Klaas Folkerts Post

Klaas Folkerts Post (Kimswert, 9 desimber 1843Amsterdam, 17 febrewaris 1921) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw trije kear de PC wûn. Hy wie ferver fan berop en dreau in kafee yn Kimswert. Post rekke lykwols oan 'e drank en syn bedriuw gie oer de kop. Hy ferfear nei Amsterdam, dêr't er de rest fan syn libben wenne.

Klaas Folkerts Post
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Klaas Folkerts Post
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 desimber 1843
berteplak Kimswert (Fryslân)
stjerdatum 17 febrewaris 1921
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút 1861
karriêre-ein 1876
wichtige prestaasjes
PC: 3× earste priis
PC: 5× twadde priis

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Keatskarriêre

bewurkje seksje

Post waard yn 1843 berne yn Kimswert, yn 'e doetiidske gritenij Wûnseradiel. Hy sette yn 1861 útein mei in karriêre yn it keatsen. Dat jiers died er mei in partoer dat fierders bestie út twa fan syn bruorren mei oan 'e PC yn Frjentsjer, mar dat waard gjin súkses. Yn 1864 einige er mei oare maten foar it earst op it twadde plak fan 'e PC.

Yn 1867 wûn Post foar it earst de PC, yn 'e mande mei Rein Schiphof en Auke Miedema, beide fan Berltsum. Yn 1868 prolongearren dy trije mannen harren titel, en yn 1869 wûn Post de PC foar de trêde kear, doe mei Miedema, dy't ûnderwilens nei Frjentsjer ferfearn wie, en Klaas W. Boorsma fan Tsjummearum. Neitiid behelle Post noch fjouwer kear it twadde plak op 'e PC: yn 1871, 1872, 1875 en 1876. Dêrmei garre er yn totaal 50 punten op foar it Ivich Keatsklassemint. Yn 1876 breide Post in ein oan syn keatskarriêre.

Fierdere libben

bewurkje seksje

Hy wie ûnderwilens yn 1867 troud mei in Antsje Westra. Syn frou wie de dochter fan in rike grutboer, mar hja hie in hazzelippe, en dêrom wie hja dreech oan 'e man te helpen. Klaas Post, dy't fan berop ferver wie, fûn soks lykwols gjin beswier, en dêrop kocht syn skoanheit foar him it Kimswerter kafee 'Grutte Pier'. Mei't dêr fanwegen Post syn sportaktiviteiten in protte keatsers del kamen, rûn dy saak yn 't earstoan poerbêst. Sa't in protte kastleins yn 'e njoggentjinde iuw diene, organisearre Post sels ek geregeldwei keatspartijen, wêrby't er flinke prizen beskikber stelde: inkeldris wol ƒ60, wat yn dy tiid in wier fermogen wie.

Nei 1876 bleau it om Post hinne in hoart stil, oant der yn 1879 in advertinsje fan him yn in pleatslike krante ferskynde wêryn't er om klanten foar syn ferverswurk frege. Ut 'e tekst komt net nei foarren wat der krekt bard wie, mar wol skreau er: "Wat my oerkommen is, kin en sil eltsenien wol barre kinne." Ut lettere foarfallen kin opmakke wurde dat Post oan 'e drank rekke wie en dat er syn kafee kwytrekke wie.

Yn 1879 wie syn âldste dochter Tryntsje al nei Amsterdam gien, dêr't se tsjinstfaam by in skoalmaster wurden wie. Post en de frou ferhuzen sels yn 1882 ek nei Amsterdam, dêr't hy in baan fûn by fervefabryk Fa. Vettewinkel. Post ûntdiek in nij prosedee foar de tarieding fan ferve, mar dêr frege it fabryk oktroai op oan en hysels fertsjinne der gjin sint oan. Oer it fierdere libben fan Klaas Folkerts Post is net in soad bekend. Doe't yn 1892 syn dochter Tryntsje troude, koe har mem Antsje dêr net by wêze, mei't dy opnommen wie yn it psychiatrysk sikehûs Meerenberg yn Santpoort. Post bleau yn Amsterdam te wenjen, dêr't er yn 1921, yn 'e âlderdom fan 77 jier, kaam te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES
orte 1