De Ie (De Fryske Marren)

(Trochferwiisd fan Ie (Gaasterlân-Sleat))

De Ie is in wetterferbining tusken de Sleattemer Mar en Teakesyl (Iselmar), yn de gemeente De Fryske Marren.

De Ie by Sleat
Ie en Wâldsleat
Utmûning Ie yn de Iselmar by Teakesyl

Yn de Midsiuwen wie de Ie folle langer en foarme in ferbining tusken de foarrinner fan de Sudersee en de Middelsee. It noardlikste gedielte fan it oerbliuwsel fan dit feanrivierke is no de Noarderie en by Wâldsein. Yn de Midsiuwen rûn hy fierder nei it noarden fia it gebiet wêr't no de Iewei leit. Dêrnei kaam hy yn Drylts.

Drylts betsjut "oan de Ie" of "Ie". De sintrale grêft is noch in restant fan de Ie. Nei Drylts rûn de rivier fierder besuden de Skerdyk en Himdyk nei it gebiet dêr't no yn Snits it ferpleechtehûs de Ielânen (neamd nei de Ie) leit. Op it lêst rûn it fierder, fia de hjoeddeiske rin fan de Frjentsjerter Feart, nei Turns om dêr earne yn de Middelsee út te rinnen.

  NODES