Kelheim (Landkreis)
De lânkring Kelheim is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De lânkring waard yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte yn 1972. De haadstêd fan 'e lânkring is Kelheim.
Lânkring Kelheim | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 126.539 (2023)[1] | |
Oerflak | 1.065,12 km² | |
Befolkingsticht. | 119 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Beieren | |
Regierungsbezirk | Niederbayern | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Donaupark 12 93309 Kelheim | |
Koördinaten | 48° 54' N 11° 51' E | |
Oprjochting | 1972 | |
Yndieling | 24 gemeenten | |
Kenteken | KEH, MAI, PAR, RID, ROL | |
Kreiskaai | 09 2 73 | |
Webside | landkreis-kelheim.de |
Gemeenten
bewurkje seksjeDe gemeente is ferdield yn 24 gemeenten, wêrûnder 5 stêden en 6 Märkte. Fierder binne der trije gebieten dy't net by in gemeente binne ûnderbrocht.
Gemeentefrij gebiet (65,71 km²)
|
Oare gemeenten |
Verwaltungsgemeinschaften
bewurkje seksjeDe lânkring hat fiif saneamde Verwaltungsgemeinschaften*.
- Verwaltungsgemeinschaft Ihrlerstein, mei de oansletten gemeenten Essing en Ihrlerstein.
- Verwaltungsgemeinschaft Langquaid, mei de oansletten gemeenten Langquaid. Hausen en Herrngiersdorf.
- Verwaltungsgemeinschaft Mainburg, mei de oansletten gemeenten Mainburg, Aiglsbach, Attenhofen, Elsendorf en Volkenschwand.
- Verwaltungsgemeinschaft Saal/Donau, mei de oansletten gemeenten Saal/Donau en Teugn.
- Verwaltungsgemeinschaft Siegenburg, mei de oansletten gemeenten Siegenburg, Biburg, Kirchdorf, Train en Wildenberg.
(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen, sjoch ûnder: de:Landkreis Kelheim
|