Jean-Baptiste Bouvet de Lozier

Jean Baptiste Charles Bouvet de Lozier (14 jannewaris 17051786) wie in Frânsk seeman, ûntdekkingsreizger en gûverneur fan de Maskarene-eilannen.

Jean-Baptiste Bouvet de Lozier

Hy waard wees doe't er sân jier wie. Hy krige ûnderrjocht yn Parys en studearre letter navigaasje yn Sint Malo. Hy waard luitenant by de Frânske East Yndia Kompanjy yn 1731. It slagge him en oertsjûgje syn wurkjouwer om him twa skippen ta foldwaan te jaan foar in ûntdekkingsreis yn de Súdlike Atlantyske Oseaan. Mei de skippen Aigle en Marie ûntduts er op 1 jannewaris 1739 in eilân dat nei him neamd waard, Bouveteilân. In koart skoft dêrnei moast er de ekspedysje opjaan om't de measte bemanningsleden siik wurden wiene en gie er werom nei Kaap de Goeie Hope en letter nei Frankryk.

Tsien jier nei dizze ekspedysje waard Bouvet de Lozier twaris beneamd ta gûverneur fan de Maskarene-eilannen, earst fan 1750 oant 1752 en nochris fan 1757 oant 1763.

De rûte fan Charles Bouvet

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES
os 1