Kamtsjatka-skiereilân

It Kamtsjatka-skiereilân (Russysk: Полуостров Камчатка, Poluostrov Kamčatka) is in grut Russysk skiereilân, dat yn it uterste easten fan Sibearje nei it suden ta útstiket en dêrby de Beringsee en de See fan Ochotsk faninoar skiedt. It is in tinbefolke gebiet, dominearre troch it Kamtsjatka-berchtme, yn 'e midden fan it skiereilân, dat in grut tal fulkanen en geisers omfiemet. Fan 'e súdpunt fan it skiereilân ôf strekt de eilannegroep fan 'e Koerilen him yn in langrutsen keatling út nei Japan. It Kamtsjatka-skiereilân hat in oerflak fan goed 270.000 km², en in befolking fan rom 322.000 minsken. De oergrutte mearderheid dêrfan bestiet út etnyske Russen; mei de lânseigen befolking fan it skiereilân is it sûnt de kolonisaasje fan it gebiet troch Ruslân yn 'e santjinde iuw sterk yn it neigean rekke.

In steatkundige lânkaart fan 'e Russyske Federaasje, mei dêrop (yn rôze) oanjûn it territoarium Kamtsjatka, dat behalven it skiereilân mei deselde namme ek in stik fan it Sibearyske fêstelân omfiemet.

Doe't de Russyske ûntdekkingsreizger Ivan Moskvitin yn 1639 de kust fan 'e See fan Ochotsk berikte, koed er dêr net fierder om't it him oan 'e materialen ûntbriek om in skip te bouwen. Sadwaande waard it Kamtsjatka-skiereilân úteinlik fan it noarden út ferkend, al duorre dat noch hast oant de ein fan 'e iuw, doe't tusken 1697 en 1699 de ûntdekkingsreizger Vladimir Atlasov hast it hiele skiereilân bereizge. Al rillegau setten Russyske kolonisten har yn it gebiet nei wenjen, wat fanôf 1705 allegeduerigen late ta oarloch mei de lânseigen Korjaken en tusken de Russen ûnderling. Ferskate kearen besocht it Russyske regear om it "Wylde Easten" wer yn 'e besnijing te krijen; sa waard Atlasov derhinne stjoerd, dy't lykwols yn 1711 fermoarde waard. Pas yn 'e 1730-er jierren slagge it Vasili Merlin en meitsje regaad.

 
Petropavlovsk-Kamtsjatskij, de haadstêd fan it Kamtsjatka-skiereilân, mei op 'e eftergrûn de fulkaan de Korjatskij.

Fan 1755 ôf begûn it Russyske regear Kamtsjatka te brûken as ballingsoard foar ûnwinske persoanen. Yn 1768 en 1769 waarden de Korjaken en de súdlik fan harren libjende Itelmenen (of Kamtsjadalen) swier troffen troch in pokke-epidemy. Yn 1820 wiene der noch mar 1.900 Itelmenen oer fan in oarspronklike befolking fan 12.000 oant 25.000 minsken. De oerlibbenen fermongen har foar in grut part mei de Russyske kolonisten, sadat de oantsjutting "Kamtsjadaal" in namme waard foar in Rus dy't op it skiereilân berne wie. Yn 1740 waard de Kamtsjatkyske haadstêd Petropavlovsk-Kamtsjatskij, neamd nei de apostels Petrus (petr) en Paulus (pavl), stifte troch de Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering.

Under de Krimoarloch waard Petropavlovsk-Kamtsjatskij yn 1854 in skoft lang belegere troch de Britten en Frânsen, mar it slagge harren net om it yn te nimmen. Nei't Ruslân yn 1867 Alaska oan 'e Feriene Steaten ferkocht hie, ferlearen Petropavlovsk-Kamtsjatskij en de oare havens har trochfierfunksje. Tsjin 1900 lei de Russyske befolking fan it skiereilân noch mar om 'e 2.500 minsken hinne, wylst de lânseigen befolking sa'n 5.000 minsken omfieme. De Twadde Wrâldoarloch rekke Kamtsjatka mar kwealk, útsein wat de Sovjet-ynfaazje fan 'e (Japanske) Koerilen oangie, yn 'e simmer fan 1945. Nei de oarloch waard it skiereilân útroppen ta in sletten militêre sône, dêr't Russen fan bûten pas wer yn 1989 komme mochten en bûtenlanners pas wer yn 1990. Iroanysk genôch wie de twadde helte fan 'e tweintichste iuw it tiidrek wêryn't de befolking fan Kamtsjatka withoe hurd groeide, benammen troch alle militêre ynstallaasjes dy't der ûnder de Kâlde Oarloch oanlein waarden en it militêre personeel en har gesinnen dy't der sadwaande hinne stjoerd waarden.

 
De topografy fan it Kamtsjatka-skiereilân.

It Kamtsjatka-skiereilân is 1.250 km lang fan noard nei súd, en (op it breedste punt) sa'n 425 km breed fan east nei west. It hat in oerflak fan goed 270.000 km², en wurdt omjûn troch de Beringsee yn it easten en de See fan Ochotsk yn it westen. Fanôf Kaap Lopatka, de súdpunt fan Kamtsjatka, strekt him de eilannegroep fan 'e Koerilen út yn 'e rjochting fan Japan. Oan 'e noardkant sit it skiereilân fêst oan it fêstelân fan eastlik Sibearje. Mei de Kommandeurseilannen en it eilân Karaga, dy't oan 'e eastkant fan Kamtsjatka yn 'e Beringsee lizze, foarmet it skiereilân it territoarium Kamtsjatka, ien fan 'e gewesten fan 'e Russyske Federaasje, hoewol't dat trouwens ek noch in stikje fan it Sibearyske fêstelân omfiemet. De Koerilen hearre dêr net ta, mar binne ynstee bestjoerlik by it eilân Sachalin, oare kant de See fan Ochotsk, yndield.

Oan 'e eastkant telt it skiereilân fan noard nei súd fiif healmoannefoarmige baaien efterinoar. Oan 'e súdlikste dêrfan leit Petropavlovsk-Kamtsjatskij, de territoriale haadstêd. Fuort foar de eastkust lâns rint de 10.500 m djippe Koerilentrôch. Oan 'e westkant bûcht de kust fan Kamtsjatka út om mei in bôge nei de súdpunt te rinnen. Yn 'e midden fan it skiereilân rint it Kamtsjatka-berchtme, dat in grut tal fulkanen en geisers omfiemet dy't mei-inoar ûnder de namme "fulkanen fan Kamtsjatka" op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO steane. Fan 'e yn totaal 160 fulkanen binne der noch 29 aktyf. De heechste fulkaan is de Kljutsjevskaja Sopka, dy't mei in hichte fan 4.750 m de grutste aktive fulkaan op it noardlik healrûn is. Oan 'e eastkant fan it skiereilân rint by de kust lâns it Easterberchtme; tusken de beide berchkeatlings yn leit yn it binnenlân de Sintrale Delling, dêr't de rivier de Kamtsjatka trochhinne streamt.

 
De Russysk-otterdokse Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid, yn Petropavlovsk-Kamtsjatskij.

Wat de befolking fan it gebiet oangiet, binne der allinnich sifers bekend fan it territoarium Kamtsjatka, dat ek guon eilannen en in diel fan it Sibearyske fêstelân omfiemet. Dat territoarium hat in befolking fan rom 322.000 minsken, wêrfan't de grutte mearderheid bestiet út etnyske Russen en yn mindere mjitte út etnyske Oekraïners en oare kolonisten. De lânseigen befolking fan it skiereilân is werombrocht ta 6.100 Korjaken en 3.300 Itelmenen. De Korjaken hawwe yn it noarden fan Kamtsjatka in autonoom gebiet, Korjaakje, mei as haadstêd Palana. De grutste stêd fan it skiereilân is de haadstêd Petropavlovsk-Kamtsjatskij, dêr't mear as de helte fan 'e territoriale befolking wennet, krapoan 180.000 minsken. De twadde stêd is it dêr tichteby leine Jelizovo, mei 39.000 ynwenners.

It Kamtsjatka-skiereilân hat yn it suden in kâld lânklimaat en yn it noarden in poalklimaat. De simmers binne der koel en de winters strang oant tige strang, mei in protte stoarmen. De haadstêd Petropavlovsk-Kamtsjatskij, dy't deunby de súdpunt fan it skiereilân leit, hat simmerdeis in temperatuer fan maksimaal 15 °C en by 't winter minimaal –8 °C. Yn 'e Sintrale Delling, dy't in stik noardliker leit en mear it binnenlân yn, kin it lykwols simmers wol 19 °C wurde en winters wol –41 °C. Kamtsjatka kriget jiers trochinoar 2.700 mm delslach. It skiereilân makket ûnderdiel út fan 'e saneamde Ring of Fire, in seismologysk aktive keatling fan berchtmen en fulkanen om 'e Stille Oseaan hinne, dêr't geregeldwei ierdbevings foarkomme. De swierste ierdskoddings dy't Kamtsjatka yn 'e histoaryske perioade troffen hawwe, wiene ien fan mooglik 9,3 op 'e Skaal fan Richter op 16 oktober 1737, en ien fan 8,2 op 'e Skaal fan Richter op 4 novimber 1952. Yn 2006 fûn der op it skiereilân in rige lichte ierdbevings plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

  NODES
os 6