Iepenbiering fan Serûbbabel

De Iepenbiering fan Serûbbabel is in algemien as apokryf beskôge religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in tige joadsk en sterk anty-kristlik geskrift, dat in pseudepigraaf is ûnder de namme Serûbbabel, de pakesizzer fan 'e foarlêste kening fan Juda en de lêst telch út it Hûs fan David dy't yn 'e Joadske skiednis in rol fan betsjutting spile. Neffens it bibelboek Ezra wie hy it dy't yn 'e sechsde iuw f.Kr., nei de weromkear fan 'e Joaden út 'e Babyloanyske Ballingskip, de Timpel fan Jeruzalim wer opboude. Yn 'e Iepenbiering fan Serûbbabel kriget dizze riedselige foaroanman fan it Joadske folk in fizioen oangeande de weropstanning fan Israel en de Ein fan de Tiden. De tekst is nei alle gedachten skreaun yn Palestina, tusken 629 en 636, doe't it lân en syn ynwenners slim te lijen hiene ûnder de oarloch tusken it Byzantynske en it Perzyske Ryk, en guon joaden mienden dat de Ein fan 'e Tiden nei-oan wie.

Iepenbiering fan Serûbbabel
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Gryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 629636

Yn 'e Iepenbiering fan Serûbbabel kriget Serûbbabel in fizioen wêryn't er troch de ingel Metatron nei Ninevé, de "stêd fan it bloed", tabrocht wurdt. De tekst makket dúdlik dat "Ninevé" symboal stiet foar Rome, al is it wierskynlik dat Rome hjir wer Konstantinopel, de haadstêd fan it Byzantynske Ryk, fertsjintwurdiget, mei't de Joaden yn Palestina tsjin 'e tiid dat de Iepenbiering fan Serûbbabel skreaun waard, al yn gjin iuwen mear wat mei Rome te krijen hân hiene, wylst se nammenste mear mei Konstantinopel fan dwaan hiene.

Yn "Ninevé" wurdt Serûbbabel nei in "hûs fan skande" ta brocht, wat in tsjerke blykt te wêzen, dêr't er it byld fan in tsjeppe frou stean sjocht (de Faam Marije). By dat byld set Satan in bern oan, dat berne wurdt as Armilus, de anty-messias, waans macht oft him oer de hiele wrâld útwreidet. Serûbbabel wurdt te witten dien dat de joadske Jozefyske messias, Nehemia ben Husjiël, berne wurde sil, mar dat dy troch Armilus ferslein en deade wurde sil. Fiif jier letter sil de frou Chefsiba it libben skinke oan 'e joadske Davidyske messias, Menachem ben Ammiël, dy't de anty-messias ferslaan en Nehemia ben Husjiël wer ta libben wekje sil. It fizioen einiget as de himelske Timpel delkomt nei de ierde, wat de Ein fan 'e Tiden oankundiget.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus
  NODES