Mei in kanon wurdt it gehiel fan teksten, bylden, keunstwurken en foarfallen bedoeld dat it referinsjeramt is fan in dielde kultuer of religy. Etymologysk komt it wurd fan it Aldgrykske κανών, ‎kanṓn, dat "mjitstêf" of "standert" betsjut. It byhearrende eigenskipswurd is 'kanonyk'.

It idee fan in kanon is kontroversjeel. Neffens guons is de kanon fan grutte masterwurken yn de literatuer konservatyf en ûnferoarlik, wat kulturele fernijing behinderet. De masterwurken wurde tefolle bewûndere en op in fuotstik setten, wêrtroch't krityske stúdzje te min romte kriget. De kanon soe elitêr wêze, ûnderdiel fan de 'high culture'. De filosoof en sosjolooch Pierre Bourdieu wol ha dat de kanon foar de elite it middel by útstek is om him te ûnderskieden.

Yn religieus opsicht wurde mei de term 'kanon' bepaalde religieuze boekwurken oantsjutten dy't troch de betreffende godstsjinsten as hillich beskôge wurde, bygelyks de Tenach foar it joadendom, de Bibel foar it kristendom en de Koran foar de islam.

  NODES