Jennifer Walcott
Jennifer Walcott (Youngstown (Ohio), 8 maaie 1977), is in Amerikaansk neakenmodel, aktrise en presintatrise. Hja is it bekendst wurden as de Playboy Playmate fan 'e moanne augustus 2001.
Jennifer Walcott | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jennifer Walcott | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 maaie 1977 | |
berteplak | Youngstown (Ohio) | |
etnisiteit | Iersk Italjaansk Poalsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, aktrise | |
jierren aktyf | 2001 – 2008 | |
offisjele webside | ||
www.jenniferwalcott.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeWalcott waard yn 1977 berne yn Youngstown, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as dochter yn in húshâlding mei yn totaal fjouwer bern. Hja is fan mingd Iersk, Italjaansk en Poalsk etnysk komôf. As bern wie it har dream om bistedokter te wurden. Walcott genoat middelber ûnderwiis oan 'e Lowellville High School, dêr't se lid wie fan it cheerleadersteam fan 'e skoalle.
Karriêre
bewurkje seksjeYn oktober 1996 besleat se mei njoggentjin jier en ferhúzje nei Los Angeles ta, dêr't se in karriêre as model begjinne woe. De earste pear jier hie se it tige krap. Om rûn te kommen moast se twa leechbetelle baantsjes oannimme en dêrnjonken folge se ek noch in oplieding oan it Santa Monica Kolleezje. Yn 2000 ferfear Walcott nei Chicago, om tichter by har beppe te wêzen, dy't tige yn 'e minnichte rekke wie. Nei it ferstjerren fan har beppe ferhuze se werom nei Los Angeles.
Begjin 2001 wurke Walcott as fisazjiste op in feest dat jûn waard troch it neakenblêd Playboy, doe't se opmurken waard troch in neakenfotograaf dy't foar it tydskrift aktyf wie. Dy helle har oer om te neaken foar de Playboy posearjen. Sa waard Walcott de Playmate fan 'e moanne augustus 2001. Neitiid posearre se geregeldwei foar publikaasjes fan Playboy, en doe't Carmen Electra as fotografe in fotoreportaazje foar Playboy makke, keas hja Walcott út as neakenmodel.
Behalven foar de Playboy posearre Walcott ek (en lang net altyd neaken) foar Moves, American Curves, Muscle & Fitness, Hers, Physical, Iron Man, Planet Muscle, Matco en it Australyske tydskrift People. Doe't se swier wie, stie Walcott fierders op 'e omslach fan Holistic Health Magazine. Ek wurke se mei oan ferskate fideoklips, û.m. fan Justin Timberlake, Marc Anthony en de band Sterophonics. Yn 2005 krigen Walcott en har kollega-Playboy-modellen Scarlett Keegan en Destiny Davis de kaaien fan 'e stêd fan 'e boargemaster fan Las Vegas, nei't se posearre hiene foar in kalinder dêr't Las Vegas mei promoate waard as toeristyske bestimming.
Walcott wie ek as aktrise te sjen yn lytse roltsjes yn inkele films: American Pie Presents: Band Camp (2005) en The Pool Boys (2008). Ek wie se te sjen yn it fideospultsje Postal III. Fierders waard se wurdfierster foar merken as Ciclon-rum en Bally's-fruitautomaten. Se liet har op 'e tillefyzje ynterviewe yn û.m. The Howard Stern Show en Entertainment Tonight, en die mei oan in grut tal oare tillefyzjeprogramma's, benammen op it mêd fan realitytillefyzje, wêrûnder The Weakest Link, Street Smarts, Dog Eat Dog, Wild On!, Russian Roulette, MTV Cribs en The Other Half. Ein 2009 presintearre se it advysprogramma foar nije memmen Mom Time op in regional tillefyzjestjoerder yn Arizona.
Priveelibben
bewurkje seksjeWalcott troude op 23 maart 2010 mei de eardere Amerikaansk fuotbalspiler Adam Archuleta. Hja wenje yn Los Angeles, en hawwe twa soannen en in dochter: Jett James, berne op 10 april 2008, Hawk, berne op 7 septimber 2012, en Piper Rose, berne op 1 febrewaris 2014. Yn har frije tiid mei Walcott graach dichtsje; ien fan har gedichten wûn se in Kalifornyske priis fan Reader's Digest mei.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeWalcott is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre as neakenmodel) in gewicht fan 48 kg, en kupmaat 32C, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hie. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hie se (doe) gjin piercings, mar wol hie se in tatoeaazje fan it Playboy-bunny-symboal (it bekende kninekopke mei flinterstrik foar) op har ûnderbúk, oan 'e rjochterkant fan 'e nâle.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Jennifer Walcott
- (in) Jennifer Walcott op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Jennifer Walcott yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens fan Jennifer Walcott op FreeOnes
- (in) Beheinde biografy fan Jennifer Walcott
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|