Kimi Räikkönen (folút: Kimi-Matias Räikkönen; Espoo, 17 oktober 1979) is in Finsk autokoereur yn 'e Formule 1-klasse. Yn 2007 waard er as sadanich wâldkampioen foar Ferrari, nei't er earder riden hie foar Sauber-Petronas en foar McLaren-Mercedes. Hy einige twad yn 2003 en 2005 en trêd yn 2008, 2012 en 2018. Hy is ien fan 'e seldsume koereurs dy't yn har karriêre mear as hûndert poadiumposysjes behelle hawwe. Räikkönen, waans bynamme The Iceman ("De Man fan Iis") is, hat 21 kear in grutte priis wûn, wat him ta de súksesfolste autokoereur fan Finlân makket. Bûten de sport om stiet er bekend om syn ôfhâldige persoanlikheid en syn tsjinnichheid om diel te nimmen oan public relations-eveneminten.

Kimi Räikkönen
Formule 1
Kimi Räikkönen (2007)
Kimi Räikkönen (2007)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kimi-Matias Räikkönen
bynamme The Iceman
nasjonaliteit Finsk
bertedatum 17 oktober 1979
berteplak Espoo
etnisiteit Finsk
Formule 1 karriêre
jieren aktyf 2001-2009, 2012-2021
autonûmmer 7
Teams Sauber 2001
McLaren 2002–2006
Ferrari 2007–2009
Lotus 2012–2013
Ferrari 2014–2018
Alfa Romeo 2019–2021
Tal races 353 (349 starts)
Kampioenskippen 1 (2007)
Oerwinningen 21
Tal poadia 103
tal Polepositions 18
offisjele webside
Webstee fan Kimi Räikkönen

Jonge jierren

bewurkje seksje

Räikkönen begûn doe't er tsien jier wie mei karten yn de nasjonale kompetysje, doe’t er fyftjin wie die er foar it earst mei oan in wedstriid yn Monako, in jier letter die er wer mei mar bedarre op de ferkearde dyk syn monteur tocht dat er útfallen wie mar Räikkönen draaide iiskâld de kart om en ried wer werom rjochting parkoers en finiste as tredde yn de wedstriid.

Oerstap nei auto’s

bewurkje seksje

yn 1998 makke Kimi de oerstap nei de auto’s en ride it earste jier yn in de Formula Ford Euro Cup, yn de twa jier dernei 1999 en 2000 ride er yn de Formule Renault Kampioenskip dêr't er twa kear it kampioenskip wûn.


Ein 2000 krige Räikkönen nei in test race in kontrakt by it team fan Sauber by syn earste wedstriid yn Austraalje waard Räikkönen sânde, mar promovearre nei it sechsde plak om’t Olivier Panis in tiidstraf krige foar it ynheljen ûnder in giele-flagge situaasje. In dit earste jier behelle Räikkönen fjouwer kear punten en einige acht kear yn de top acht. Hy besleat it seizoen mei njoggen punten op it tsiende plak yn it wrâldkampioenskip.

2002 – 2006

bewurkje seksje

Nei ien seizoen foar Sauber riden te hawwen makke Räikkönen yn 2002 de oerstap nei McLaren. Neidat Mika Häkkinen syn pensjoen oankundige hie. It jier ferrûn net al te bêst troch in protte problemen mei de motor en fersnellingsbak fan de McLaren. Mar Räikkönen wist dochs ek syn earste poadium plak te beheljen en as sechsde de einigjen yn it wrâldkampioenskip mei 24 punten.

It folgjende seizoen dat fan 2003 begon fuort goed foar Räikkönen mei in tredde plak yn Austraalje en syn earste oerwinning yn de Formule 1 tidens de Grutte Priis Formule 1 fan Maleisje. En in twadde plak yn San-Marino. Oan it ein fan it seizoen wie Räikkönen twadde yn it wrâldkampioenskip mei 91 punten, mar twa punten efter de Wrâldkampioen Michael Schumacher.

Yn it seizoen 2004 wist Kimi de earste trije races net oan de finis te bedarjen, troch problemen mei de fersnellingsbak en motor fan de auto. Räikkönen en syn ploeggenoat David Coulthard hiene safolle problemen mei de auto dat McLaren healwei it seizoen al mei in folslein nije auto kaam. En dat die fertuten, want by de Grutte Priis Formule 1 fan Grut-Brittanje behelle hy daliks de pole position en einige op it poadium. En tidens de Grutte Priis Formule 1 fan Belgje syn twadde oerwinning fan syn kariere. Räikkönen waard úteinliks sande yn it wrâldkampioenskip mei 45 punten, ûndanks dat er acht kear net finist wie.

2005 fergie it McLaren beter. De auto hearde by de top fan it fjild, njonken de auto fan Renault, en wie eins de snelste, mar wer wiene problemen mei de motor in stroffelstien foar Räikkönen. Hy waard dat seizoen fjouwer kear tsien plakken werom setten by de start fanwegen in motorwiksel en behelle trije kear de finish net. Mar behele ek sân oerwinningen. Spanje, Monako, Kanada, Hongarije, Turkije, Belgje en Japan. De lêste oerwinning yn 2005 op Suzuka, wie ien fan de moaiste oerwinningen ea. Fanwege de al earder neamde problemen mei de motor en swiere rein tidens de kwalifikaasje moest Räikkönen sa goed as eftreroan starte mar Räikkönen slagge der yn om nei foaren op te skouwen en koe sa yn it lêste rûntsje de lieder yn de wedstriid Rubens Barrichello yn te heljen en wist sa de wedstriid te winnen. Räikkönen waard yn 2005 wer twadde yn it wrâldkampioenskip 21 punten efter wrâldkampioen Fernando Alonso.

2006 ferint net goed foar Räikkönen en hy wurdt fyfde yn it wrâldkampioenskip mei 65 punten wylst er hope hie mei te dwaan om de titel. Hy ferlit dan ek teloarsteld it tiim fan McLaren en makket foar 2007 de oerstap nei it tiim fan Ferrari

 
Räikkönen yn de Ferrari 2007

2007 begjint daaliks goed foar Räikkönen by syn nije tiim. Hy wint de Grutte Priis fan Austraalje. En trije moanne letter wint er ek yn Frankryk Räikkönen behellet yn 2007 seis kear in oerwinning en wurdt twa kear twadde en fjouwer kear tredde. De lêste wedstriid fan it seisoen wurd spanend mei sân punten efterstân op de Brit Lewis Hamilton begjint er oan de race yn Brazylje. Hy wint dizze wedstriid en dertroch mei in krappe foarsprong. Fan mar ien punt op Alonso en op Hamilton, wurdt "The Iceman" nei Keke Rosberg (1982) en Mika Häkkinen (1998,1999) de tredde Finske wrâldkampioen yn de Formule 1.

Yn 2008 ferdigenet Räikkönen syn kampioenskip mar slagget hjirre net yn. Hy behellet mar twa kear in oerwinning, komt nog al alve kear op it poadium, goed foar 75 punten en in tredde plak yn it kampioenskip efter Lewis Hammilton en Felipe Massa

2009 wurdt foar earst it lêste seizoen Räikkönen yn de Formule 1. Nei teloarstellende risseltaten beslút er der in punt efter te setten. Hy behellet 48 punten en hellet kear de finish net en mar ien oerwinning. Hy wurdt sechsde yn it kampioenskip.

2012 – 2013

bewurkje seksje

Ein 2011 wurdt oankundige dat Räikkönen yn 2012 werom komt yn de Formule 1 nei twa jier yn it Rally Kampioenskip riden te hawwen. Hy giet riden foar it tiim Lotus en kriget as ploechgenoat debutant Romain Grosjean. It seizoen ferint goed en Räikkönen wit sels in oerwinning te pakken yn Abu Dhabi. De earste Oerwinning foar Lotus sûnt 1987. Räikkönen wurdt op it eins els tredde yn it wrâldkampioenskip mei 207 punten. 74 punten efter de winner Sebastian Vettel.

Ek yn 2013 riid Räikkönen wer foar Lotus en wint de earste race fan it seizoen. En wurd trije kear twadde. Mar de rest fan it seizoen giet net fantastysk. Räikkönen kriget net mear betelle troch finansjele problemen by Lotus en de lêste twa wedstriden kin er net meidwaan troch problemen mei syn rêch. Hy wurdt noch wol kreas fiifde yn it klassemint mei 189 punten.

2014 – 2018

bewurkje seksje

Yn 2014 giet Räikkönen werom nei it tiim fan Ferrari, Tidens it seizoen beslút er dat hy nei 2015 stopje sil mei de Formule 1, Mar komt letter werom op dat beslút, om’t er noch in protte wille had yn de sport. Räikkönen wurdt dit seizoen 12 yn it klassemint mei 55 punten en gjin inkeld poadiumplak as oerwinning.

2015 giet alwer wat better en behellet yn Bahrein syn earste poadiumplak sûnt er werom is by Ferrari. Dit seizoen wurdt er ek noch twa kear tredde, Hy behellet 150 punten en wurdt fjirde yn it einklassemint.

It seizoen 2016 ferynt lykas 2015 mar by de Grutte Priis fan Ruslân wit er in poadiumplak te beheljen it 700ste poadiumplak foar Ferrari yn de skiednis. Kimi Behellet dit seizoen fjouwer poadiumplakken en wurdt mei 186 punten sechsde yn it einklassemint.

Yn 2017 behellet Kimi Räikkönen yn Monako syn earste Pole Position sûnt 2008, mar wit de wedstriid net te winnen. Hy behellet noch wol seis kear in poadiumplak. Mei 205 punten wurdt er fjirde yn it einklassemint.

2018 wurdt it lêste jier fan Räikkönen by Ferrari, Al behellet er yn 2018 mar leafst alve kear it poadium en ien oerwinning en in tredde plak yn it einklassemint. Mar dochs moat er op syk nei in oare ploech. Dit wurdt it tiim fan Alfa Romeo.

2019 – 2021

bewurkje seksje

It seizoen 2019 foar The Iceman set goed útein mei 31 punten yn de earste helte fan it seizoen. Mar de rest ferint net goed en behellet acht races efter inoar gjin punt pas by de Brazyljaanske Grutte Priis behellet er mei in fjirde plak wer punten. Hy wurd 12de yn it einklassemint mei mar 43 punten.

2020 is net in goed seizoen it wurdt oer de kop set troch Koroana en foar Räikkönen sitte er oan it ein fan dit rommelige seizoen mar fjouwer punten yn en in 16de plak yn it einklassemint.

Begjin septimber fan it seizoen 2021 makket Räikkönen bekent dat er nei dit seizoen definityf stoppet yn de Formule yn. It seizoen wurdt net mear dominearre troch koroana mar Räikkönen testet posityf op dizze sykte, krekt foar de Grutte Priis fan Nederlân hy mist dêrtroch dizze wedstriid en de wedstriid op Monza.

Oersjoch Formule 1-karriêre

bewurkje seksje
2001 2002 2003 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2012 2013 2014 2015 2016 2017 2018 2019 2020 2021 Totaal
Oantal races 17 17 16 18 19 18 17 18 17 20 17 19 19 21 20 21 21 17 21 353 (349 starts)
Oantal oerwinningen 0 0 1 1 7 0 6 2 1 1 1 0 0 0 0 1 0 0 0 21
Oantal pole-positions 0 0 2 1 5 3 3 2 0 0 0 0 0 0 1 1 0 0 0 18
Aantal rapste rûntsjes 0 1 3 2 10 3 6 10 0 2 2 1 2 1 2 1 0 0 0 46
Oantal Poadiumplakken 0 4 10 4 12 6 12 9 5 7 8 0 3 4 7 12 0 0 0 103
WK-punten 9 24 91 45 112 65 110 75 48 207 183 55 150 186 205 251 43 4 10 1873
Einstân WK 10 6 2 7 2 5 1 3 6 3 5 12 4 6 4 3 12 16 16

Oerwinningen yn de Formule 1

bewurkje seksje
Jier Lân Grutte Priis Team
2003   Maleizje Grutte Priis fan Maleizje 2003   McLaren
2004   Belgje Grutte Priis fan Belgje 2004
2005   Spanje Grutte Priis fan Spanje 2005
   Monako Grutte Priis fan Monako 2005
  Kanada Grutte Priis fan Kanada 2005
  Hongarije Grutte Priis fan Hongarije 2005
  Turkije Grutte Priis fan Turkije 2005
  Belgje Grutte Priis fan Belgje 2005
  Japan Grutte Priis fan Japan 2005
2007   Austraalje Grutte Priis fan Austraalje 2007   Ferrari
  Frankryk Grutte Priis fan Frankryk 2007
  Grut-Brittanje Grutte Priis fan Grut-Brittanje 2007
  Belgje Grutte Priis fan Belgje 2007
  Sina Grutte Priis fan Sina 2007
  Brazylje Grutte Priis fan Brazylje 2007
2008   Maleizje Grutte Priis fan Maleizje 2008
  Spanje Grutte Priis fan Spanje 2008
2009   Belgje Grutte Priis fan Belgje 2009
2012   Feriene Arabyske Emiraten Grutte Priis fan Abû Dabi 2012   Lotus
2013   Austraalje Grutte Priis fan Austraalje 2013
2018   Feriene Steaten Grutte Priis fan de Feriene Steaten 2018   Ferrari

Wrâldkampioenskip Rally

bewurkje seksje
 
Räikkönen yn de Citroën DS3 WRC 2011

Yn 2009, 2010 en 2011 docht The Iceman mei oan rally's en it Wrâldkampioenskip Rally, Syn earste Rally riidt er yn Laplân tidens de Arctic Rally. Hy finist dizze earste rally as 13de. Foar it seizoen 2010 komt er út foar it tiim fan Citroën. Yn Frankryk wit er syn earste rally te winnen de Rallye Vosgien. Hy behelle 25 punten yn dit seizoen en waard 10de yn it einklassemint fan it Wrâldkampioenskip Rally.

Yn 2011 komt er mei in eigen tiim oan de start mei de namme ICE 1 Racing, Ek dit jier einiget er as 10de yn it einklassemint mei 34 punten.

útslaggen Wrâldkampioenskip Rally

bewurkje seksje
Jier Tiim Auto 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 Einklassemint Punten
2009 Tommi Mäkinen Racing Fiat Grande Punto S2000  
Rally fan Ierlân
 
Rally fan Noarwegen
 
Rally fan Syprus
 
Rally fan Portegal
 
Rally fan Argentynje
 
Rally fan Sardynje
 
Acropolis Rally
 
Rally fan Poalen
 
Arctic Rally
Dnf
 
Rally fan Austraalje
 
Rally fan Kataloanje
 
Rally fan Wales
NC 0
2010 Citroën Junior Team Citroën C4 WRC  
Rally fan Sweden
29
 
Rally fan Meksiko
Dnf
 
Rally fan Jornaanje
8
 
Rally fan Turkije
5
 
Rally fan Nij-Seelân
 
Rally fan Portegal
10
 
Rally fan Bulgarije
11
 
Arctic Rally
25
 
Rallye Deutschland
7
 
Rally fan Japan
Dnf
 
Rally fan de Elzas
Dnf
 
Rally fan Kataloanje
Dns
 
Rally fan Wales
8
10 25
2011 ICE 1 Racing Citroën DS3 WRC  
Rally fan Sweden
8
 
Rally fan Meksiko
 
Rally de Portugal|
7
 
Rally fan Jornaanje
6
 
Rally fan Sardynje
 
Rally fan Argentynje
 
Acropolis Rally
7
 
Arctic Rally
9
 
Rallye Deutschland
6
 
Rally fan Austraalje
Wd
 
Rally fan de Elzas
Dnf
 
Rally fan Kataloanje
Dnf
 
Rally fan Wales
Dnf
10 34

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES
3d 1
mac 1
os 10
web 3