It Jabikspaad is in kuierrûte en in fytsrûte fan 150 km fan Sint Jabik nei Hasselt yn Noard-Oerisel. De rûte troch It Bilt is iepene op 22 july 1998, de rest fan de rûte mei Simmer 2000.

Rûte Jabikspaad
Hûs nr.11 Swarte Harne
Markearing pylgerrûte fan Henk Rusman, Sint-Jabik

De rûte is opset as it earste part fan in pylgertocht fan Sint Jabik nei Sint Jabik fan Kompostela. Fan Sint Jabik giet de rûte nei Hasselt; fan dêr kin de pylger of fakânsjegong fierder oer it Hânzestêdepaad nei Swol en Dimter en fierder de Isel en de Maas bylâns nei it suden. By Maastricht is oansluting op ynternasjonale rûten.

Fan Sint Jabik oant Jirnsum binne der twa kuierrûtes:

Fan Jirnsum giet de kuierrûte fierder nei it Hasselt:
Jirnsum - Akkrum - Nes - Aldeboarn - Haskerdiken - Nijbrêge - It Hearrenfean - De Knipe - Mildaam - Aldeholtwâlde - Wolvegea - Sonnegea - Aldemark - (Paaslo) - Kealeberch - Nederlân - Bloksyl - Liuwte - Sint Janskleaster - Hytfjild - Genemuiden - Sellemuiden - Hasselt.

Fan Sint Jabik oant Jirnsum binne der twa fytsrûtes:

  • Westrûte: Sint Jabik - Furdgum - Tsjummearum - Easterbierrum - Frjentsjer - Winsum - Baard - Jorwert - Easterwierrum - Raerd - Jirnsum.
  • Eastrûte: Sint Jabik - Swarte Haan - Aldebiltsyl - Feinsum - Stiens - Britsum - Koarnjum - Jelsum - Ljouwert - Goutum - Wytgaard - Reduzum - Jirnsum.

Fan Jirnsum giet de fytsrûte fierder nei Hasselt:
Jirnsum - Akkrum - Nes - Aldeboarn - Haskerdiken - Nijbrêge - It Hearrenfean - Aldskoat - Nijeholtwâlde - Wolvegea - De Blesse - Wite Hynders - Tuk - Stienwyk - Giethoorn - Súdein - Wanneperfean - Westein - Belt-Skutsleat - Swartslûs - Genemuiden - Sellemuiden - Hasselt.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES