Yndia

(Trochferwiisd fan India)
Republic of India
भारत गणराज्य
Bhārat Ganarājya
Flagge fan Yndia Wapen fan Yndia
Flagge Wapen
Lokaasje fan Yndia
Offisjele taal Hindy, Ingelsk, en 17 oare nasjonale talen
Haadstêd New Delhi
Steatsfoarm Federale republyk
Gebiet
% wetter
3.287.590 km²
9,5­%
Ynwenners (2011) 1.210.854.977
Munt Rupee (INR)
Tiidsône UTC +5:30
Nasjonale feestdei 26 jannewaris
Lânkoade IND
Ynternet .in
Tillefoan 91

Yndia is in lân yn Súd-Aazje, oan de Yndyske Oseaan. De haadstêd is New Delhi en de presidint fan de republyk is sûnt 2007 Pratibha Patil.

Yndia wurdt begrinzge troch:

 
De berch Kanchenjunga.

Yndia is in grut skiereilân. Lânskiplik kin it yn trije parten opdield wurde:

It noarden fan it lân leit yn de Himalayaberchrige en syn útrinners Pamir en Karakoram en is dêrtroch tige bercheftich. De Kanchenjunga mei 8.598 meter is it heechste punt.

Fierder nei it suden lizze de grutte flakten. Hjir rinne ek de grutte rivieren, de Ganges en de Brahmaputra, dy't útkomme yn de noardein fan de Baai fan Bengalen. Troch dizze rivieren is it gebiet tige fruchtber.

Yn it westen leit de Tharwoastyn en yn it suden leit in grut plato, it Dekan. Dat plato leit tusken de Baai fan Bengalen en de Arabyske See. Oan beide kanten wurdt it plato begrinzge troch berchrigen, de westlike en eastlike Ghats.

It klimaat is subtropysk oant tropysk.

Yndia is it mearpart fan in natuerlike ienheid, omsletten troch de Yndyske Oseaan en de Himalaja. Dêrtroch is it mûchlik te stribjen nei in ryk dat gâns it gebiet omfiemet. It is lykwols in enoarm gebiet, en troch de ôfstannen wie it hast net te dwaan sa'n ryk yn stân te hâlden. Yn de histoarje fan Yndia binne dan ek ferskate riken opkaam dy't in grut part fan it gebiet yn hannen hienen, mar dan wer útelkoar foelen.

It earste ryk dat al slagge gâns it gebiet tusken it berchtme en de see yn te nimmen, kaam fan bûten: Grut-Brittanje wie mei de foarútgong fan de tegnyk as earste by steat de grutte ôfstannen baas te wurden en naam yn de rin fan de 19e iuw gâns it gebiet yn dêr't no Yndia yn leit.

Mei it ûntstien fan dizze steatkundige ienheid kaam ek al gau in beweging op dy't stribbe nei in ûnôfhinklike steat. It hjoeddeiske Yndia waard op 15 augustus 1947 ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.

 
Befolkingstichtens

Yndia is it lân fan de wrâld mei de grutste befolking. Yn dit lân foarmje taal, religy en it kastensysteem in tige wichtige grûn foar it bepale fan ien syn posysje yn de maatskippij. Yn it suden (Súd-Yndia) wenje fral donkerkleurige Dravidjers en yn it noarden stamme de minsken ôf fan de ljochter kleurde Yndo-Aarjers dy't letter, om-ende-by 3500 jier lyn yn Yndia arrivearren.

Oan it begjin fan de 20e iuw telde Yndia 250 miljoen ynwenners, dat oantal is yn distiid mear as ferfjouwerfâldige. Yn april 2023 hie it lân 142,86 miljoen minsken; dêrmie hie it mear ynwenners as it eardere grutste lân, Sina.

  1. Redirect Manual:$wgConf
 
Ganesj yn Aurangabad
 
Strjitbewenners fan Bombay

Yndia stie oan de widze fan ferskate religys, wêrûnder it Hindoeïsme, Boedisme en it Sikhisme. Ek de Islam hat in wichtige ynfloed hân op de Yndiaaske kultuer en Yndia heart, mei Yndoneezje en Pakistan ta de top trije fan lannen mei it grutste oantal moslims. Offisjeel hat Yndia gjin steatsgodstsjinst en is dêrtroch in sekulier lân.

Oantal oanhingers fan religys neffens de lêste telling fan 2001[1]:

Religy Oantal % Top 3 steaten e.s. (%)
Hindoeïsme 827.578.868 80,5% Himachal Pradesh, Chhattisgarh, Orissa
Islam 138.188.240 13,4% Laccadiven, Jammu en Kasjmir, Assam
Kristendom 24.080.016 2,3% Nagaland, Mizoram, Meghalaya
Sikhisme 19.215.730 1,9% Punjab, Chandigarh, Haryana
Boedisme 7.955.207 0,8% Sikkim, Arunachal Pradesh, Mizoram
Jaïnisme 4.225.053 0,4% Maharashtra, Delhi, Rajasthan
Oare religys 6.639.626 0,6% Arunachal Pradesh, Jharkhand, Meghalaya

Under de oare religys wurde rekkene de oanhingers fan it Zoroastrisme, it Bahá'í-leauwen en it Joadendom. Nei skatting wenje der om-ende-by 5.000 joaden yn Yndia, de measten yn en om Bombay.

Yn Yndia wurde lokaal in protte ferskate talen sprutsen. De wichtichste taal is it Hindy dat krektas it âlde Sanskryt skreaun wurdt yn it Devanagary-skrift. It Hindy is de earste offisjele taal, dy't troch de federale oerheid brûkt wurdt. It Ingelsk wurdt troch de federale oerheid brûkt om mei steaten dêr't it Hindy net de offisjele taal is te kommunisearjen en is populêr yn it sakelibben, yn regearingssaken en yn net-Hindy sprekkende steaten. Utsein Hindy, hat Yndia noch 21 oare offisjele talen. Lang om let hat Yndia noch 392 oare libjende talen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Census 1 maart 2001: Religious Composition/Census 1 maart 2001: Data on Religion (fia archive.org)
  NODES