Kaakdieren
De kaakdieren, kakedieren of tsjeakdieren (wittenskiplike namme: Gnathostomata, letterlik: "kaakmûnigen") foarmje in tuskenstamme fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) en de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata). Ta dizze tuskenstamme, dy't soms ek wol as in boppeklasse beskôge wurdt, hearre sa'n 60.000 libbene soarten, wat 99% fan alle wringedieren omfiemet. Dêrûnder binne û.m. de sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en de measte fisken.
kaakdieren | ||
It fossyl fan 'e pânserfisk Dunkleosteus, in primityf kaakdier. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
Gegenbaur, 1874 | ||
Kaakdieren ûnderskiede har fan oare wringedieren trochdat se in boppe- en in ûnderkaak hawwe, en dêrnjonken troch it besit fan tosken, trije ynstee fan twa healsirkelfoarmige kanalen yn it binnenear, en lidden dy't by twaen komme. Men is fan tinken dat de kaken har ûntwikkele hawwe út 'e foarste ûnderstipingsbôgen fan 'e kiuwen, nei't dy in nije rol krigen hiene, nammentlik om wetter oer de kiuwen te pompen troch de bek op in effektivere wize iepen en wer ticht te dwaan. Dat iepen-en-tichtmeganisme evoluëarre meitiid ta in sterker en hurder lichemsdiel en waard sa de ûnderkaak, dy't dêrnei grutter en wider waard om't der dan makliker proaidieren mei fongen wurde koene.
Resint ûndersyk liket út te wizen dat moderne kaakdieren har ûntwikkele hawwe út 'e (útstoarne) klasse fan 'e pânserfisken (Placodermi). Op grûn fan fossile fynsten wurdt oannommen dat de ierste kaakdieren har ûntwikkelen yn it lette Siluer en talryk waarden oan it begjin fan it Devoan.
Tuskenstamme-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |