Jacobus van Loon
Jacobus van Loon (Sint-Anne, 30 desimber 1821 - Ljouwert, 7 febrewaris 1903) wie in stienfabrikant en Frysk foaroanman.
Hy stipe de Fryske saak moreel en finansjeel. Mei Tiede Roelofs Dykstra en Harmen Sytstra oprjochter fan it Frysk Selskip (1844) foarsitter fan 1862-1896, earefoarsitter (1896). Besoarge mei M. de Boer yn 1876 it Frysk Lieteboek mei ek inkele lietsjes fan syn hân. Hy die war foar in Frysk Wurdboek, foar de Provinsjale Bibleteek en foar de wettersteat. Redakteur foar de Fryske Almenak.
Van Loon wie in liberaal politikus. Steatelid fan 1850-1890, sekretaris fan Baarderadiel (1852-1860), deputearre fan 1860-1901.
Syn 'panwurk' stie yn Húns. Op syn grêf is yn 1907 troch it Selskip 1844 in tinkstien oprjochte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|