Jiskenhuzen is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, west fan Sint Nyk oan de eastouwer fan de Jiskenhúster Mar. In part fan de buorskip De Noed falt ûnder it doarp.

Jiskenhuzen
De tsjerke fan Jiskenhuzen
De tsjerke fan Jiskenhuzen
Bestjoer
Provinsje Fryslân
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 500 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Postkoade 8523
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 43' EL
Tinkstien foar Egbert Douwes
Tinkstien foar Egbert Douwes
Kaart
Jiskenhuzen (Fryslân)
Jiskenhuzen
Kaart
De tsjerke fan Jiskenhuzen
Himrik fan Jiskenhuzen yn de eardere gemeente Skarsterlân

Jiskenhuzen hat 500 ynwenners (1 jannewaris 2023) [2].

De namme Jiskenhuzen is mooglik ôflaat fan de persoanenamme Eeske. It twadde part fan de namme "-huzen" betsjut delsetting en sadwaande betsjut de namme "delsetting fan Eeske".

Der wurdt tocht dat it doarp yn 1275 as Beyraburium en yn 1440 as Beyraburum ferwiisd wurdt, mar alhiel wis is dat net. Yn 1495 komt de namme Eeskenhuzen foar en is de âldste foarm fan de hjoeddeistige doarpsnamme. Yn 1543 komt Yskenhuysen foar.

Stins en rjochthûs

bewurkje seksje

Om 1500 hinne stie der in "Roardastins" yn Jiskenhuzen. De dochter fan immen dy't Bave hiet, boasket Fredrick Roarda. Troch dat houlik komt de stins of state yn besit fan de famylje Roarda. Neitiids is der lykwols neat mear oer de stins bekend. Yn de santjinde iuw wie it rjochthûs fan de gritenij Doanjewerstâl dêr fêstige.

Dêrnei moat it doarp in ein leechrûn west hawwe, want yn de achttjinde iuw waard neamd dat der noch mar sân pleatsen bestie en dat in soad lân ta bosk omfoarme waard.

Egbert Douwes

bewurkje seksje

Egbert Douwes, dy't yn Jiskenhuzen hikke en tein wie, wie de grûnlizzer fan de kofjehannel De witte os dy' letter útwaakse soe ta it grutte kofje- en teebedriuw Douwe Egberts. It bedriuw ûntstie de't Egbert Douwes en syn frou Akke Thysses fan Jiskenhuzen nei De Jouwer ferhuzen en dêr yn 1753 mei in "winkel yn kolonjaal guod" útein te setten.

Herfoarme tsjerke

bewurkje seksje
 
Alde Lântsjerkje: monumint fan in oerbliuwsel fan de âlde herfoarme tsjerke

Oant 1936 stie de herfoarme tsjerke fan Jiskenhuzen in ein bûten it doarp, midden tusken de kij en de greiden. It tsjerkje waard yn 1936 ôfbrutsen fanwegen de minne steat fan it gebou. Ea stiene der wol mear gebouwen om hinne. Der wurdt sein dat der yn Jiskenhuzen in grutte brân west hat, dy’t in grut oantal gebouwen yn de jiske lein hat. Wêrûnder de huzen om it tsjerkje hinne. Yn de earste helte fan de tweintichste iuw fûn de boer in soad stiennen en dakpannen yn de grûn.

De eardere herfoarme tsjerke waard omboud ta sylskoalle.

Grifformearde tsjerke

bewurkje seksje

De Grifformearde tsjerke fan Jiskenhuzen is fan 1889 as opfolger fan in tsjerke fan 1844 dy't yn 1889 sloopt waard. By in ferbouwing yn 1929 waarden iermoderne glês-yn-leadruten oanbrocht oan beide sydkanten en de foargevel. Yn it rút fan de foargevel steane de jiertallen 1844-1994 dy't dêr op wize dat de grifformearde gemeente 150 jier bestie.

Yn Jiskenhûzen hat in nôtmûne stien dy't foar 1664 boud waard en nei 1766 ôfbrutsen waard.

 
De Wjukken

It doarpshûs hjit De Stjelp. Pleatslik Belang is de belange-organisaasje fan it doarp en fersoarget it nijs op de facebookside fan it doarp.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2023
269 483 423 388 371 336 438 485 500

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)

  • Thea Sybesma (1960), triatlete en duatlete, is berne yn Jiskenhuzen
  • Egbert Douwes, grûnlizzer fan de kofjehannel "De witte os" dy't letter útwaakse soe ta it kofje- en teekonsern Douwe Egberts, waard yn Jiskenhuzen berne.
  • Bramerstrjitte - G. Bramer wie fan 1868-1874 grifformeard dûmny yn Jiskenhuzen. hy rjochte de jongeling- en jonge fammeferiening op. Syn frou stifte in sneinsskoalle.
  • De Greiden - stik lân foar fee
  • De Ikkers - boulân of stik boulân tusken twa fuorgen.
  • Dwersryd - Yn de 16 iuw wie hjir in ryd (wetter). Der is útsteld dat Holle Ryd in bettere namme west hie, nei de holle grûn dêr't eartiids it wetter op stie.
  • It Boerein -
  • Lytse Buorren - sydstrjitte fan de Buorren
  • Lytse Mar - dyk nei it 'Lytse Marke' in oare namme foar Jiskenhúster Mar. It rekreaasjeterrein dêr hjit ek de Lytse Mar.
  • Mastersein - útein fan it doarp dêr't it skoalmastershûs stie. De steatsskoalle is yn 1934 opheft. De measte bern gienen nei ien fan de beide skoallen (oprjochte 1891 en 1923) oan de Noed.
  • Noed - dyk tusken Jiskenhuzen en Sint Nyk. Waard ek wol Doarpwyk of Poelwyk neamd. Noed is in stik lân dat ekstra noed freget omdat it sa sompich is.
  • Stripedyk - nei de smelle stripe lân dat der neist lei.
  • Troelstrawei - nei sosjalistysk foaroanman en Frysk skriuwer Piter Jelles Troelstra.
  • Tsjerkewei - de grifformearde tsjerke dy't yn 1885-1886 boud waard en yn 1920 ferboud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jiskenhuzen fan Wikimedia Commons.
  De Fryske Marren  
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
  ·   ·  
  NODES