Innuendo is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1989 en 1990 en útbrocht op it album mei deselde namme fan Queen út 1991. Innuendo wie it earste nûmer op it album en waard op 14 jannewaris 1991 útbrocht as earste single fan it album.

Innuendo
algemiene ynformaasje
B-kant Bijou
artyst Queen
album Innuendo
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 14 jannewaris 1991
opnommen Mountain studios,
1989/1990
doer 6:30
label Parlophone
skriuwer Roger Taylor en Freddie Mercury
produsint Queen en David Richards
fideoclip
Queen - Innuendo (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 4,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 4,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 8

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Innuendo waard skreaun troch Roger Taylor en Freddie Mercury. It nûmer wurdt faak fergelike mei Bohemian Rhapsody, omdat it weromgrypt nei harren progressive rockwoartels. It befettet in Spaanske gitaarseksje útfierd troch Yes-gitarist Steve Howe, in opera-yntermezzo en parten fan hardrock dy 't tinken dogge oan de iere Queen jierren.

Oer de fideoclip

bewurkje seksje

De fideoclip makket gebrûk fan klaaianimaasje en argyfbylden fan de band. Freddie Mercury wie op it stuit fan de opnamen as gefolch fan aids al slim siik.

Gastmuzikanten

bewurkje seksje
  • Steve Howe - Spaanske gitaar
  NODES