Klaas Kuiken (Minnertsgea, 28 maart 1902Ljouwert, 28 april 1984) wie in Frysk keatser.[1] 'De Kúk' wûn fjouwer kear de kampioensmedalje fan it Nederlânske Keatsbûn (1927, 1929, 1930 en 1931) en trije kear de PC (1925, 1926 en 1932).

Klaas Kuiken
keatser
Kuiken mei al syn medaljes en de Sulverne Keningsbal fan 'e PC.
Kuiken mei al syn medaljes en de Sulverne Keningsbal fan 'e PC.
persoanlike bysûnderheden
bynamme De Kúk
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 28 maart 1902
berteplak Minnertsgea (Fryslân)
stjerdatum 28 april 1984
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sport keatsen
PC 1925 Kening,
1926 Kening,
1932 Kening,
1937,
1941
debút 1921
karriêre-ein 1947
wichtige prestaasjes
NK keatsen foar senioaren: 3× twadde priis
PC: 3× twadde priis
NK keatsen foar senioaren: 2× twadde priis
PC: 3× trêde priis

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Kuiken waard yn 1902 berne yn Minnertsgea, yn 'e doetiidske gemeente Barradiel. Hy wie in arbeidesrssoan fan Dirk en Tryntsje Kuiken en fan Biltsk komôf. Kuiken wenne lange tiid yn Sint-Jabik en dêrnei de rest fan syn libben yn Sint-Anne. Hy sette yn 1921 útein mei in karriêre yn it keatsen, en die yn totaal 21 kear mei oan 'e PC, fan 1924 oant en mei 1947. Yn 1925 wûn er de PC foar de earste kear, mei in partoer dat fierders bestie út Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Ids Jousma fan Dokkum. Kuiken waard dat jiers ta kening útroppen, en dat barde yn 1926 op 'e nij, doe't er de PC wer wûn mei itselde partoer.

Yn 1928 einige Kuiken mei syn maten op 'e PC op it twadde plak, doe't se yn 'e finale ferslein waarden troch Ids Roukema, Dirk de Jong en Klaas Kooistra. Yn 1929 en 1931 behelle er de twadde priis op it NK keatsen foar senioaren, dat doedestiden noch de Bûnspartij foar Senioaren neamd waard. Yn 1931 klom Kuiken ek wer op nei it twadde plak op 'e PC, dêr't hy en syn partoer it dat jiers yn 'e finale ferlearen fan Taede Zijlstra, Pieter Helfrich en Klaas de Jager. Syn trêde oerwinning op 'e PC behelle Kuiken yn 1932, mei Sape de Haan en Jan van der Lei, dy't beiden fan Berltsum kamen. Kuiken waard op 'e nij ta kening fan 'e PC útroppen.

Yn 1933, 1934 en 1935 hearde Kuiken ta it winnende partoer op it NK keatsen foar senioaren. Underwilens berikte er yn 1934 it trêde plak op 'e PC, en yn 1935 it twadde plak, doe't hy en syn maten yn de finale belies jaan moasten tsjin Taede Zijlstra, Dooitzen de Bildt en Sjouke Helfrich. Mei dy beide lêsten, De Bildt, dy't fan Sint-Jabik kaam, en Helfrich, út Frjentsjer, wûn Kuiken yn 1937 de PC foar de fjirde kear. Dat jiers waard Sjouke Helfrich ta kening útroppen. Yn 1939 en 1940 berikte Kuiken noch twa kear it trêde plak op 'e PC.

Op 4 augustus 1941 die Kuiken ek wer mei oan 'e PC, dy kears yn in partoer mei Jan de Groot fan Weidum en op 'e nij Sjouke Helfrich, dy't ûnderwilens nei Winaam ferhuze wie. Dy moarns reizge er mei frou en dochter op 'e trambus fan Sint-Jabik nei Frjentsjer, doe't de sjauffeur, dy't letter in kondukteur bliek te wêzen dy't ynfoel as sjauffeur, de tram by Seisbierrum troch in ûnhandige maneuver kantelje liet, sadat it hiele spul yn 'e sleat belâne.[2] De Ljouwerter Krante fan 5 augustus berjochte dêroer:

"De hear Van der Meij út Seisbierrum, dy't tafallich efter de bus ried, wist guon passazjiers, ûnder wa de bekende keatser Kuiken út Sint-Jabik en dy syn frou en bern, út de bus te helpen, wylst tasketten omwenjenden de oaren út harren behyplike posysje rêden."[2]

Trije fan de 26 ynsittenden rekken by it ûngemak slim ferwûne en moasten oerbrocht wurde nei it sikehûs. Kuiken rûn in lichte harsensskodding op en belâne thús op bêd. Doe't er nei in skoft sliept te hawwen, wekker waard en besefte dat er thús wie en net op it Sjûkelân, gied er der lykwols ôf, klaaide him oan en frege de pleatslik nôtkeapman Wijbenga, dy't in auto hie, om him nei Frjentsjer te riden. Dêr hiene syn maten al sein, nei't it nijs fan it ûngelok harren berikte: "As er net dea is, komt er noch wol." De earste omgong wie ûnderwilens ferkeatst, wêrby't Ynse Kuperus foar Kuiken ynfallen wie.[2]

Nei syn oankomst naam Kuiken it oer en keatste de rest fan 'e dei mei in harsensskodding troch. Hy, De Groot en Helfrich hellen de finale en fersloegen dêryn it partoer fan Jan van Dijk, Taede Zijlstra en Jan van der Lei. Sa wûn Kuiken foar de fyfde kear de PC. Jan de Groot waard útroppen ta kening. Neffens it ferhaal kaam de jûns, doe't Kuiken wer thús yn Sint-Jabik wie, dokter noch even del om te sjen hoe't it mei him wie. "Jo binne in raar man," soe dokter sein hawwe. "Dat kan wel weze," antwurde Kuiken nei't it skynt, "maar salle jou my eerst niet even felisitere? Ik hew wel de PC wonnen."[2]

Dy oerwinning op de PC wie Kuiken syn lêste grutte priis. Yn 1942 berikte er nochris it twadde plak op it NK keatsen foar senioaren. Hoewol't er noch oant 1947 trochgie mei keatsen op heech nivo, behelle er dêrnei gjin wichtige prizen mear. Yn totaal garre Kuiken ûnder syn keatskarriêre 628 punten op foar it Ivich Keatsklassemint, en wûn er 35 keningskippen. Hy wie ek de earste skathâlder fan de op 7 april 1938 oprjochte Feriening fan Keatsers. Hy bleau de rest fan syn libben op It Bilt te wenjen en kaam yn 1984 yn 'e âlderdom fan 82 jier yn it sikehûs yn Ljouwert te ferstjerren.

  • 1924 Bûnspartij senioaren / NK 4e priis
  • 1925 Bûnspartij senioren / NK 5e priis
  • 1925 PC 1e priis
  • 1926 PC 1e priis
  • 1927 Bûnspartij senioaren / NK 4e priis
  • 1928 PC 2e priis
  • 1929 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis
  • 1930 Bûnspartij senioaren / NK 5e priis
  • 1931 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis
  • 1931 PC 2e priis
  • 1932 PC 1e priis
  • 1933 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1934 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1934 PC 3e priis
  • 1935 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1935 PC 2e priis
  • 1937 PC 1e priis
  • 1939 Bûnspartij senioaren / NK 5e priis
  • 1939 PC 3e priis
  • 1940 PC 3e priis
  • 1941 PC 1e priis
  • 1942 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis
  • 1947 Bûnspartij senioaren / NK 8e priis

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Allefriezen.nl: berteakte
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Vries, Eddy de, Kaatsverhaal: PC-winnaar met hersenschudding, yn: de Frjentsjerter Krante, 12 septimber 2018, s. 5.
  NODES
os 1