Juliaanske kalinder

De Juliaanske kalinder is de fan oarsprong Romeinske kalinder dy't dêrnei brûkt waard yn it grutste diel fan de kristlike wrâld. Hy waard yn de rin fan de 16e oant de 20e iuw stadichoan ferkrongen troch de Gregoriaanske kalinder, dy't eigentlik allinnich in korreksje is fan de Juliaanske.

De Juliaanske kalinder is neamd nei Julius Caesar, dy't de kalinder yn 45 f.Kr. ynfierde yn syn hoedanichheid fan pontifeks maksimus (haad fan de Romeinske earetsjinst). It hie de finale korreksje wêze moatten op de Romeinske ferzje fan de Egyptyske kalinder, dy't earder al oer it hiele Middellânske Seegebiet ferspraat rekke wie ûnder ynfloed fan it Hellenisme.

Tropysk jier

bewurkje seksje

Op advys fan de Aleksandrynske astronoom Sosigenes lei Caesar in jier fan 365 dagen fêst, lykas dat al yn de Egyptyske bepaald wie. Mar om de fjouwer jier waard in ekstra dei oan it jier tafoege. Dat jout in jier fan gemiddeld 365,25 dagen, in frij goede benadering fan it tropyske jier (it jier basearre op it ferrin fan de seizoenen). De lingte fan it tropyske jier wie yn Caesar syn tiid al wol persyzer bepaald as wêr't de Juliaanske kalinder rekken mei hâldt, mar it wie in simpel systeem en it hie krekt deselde presizens dy't de Romeinske kalinder yn dy tiid ek hawwe koe.

De Juliaanske kalinder is totaal sa'n 11 minuten langer as it tropyske jier. Dêrtroch rint de kalinder yn tûzen jier 7,8 dagen efter op de sinne. Om dy ôfwiking te korrizjearjen en te ferminderen waard yn de 16e iuw de Gregoriaanske kalinder yntrodusearre.

  NODES
os 2