In kelder (fan it Latynske cellarium) is it diel fan in gebou dat ûnder de grûn (d.w.s. ûnder it meanfjild) leit. Troch de isolearjende wurking fan 'e omjaande ierde hearsket der yn dit diel fan gebouwen in frijwol konstante temperatuer. Dêrby is it der simmerdeis relatyf koel, en yn strange winters minder kâld as bûtendoar. Sadwaande waarden kelders fan âlds brûkt foar de opslach fan iten, lykas griente, fruit en jirpels, mar likegoed foar guod dat net goed oer temperatuerwikselings kin, lykas wyn.

In wynkelder.

Tsjintwurdich wurde kelders fan âlde huzen faak brûkt as sliepromte of as muzykstudio (fanwegen de natuerlik lûdsisolaasje dy't de omjaande ierde biedt). Mids tweintichste iuw waard op in stuit opholden mei it tafoegjen fan kelders oan nije wenten (hoewol't der faak wol in krûpromte wie). Begjin ienentweintichste iuw hawwe oprinnende huzeprizen derta laat dat der no faak wol wer kelders yn nije wenten oanlein wurde, om't dat relatyf goedkeap foar ekstra wen- of opslachromte soarget.

As in kelder foar in diel boppe it meanfjild útstekt (mei finsters heech yn 'e muorre) sprekt men fan in sûterrên. Oarsoartige kelders binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES