In keizer (Latynsk: Imperator) is de heechste titel foar in monarch, en hat moreal sjoen in heger oansjen as in kening. De etymology fan keizer rint wêrom nei Julius Caesar, waans efternamme as keizer útsprutsen waard. It wie net Julius Caesar sels, mar syn neef en opfolger Augustus dy't it wurd Caesar brûkte as syn titel. Yn it East-Romeinske Ryk bleau de titel oant en mei 1453 bestean.

Karel de Grutte kroane him yn 800 ta keizer fan it Westen, dat wie de earste net Romeinske keizer. Yn it Hillige Roomske Ryk waard ek de keizerstitel brûkt. Napoleon waard kroand ta keizer yn 1804. Oant en mei 1918 waard de keizerstitel allinnich noch brûkt yn it Dútske Keizerryk en Eastenryk-Hongarije.

De Russyske tsaren wienen ferlykber mei in keizer. Bûten Jeropa waard yn 'e wrâldskiednis de keizertitel brûkt yn Súd-Amearika, Afrika en Aazje, mar dy binne net itselde as de Jeropeeske keizertitels. Japan is sûnt 600 foar Kristus in keizerryk, mar is it iennichste lân op ierde dy't no noch in keizer hat.

  NODES
os 1