsk buorgemeente Skoatterlân gie foar it meastepart op yn dizze nije gemeente. Mar it westlike diel fan dy gemeente, mei de doarpen Dolsterhuzen, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum en Sint-Jânsgea, waard by Haskerlân foege.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is Haskerlân mei it oanbuorjende Doanjewerstâl opgongen yn de nije gemeente Skarsterlân, útsein Dolsterhuzen, dat by Lemsterlân kaam is.

Plakken (1983)

bewurkje seksje

De gemeente Haskerlân hie trettjin doarpen. It haadplak wie De Jouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 28.

             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   ·  
  NODES