Jane Gordon, hartoginne fan Gordon

Jane Gordon, hartoginne fan Gordon (berne as: Jane Maxwell; Monreith (Skotlân), 1748 of 1749Londen, 14 april 1812) wie in Skotske ealfrouwe dy't yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw in foaroansteand lid fan 'e Skotske en letter Ingelske elite wie. Hja wie ferneamd om 'e feesten en bals dy't hja organisearre, en griep dy oan om 'e Skotske kultuer te promoatsjen. Yn 'e mande mei har man en har soan hie Jane Gordon ek de hân yn 'e oprjochting fan 'e Gordon Heechlanners, in Britsk lânmachtrezjimint dat bestie oant 1994.

Jane Gordon, hartoginne fan Gordon
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jane Maxwell Gordon
nasjonaliteit Britsk
berne 1748 of 1749
berteplak Monreith (Skotlân)
stoarn 14 april 1812
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
aktyf as gastfrou
jierren aktyf 17671805
reden
  bekendheid
ferneamd societystjer; promoate
   de Skotske kultuer

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jane waard yn 1748 of 1749 berne yn it Skotske Monreith, as it fjirde bern yn it gesin fan sir William Maxwell, 3e baronet fan Monreith, en dy syn frou Magdalene Blair. Har eigentlike berteplak wie it Kastiel fan Monreith, dat no in ruïne is; de hjoeddeistige residinsje fan har famylje, it lânhûs Monreith House, waard pas fyftich jier letter boud. Jane har heit is wol ôfskildere as in sûplap, dy't it famyljefortún ferdronk wylst er syn gesin yn (relative) earmoede omheukerje liet. Yn 1760, doe't se alve of tolve jier wie, ferfear Jane mei har mem, har trettjinjierrige suster Catherine en har njoggenjierrige suster Eglantine nei de Skotske haadstêd Edinburch, dêr't hja har nei wenjen setten yn in appartemint yn in grutter gebou. Dat wie trouwens gjin teken fan earmoede, mar de normale gong fan saken yn in tiid dat jongedames fan adel yn it maatskiplike fermidden fan 'e Skotske hegerein yntrodusearre wurde moasten mei it each op it úteinlike sluten fan in foardielich houlik.

 
Jane har man, Alexander Gordon, 4e hartoch fan Gordon, portrettearre troch Pompeo Batoni yn 1764.

Mei fjirtjin jier waard Jane it slachtoffer fan in aaklik ûngemak, wêrby't se yn Edinburch op 'e dyk op 'e iene of oare manear in finger fan har rjochterhân tusken de speaken fan it tsjil fan in hynder-en-wein wist te krijen. Doe't de wein fuortried, waard har finger derôf skuord. Neitiid droech hja as it heal mooglik wie lange dameswanten, mei in houtene finger om 'e lege fingerling te foljen. Doe't se sechstjin jier wie, moat Jane sa tsjep fan uterlik west hawwe, dat der in liet oer har skreaun waard, Bonnie Jennie of Monreith, the Flower of Galloway. Om dyselde tiid hinne rekke hja ek fereale (foar de earste en wierskynlik lêste kear yn har libben) op in Fraser, dy't lykwols net folle letter mei syn rezjimint ôfsette oersee, om te fjochtsjen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Nei ferrin fan tiid berikte Jane it berjocht dat er dêr sneuvele wie.

Op 28 oktober 1787, doe't se achttjin of njoggentjin jier wie, troude Jane mei de 24-jierrige Alexander Gordon, 4e hartoch fan Gordon, waans stedsresidinsje rjocht foar it appartemint fan 'e Maxwells oer stie, en dy't mei njoggen jier syn titel en in flink fortún urven hie. Wylst se op houliksreis wiene yn Berwickshire, ûntfong Jane in brief fan 'e jonge Fraser, dy't dochs net sneuvele bliek te wêzen, mei dêryn in houliksoansyk. Nei't it skynt foel hja derhinne doe't hja dat lies.

De Gordons setten har nei wenjen op it Kastiel Gordon, yn Morayshire, dat Alexander Gordon fergrutte oant it ien fan 'e grutste wenten fan Skotlân wie, ek al moast dêrfoar in diel fan it doarp Fochabers ôfbrutsen en earne oars wer opboud wurde om romte te meitsjen. Yn 'e njoggentjinde iuw waarden syn útwreidings lykwols foar it meastepart wer ôfbrutsen. Jane en har man krigen tusken 1768 en 1785 sân bern: twa soannen en fiif dochters. Njonken syn gesin ûnderhold Alexander Gordon in bûtenechtlike relaasje mei syn mêtresse Jane Christie, dy't him ek ferskate bern skonk.

 
Jane en har âldste soan George yn 1778 (skildere troch George Romney).

Op Kastiel Gordon organisearre Jane feesten, plante hja beammen en toande se grutte belangstelling foar it buorkjen fan 'e pachters. Se wie in grut leafhawwer fan Skotske folksdûnsen en fidel- en doedelsekmuzyk. De fêstiging fan 'e strathspey as algemien erkende dûnsfoarm wurdt oan har taskreaun. Fan 'e 1780-er jierren ôf begûn Jane Gordon ek feesten en bals te organisearjen yn Edinburch, dêr't hja al rillegau de dominante gastfrou waard. Sy en nimmen oars bepaalde yn dy tiid de Skotske moade. Fierders smiet hja har ek op as patronesse fan 'e skiene keunsten; sa liet hja de ferneamde dichter Robert Burns yn har salon syn earste gedichten foarlêze, en bleau hja jierrenlang ien fan syn wichtichste stipers.

Yn 1787 ferfearen de hartoch en hartoginne fan Gordon nei Londen, dêr't se earst in hûs oan Downing Street hierden fan 'e greve fan Sheffield, doe ien yn 'e Pall Mall fan 'e markys fan Buckingham, om har úteinlik oan St. James's Squarre te fêstigjen. Dêr gie Jane troch mei it jaan fan feesten en bals, dy't se no in dúdlik merkbere Skotske sfear meijoech. William Pitt de Jongere, de Britske minister-presidint, en Henry Dundas, de lord advocate, wiene gauris op Jane har feesten te gast. Hja liet de Ingelske hegerein Skotske folksdûnsen dûnsje, en om't hja op goede foet stie mei kening George III, koe hja de Skotske kultuer mear útdrage as oaren dy't net yn har posysje ferkearden.

Skotlân en alles wat dêrmei fan dwaan hie, siet doedestiden nammentlik altyd noch yn it ferdomhoekje fanwegen de mislearre Jakobityske Opstân fan 1745. Neitiid wiene der in hiele rige strafmaatregels tsjin 'e Skotten nommen, en ien dêrfan wie dat hja harren tartan (de rútsjese wollene weve stof dêr't de kilts en de plaids fan makke binne) net mear drage mochten. Dat ferbod bleau oant 1782 fan krêft, en inkeld Skotske soldaten dy't yn it Britske leger tsjinnen, wiene dêrfan útsûndere. Mar Jane Gordon joech in bal wêrby't sysels en de hartoginne fan York yn tartan klaaid wiene, en nimmen dy't der wat fan doarst te sizzen. Ek bewurkmastere se dat de kening yn eigen persoan de Skotske rezjiminten yn Hyde Park ynspektearre, en teffens bemiddele hja tusken de kening en syn soan, kroanprins George, dy't deilis rekke wiene oer de rijens fan 'e prins.

 
Embleem fan 'e Gordon Heechlanners (droegen op 'e baret).

De Gordon Heechlanners

bewurkje seksje

Yn 1793 briek de Earste Koälysje-oarloch mei it nije revolúsjonêre regear fan Frankryk út. It Britske leger moast doe gau sjen om nije rekruten te finen, en sadwaande waard de hartoch fan Gordon frege om in nij rezjimint op te rjochtsjen, dat de Gordon Heechlanners komme soe te hjitten. Jane wie dêr sels oan kop en earen ta yn behelle, en sleat datoangeande in weddenskip ôf mei de kroanprins dat hja mear soldaten mobilisearje koe as hy. Hoewol't se doe 45 jier âld wie, hie se har skientme noch net ferlern. Se reizge om yn Skotlân, klaaid yn in legerunifoarm en mei in Glengarry-baret (Glengarry bonnet) op 'e plasse. Oeral dêr't se kaam organisearre se dûnsfeesten, mar de jonge manlju dy't meidûnsje woene, moasten har ek by it leger jaan. Sokke nije soldaten mochten de hartoginne dan tútsje en ûntfongen dêrby de King's shilling, de rekrutearringssoldij, fan tusken har lippen. Yn totaal krige Jane Gordon op dy wize 940 man byinoar, en op 24 juny 1794 waard de Gordon Heechlanners yn Aberdeen foar it earst in parade ôfnommen. It rezjimint bestie twahûndert jier, oant it yn 1994 opheft waard.

Werom yn Skotlân

bewurkje seksje

Yn 1799 kearden de Gordons werom nei Skotlân. Tsjin dy tiid wiene de hartoch en hartoginne faninoar ferfrjemde rekke. De hartoch fêstige him mei syn mêtresse Jane Christie yn it Kastiel Gordon, wylst er foar syn frou in wente oan 'e rivier de Spey sette liet, dy't de namme Kinrara droech. Dêr wenne Jane oant 1805, en yn dy tiid gie hja troch mei it jaan fan feesten, sij it op in wat behindiger skaal. Yn dy tiid begûn se har der ek op ta te lizzen om foardielige houliken foar har bern te regeljen, útsein har jongste soan Alexander (1785-1808), dy't al mei 23 jier kaam te ferstjerren. Har oare soan, George (1770-1836) troude mei Elizabeth Brodie en sette de famyljeline fan 'e Gordons fuort.

Fan har fiif dochters hie Jane de heechste ferwachtings foar har jongste, Georgiana (1781-1853), dy't hja nei it sluten fan 'e Frede fan Amiens, yn 1802, meinaam nei Parys, mei de bedoeling om it fanke te keppeljen oan prins Eugène de Beauharnais, de styfsoan fan Napoleon. Doe't dat op neat útrûn, soarge se dat Georgiana fersein waard oan Francis Russell, 5e hartoch fan Bedford, mar dy stoar foar't it houlik sletten wurde koe. Uteinlik troude Georgiana mei John Russell, 6e greve fan Bedford, de jongere broer fan har eardere ferloofde. Hja folge yn har memme fuotspoaren as ferneamd gastfrou en patronesse fan 'e skiene keunsten, en wie yn dy lêste hoedanichheid jierrenlang stiper fan 'e keunstskilder sir Edwin Landseer, mei wa't hja wierskynlik ek in leafdesrelaasje ûnderhold.

 
Lady Rachel Evelyn Russell (1826-1898), in beppesizzer fan Jane Gordon, yn 1835 skildere troch sir Edwin Landseer. Der waard wol grute dat Rachel de dochter fan Georgiana Gordon en har minner Landseer wie.

Har âldste dochter Charlotte (1768-1842) besocht Jane earst te keppeljen oan premier William Pitt de Jongere, mar dat plan rûn averij op doe't dy syn goede freon Henry Dundas gruttere belangstelling toande. Uteinlik troude Charlotte lykwols mei Charles Lennox, 4e hartoch fan Richmond. Madeleine (1772-1847) troude mei sir Robert Sinclair, 7e baronet Sinclair, en wertroude nei dy syn dea mei in Charles Fysche Palmer. Susan (1774-1828) troude mei William Montagu, 5e hartoch fan Manchester.

De lêste Gordon-dochter wie Louisa (1776-1850), dy't Jane oan lord Brome keppelje woe, de soan fan generaal Charles Cornwallis, 1e markys Cornwallis, in freon fan 'e Gordons dy't de Britske troepen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch oanfierd hie. Cornwallis wie lykwols op it houlik tsjin, mei't er grizelferhalen heard hie oer de sljochtsinnigens dy't yn 'e Gordon-famylje rinne soe. Jane bewissige him der lykwols fan dat der "gjin drip Gordon-bloed" yn dizze dochter fan har siet, en doe koe it houlik trochgean. It is ûnbekend wa't de biologyske heit fan Louisa wie, mar der wurdt wol tocht dat it de kaptein Fraser west hawwe moat dêr't Jane as jongfaam fereale op rekke wie.

Lêste jierren en ferstjerren

bewurkje seksje

Yn 1805 besleaten de Gordons iepentlik in ein oan harren houlik te meitsjen. Se sleaten in finansjele oerienkomst wêrby't de hartoginne in nij hûs en regelmjittige betellings foar har libbensûnderhâld krije soe. Tsjin dy tiid siet de hartoch fan Gordon lykwols sels hast finansjeel oan 'e grûn, dat hoewol't er formeel erkende dat er har it jild skuldich wie, koed er it net betelje. Fan gefolgen brocht Jane har lêste jierren troch yn hotels, en nei't it skynt waard se wat langer wat eksintriker. Hja stoar yn 1812, yn 'e âlderdom fan 63 of 64 jier, yn it Poultney's Hotel te Piccadilly, yn Londen, omjûn troch fjouwer fan har dochters en har oerlibjende soan. Har lichem waard neitiid oerbrocht nei Skotlân en byset yn 'e âlde Keltyske Kapel oan 'e igge fan 'e Spey te Kinrara. Dêr rjochte har man neffens har lêste winsk in monumint foar har op, mei dêryn kurven (behalven har eigen namme en bysûnderheden) de houliken dy't sletten wiene troch har bern.

Neilittenskip

bewurkje seksje

Jane Gordon, hartoginne fan Gordon, waard ferivige troch ferskate Ingelske portretskilders, wêrûnder George Romney, sir Joshua Reynolds, sir Henry Raeburn en Daniel Gardner. Dêrnjonken wie hja it ûnderwerp fan in gedicht fan Robert Burns, wêryn't dy har graasje op 'e dûnsflier besong. Resinter wie Jane Gordon ek de haadpersoan fan 'e roman Island of the Swans (1989), fan Ciji Ware.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
ELIZA 2
mac 1
os 2