Hein Doedes Postma
Hein Doedes Postma (Surch, 5 april 1858 – dêre, 8 maart 1942) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw in kear de PC wûn. Hy waard byneamd 'Swarte Hein fan Surch'.
Hein Doedes Postma | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hein Doedes Postma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 april 1858 | |
berteplak | Surch (Fryslân) | |
stjerdatum | 8 maart 1942 | |
stjerplak | Surch (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | keatsen | |
debút | 1881 | |
karriêre-ein | 1886 | |
wichtige prestaasjes | ||
PC: 1× earste priis + 1× kening PC: 1× trêde priis |
Libben en karriêre
bewurkje seksjePostma waard yn 1858 berne yn Surch, yn 'e doetiidske gemeente Wûnseradiel. Hy sette yn 1881 útein mei in karriêre yn it keatsen, en wûn yn 1884 de PC yn Frjentsjer, mei in partoer dat fierders bestie út Marten C. Banning en Tjerk Hiemstra, dy't beiden út Penjum kamen. It wie Postma dy't dat jiers ta kening fan 'e PC útroppen waard.
Yn 1886 berikte Postma op 'e PC noch in trêde plak, mar oan 'e ein fan it keatsseizoen fan dat jier hold er op mei de sport. Hy kaam yn 1942 yn 'e âlderdom fan krapoan 84 jier yn syn berteplak Surch te ferstjerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |