Knoxville (Tennessee)

Knoxville (Ingelske útspraak: /ˈnɑksˌvɪl/, likernôch: "noks-wil") is in stêd en gemeente yn 'e Amerikaanske steat Tennessee, dy't it haadplak is fan it omlizzende Knox County. De stêd waard stifte yn 1791 en wie de earste en oarspronklike haadstêd fan Tennessee. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie Knoxville doe goed 186.000 ynwenners, wat it ta de trêde stêd fan Tennessee makket (nei Nashville en Memphis) en ta de 117e stêd yn 'e Feriene Steaten. As stêdekloft, d.w.s. mei foarstêden en it omlizzende ferstedske plattelân meirekkene, hat Knoxville in befolking fan krapoan 560.000 minsken. Yn 'e stêd binne de Universiteit fan Tennessee en de Tennessee Valley Authority (TVA) fêstige. As ien fan 'e grutste stêden fan 'e Appalachen foarmet Knoxville fierders ien fan 'e tagongspoarten ta it Nasjonaal Park de Great Smoky Mountains.

Knoxville
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Tennessee
County Knox County
Sifers
Ynwennertal 186.239 (2016)
Oerflak 269,8 km² (ynkl. wetter)
255,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 690,3 / km²
Stêdekloft 558.696 (2010)
Hichte 270 m
Oar
Stifting 1791
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 35°58′22″N 83°56′32″W
Offisjele webside
www.knoxvilletn.gov
Kaart
De lizzing fan Knoxville yn Knox County en yn 'e steat Tennessee.

Knoxville leit yn Knox County, yn it easten fan 'e Amerikaanske steat Tennessee, en yn it foarlân fan 'e Appalachen, dy't it heechste berchtme yn Noard-Amearika eastlik fan 'e Rocky Mountains foarmje. De stêd is sitewearre yn 'e Grutte Appalachendelling, dy't pleatslik bekend stiet as de Tennesseedelling, en markearret likernôch it mulpunt tusken it Cumberlandplato yn it westen en de Great Smoky Mountains (dy't ûnderdiel útmeitsje fan 'e Appalachen) yn it easten. It lânskip yn 'e neite fan Knoxville wurdt karakterisearre troch lange, smelle berchrêgen, flankearre troch brede dellings.

 
Utsjoch op 'e binnenstêd fan Knoxville, sjoen fan Sharp's Ridge ôf, mei yn 'e fierte op 'e eftergrûn de Great Smoky Mountains.

De rivier de Tennessee streamt dwers troch de binnenstêd fan Knoxville en ûntstiet yn it súdeastlike part fan 'e stêd, by de gearfloeiïng fan 'e rivier de Holston, dy't yn súdwestlike rjochting út Firginia wei streamt, en de French Broad River, dy't nei it westen ta streamt út Noard-Karolina wei. It diel fan 'e Tennessee dat troch Knoxville streamt, makket eins ûnderdiel út fan 'e Fort Loudoun-mar, in keunstmjittige opslachmar dy't ûntstien is troch de oanlis fan 'e Fort Loudoun-keardaam fan 'e Tennessee Valley Authority, sa'n 50 km streamôf, yn Lenoir City. Sydrivieren fan 'e Tennessee yn 'e krite fan Knoxville binne û.o. First Creek en Second Creek, dy't troch it stedssintrum streame, Third Creek, dy't westoan streamt fan 'e kampus fan 'e Universiteit fan Tennessee ôf, en Sinking Creek, Ten Mile Creek en Turkey Creek, dêr't de westlike bûtenwiken fan Knoxville yn ôfwetterje.

De stêd Knoxville hat in oerflak fan 269,8 km², wêrfan 255,2 km² lân en 14,6 km² wetter. De stêdekloft fan Knoxville wreidet him út oer in folle gruttere krite, dy't dielen beslacht fan 'e countys Knox, Anderson, Blount, Campbell, Grainger, Loudon, Morgan, Roane en Union. Gruttere plakken yn dat gebiet, dy't as foarstêden fan Knoxville jilde, binne Alcoa, Clinton, Farragut, Lenoir City, Loudon, Maryville, Maynardsville en Oak Ridge. De stêd sels leit op in hichte dy't fariëarret fan 240 m boppe seenivo oan 'e riviersigge oant 300 m boppe seenivo op 'e heuveltoppen yn 'e westlike bûtenwiken. De binnenstêd leit op in hichte fan likernôch 270 m. Hege lânskipseleminten om Knoxville hinne binne û.m. Sharp's Ridge, oan 'e noardkant fan 'e stêd, mei in hichte fan 424 m, en Brown Mountain oan 'e súdkant fan 'e stêd, mei in hichte fan 380 m. House Mountain, it heechste punt fan it hiele Knox County, leit eastlik fan Knoxville, yn 'e neite fan it foarstedsje Mascot.

Iere skiednis

bewurkje seksje

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan eastlik Tennessee troch de blanken waard de krite dêr't Knoxville no leit behearske troch de Yndiaanske Sjeroky (Cherokee), dy't oanhâldend yn oarloch wiene mei de Kriik (Creek) en de Sjâny (Shawnee). It plak dêr't Knoxville no leit, hiet yn dy tiid yn it Sjeroky Kuwanda’talun’yi, dat safolle betsjut as "it plak fan 'e moerbeibeammen". De earste blanke ûntdekkingsreizger dy't troch dit part fan Noard-Amearika kaam, wie nei alle gedachten de Spanjert Hernando de Soto, yn 1540. Yn 1761 diene de earste Britten de krite oan as ûnderdiel fan 'e Timberlake-ekspedysje, ûnder lieding fan Henry Timberlake.

Kolonisaasje

bewurkje seksje

De ein fan 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch yn 1763 en de betizing dy't de yn 1775 útbrutsen Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch oan 'e eastkant fan 'e Appalachen brocht, soarge yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw foar in drastyske taname fan it tal blanken dat him bewesten de bergen nei wenjen sette. Tsjin 'e 1780-er jierren wiene de dellings fan 'e rivieren de Holston en de French Broad River al kolonisearre, en in befel fan it Amerikaanske Kongres út 1785 oan alle kolonisten om dy gebieten te ûntromjen, helle net folle út. Mei't almar mear kolonisten oer de bergen kamen om har op it lân fan 'e Sjeroky nei wenjen te setten, boazen de spannings tusken blanken en Yndianen yn dy snuorje fluch oan.

 
White's Fort, de eardere wente fan generaal James White yn it sintrum fan Knoxville.

Yn 1786 bouden James White, dy't as ofsier oan 'e Amerikaanske kant yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch fochten hie, en syn freon James Connor it saneamde White's Fort oan 'e mûning fan First Creek yn de Tennessee, op lân dat White trije jier tefoarren oankocht hie. Yn 1790 liet White syn skoansoan Charles McClung it lân fan syn skoanheit opmjitte mei de bedoeling om der in doarp te bouwen. Hy ferdielde it lân yn perselen fan 0,2 ha, wêrby't er twa perselen reservearre foar de bou fan in tsjerke en de oanlis fan in tsjerkhôf, en fjouwer foar de bou fan in skoalle foar heger ûnderwiis, wylst de riviersigge in mienskar waard. De skoalle, dy't yn 1794 oprjochte waard, wie it Blount Kolleezje, dêr't neitiid de Universiteit fan Tennessee út fuortkomme soe.

De skoalle wie ferneamd nei William Blount, de troch George Washington oanstelde, earste gûverneur fan it yn 1790 stifte Territoarium Besuden de Ohiorivier. Ien fan Blount syn earste taken wie om mei de Sjeroky te ûnderhanneljen oer de grins tusken harren lân en dat fan 'e blanke kolonisten, en om it fraachstik fan 'e yllegale kolonisten op te lossen. Dat slagge him troch mei de Sjeroky-lieders yn 1791 yn White's Fort it Ferdrach fan Holston te sluten.

Hoewol't Blount oarspronklik fan doel west hie om it haadplak fan syn territoarium oan 'e gearfloeiïng fan 'e Clinch en de Tennessee te stiftsjen (dêr't no Kingston leit), wied er twongen wat oars te betinken doe't de Sjeroky ûnwillich blieken om dat lân te ferkeapjen. Sadwaande waard yn 1791 White's Fort as territoriaal haadplak oanwiisd. De delsetting dy't dêr doe nei it plan fan McClung omhinne woeks, neamde Blount Knoxville, nei de Amerikaanske minister fan Oarloch ûnder de Unôfhinklikheidsoarloch, Henry Knox.

 
In byldhouwurk yn it sintrum fan Knoxville, dat de ûndertekening fan it Ferdrach fan Holston, yn 1791, foarstelt.

Der oppenearren har lykwols hast fuortendaliks al nije swierrichheden, want hoewol't Blount miende dat er frijwol hiel eastlik Tennessee oankocht hie, bliek de formulearring fan it ferdrach mei de Sjeroky foar mearderlei útlis fetber, wat late ta ûnienichheid tusken de blanken en de Yndianen, mei oanhâldend geweld oer en wer ta gefolch. Doe't Blount yn 1793 it Sjeroky-opperhaad Hingjende Bek (Hanging Maw) útnûge foar nije ûnderhannelings, makken blanke kolonisten fan 'e gelegenheid gebrûk om 'e Yndiaanske delegaasje oan te fallen, wêrby't de frou fan it opperhaad fermoarde waard. Pas yn 1794 koe sadwaande in nije frede útûnderhannele wurde.

Knoxville bleau de haadstêd fan wat bekend kaam te stean as it Súdwestlik Territoarium oant dat yn 1796 ûnder de namme Tennessee as folweardige steat opnommen waard yn 'e Amerikaanske Uny. Dêrnei tsjinne it oant 1817 as haadstêd fan Tennessee, wêrnei't dy funksje oernommen waard troch Murfreesboro. Yn 't earstoan gie it Knoxville ekonomysk tige foar de wyn om't it in 'halteplak' wie oan 'e rûte dy't kolonisten folgen oer de Appalachen nei it westen. Boppedat soarge de lizzing op it punt dêr't trije wichtige rivieren gearkamen foar oanhâldend skipsferkear fan platboaiem boaten en letter fan steamboaten. Dêrtroch ûntjoech de stêd him ta in regionaal hannelssintrum, dêr't lânbouprodukten út 'e omkriten (benammen tabak, stynske weet en whiskey) ruile waarden foar katoen út 'e súdlike steaten. Yn 1855 soarge de oanlis fan it spoar fan 'e East Tennessee and Georgia Railroad by Knoxville lâns foar in nije ekonomyske ympuls.

Yn 'e oanrin nei de sesesje fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika en de Amerikaanske Boargeroarloch wie eastlik Tennessee in bolwurk fan abolysjonisme en anty-sesesjonisme. Yn Knoxville sels wie de krante-útjouwer William "Parson" Brownlow ien fan 'e liedende tsjinstanners fan 'e ôfskieding, mar net fan slavernij. Blount County, fuort besuden de stêd, hie him ûntjûn ta in sintrum fan abolysjonisme, foar in diel troch it relatyf grutte oandiel dat de quakers dêr útmakken fan 'e befolking, en foar in part troch de ynfloed fan 'e abolysjonistyske direkteur fan it Maryville Kolleezje, Isaac Anderson. De Greater Warner Tabernacle AME Zion Church yn Knoxville wie, nei't it skynt, in stasjon op it ûndergrûnske spoar, dat ûnsnapte slaven nei it Noarden smokkele.

Saaklike belangen holden Knoxville lykwols stevich ferbûn mei de rest fan it Amerikaanske Suden: de hannel yn katoen, dy't de stêd ryk makke hie, berêste frijwol folslein op slavernij. Sok eigenbelang soarge yn Knoxville foar in sterke pro-sesesjonistyske beweging. Dat hoewol't eastlik Tennessee en Knox County by it referindum oer ôfskieding dat op 8 juny 1861 yn Tennessee holden waard, oerweldigjend tsjin 'e ôfskieding fan 'e uny stimden, stimde de stêd Knoxville mei twatrêde part fan 'e stimmen foàr. Neitiid besochten anty-sesesjonisten om fan East-Tennessee in aparte steat te meitsjen en it gebiet binnen de Uny te hâlden. Hoewol't dat yn West-Firginia (earder in diel fan Firginia) wol slagge, rêden de anty-sesesjonisten it yn East-Tennessee net op.

Amerikaanske Boargeroarloch

bewurkje seksje

Yn july 1861, nei't Tennessee him by de Konfederaasje jûn hie, arrivearre de Konfederearre generaal Felix Zollicoffer yn Knoxville om as kommandant fan it militêr distrikt East-Tennessee te tsjinjen. Yn 't earstoan stelde er him duldsum op foar oanhingers fan 'e Uny oer, mar nei't pro-unionistyske guerriljastriders de sân brêgen oer de Tennessee yn 'e stêd platbaarnd hiene, fierde er yn novimber de steat fan belis yn. It befel oer it militêr distrikt gie letter foar koarte tiid oer yn 'e hannen fan George Crittenden en bedarre doe by Kirby Smith, dy't yn augustus 1862 út East-Tennessee wei in mislearre ynfal yn Kentucky die. Begjin 1863 naam generaal Simon Buckner it befel oer de Konfederearre troepen yn Knoxville en omkriten oer. Om't er in Noardlike ynvaazje ferwachte, fersterke er Fort Loudon yn West Knoxville (net te betiizjen mei it koloniale fort súdwestlik fan 'e stêd) en sette er útein mei it opsmiten fan ierden ferdigeningswâlen oeral yn Knoxville.

 
In iere foto dy't de neisleep sjen lit fan it Belis fan Knoxville, yn 1863.

Yn 'e simmer fan 1863 twong de opmars fan in oermacht oan Noardlike troepen ûnder generaal Ambrose Burnside Buckner lykwols om syn eigen troepen út Knoxville te evakuëarjen foar't de wâlen ree wiene. Burnside arrivearre begjin septimber yn 'e stêd, en begûn dy, krekt as Buckner, daliks te fersterkjen. Behalven Fort Loudon boude Burnside noch tolve oare forten om Knoxville hinne. Boppedat liet er in pontonbrêge oanlizze, sadat Noardlike troepen yn 'e stêd de rivier de Tennessee oerstekke koene. Underwilens hie it Konfederearre leger de Noardliken lykwols ferslein yn 'e Slach by Chickamauga, wêrnei't se belis sloegen foar Chattanooga.

Op 14 novimber 1863 foel de Konfederearre generaal James Longstreet Burnside syn troepen yn Knoxville oan as ûnderdiel fan 'e saneamde Knoxville-kampanje. Hy hie de stêd eins út it suden wei oanfalle wollen, mar om't er te min pontonbrêgen hie, wied er twongen en stek de rivier fierder streamôf oer, by Loudon, wêrnei't er opteach tsjin it swier fortifisearre westlike part fan Knoxville. Op 15 novimber slagge it generaal Joseph Wheeler om 'e Noardlike troepen te ferjeien fan 'e hichten oan 'e súdkant fan 'e stêd, mar de deis dêrop wist Longstreet yn 'e Slach by Campbell's Station net op 'e tiid de weromtocht fan 'e Noardliken ôf te snijen.

Op 18 novimber rekke de Noardlike generaal William P. Sanders deadlik ferwûne by efterhoedegefjochten westlik fan Knoxville. Neitiid waard Fort Loudon omneamd ta Fort Sanders. Op 29 novimber, nei in belis fan twa wiken, prebearren de Konfederearre troepen in bestoarming fan Fort Sanders, mar nei in alderfûleindichst gefjocht moasten se dy al nei tweintich minuten ôfbrekke. Nei't Longstreet op 4 desimber it nijs berikte fan 'e Konfederearre nederlaach yn 'e Trêde Slach by Chattanooga, joech er syn belis fan Knoxville op en liet er syn troepen nei harren winterkertieren yn Russellville marsjearje. Knoxville bleau fan dy tiid ôf sadwaande foargoed yn Noardlike hannen.

Weropbou en yndustrialisaasje

bewurkje seksje

Nei ôfrin fan 'e boargeroarloch waard Knoxville der yn it Tiidrek fan 'e Weropbou relatyf flot wer boppe-op holpen troch ynvestearrings fan Noardlike sakelju lykas de bruorren Joseph en David Richards, dy't 104 Welske húshâldings út 'e Welske Krite (Welsh Tract) fan Pennsylvania oerhellen en ferfar nei Knoxville om dêr as fabryksarbeiders te wurkjen. De Welsen fêstigen har yn in wyk dy't no bekend stiet as Mechanicsville.

 
Gay Street yn Knoxville, yn 'e iere 1900-er jierren.

Oare bedriuwen yn 'e stêd wiene yn deselde snuorje aktyf yn 'e tekstylbrâns, de semintproduksje, de fabrikaazje fan meubilêr, de makkelei fan izeren produkten en de itensferwurkjende yndustry. Tsjin 'e 1890-er jierren wiene yn Knoxville fierders mear as fyftich gruthannels fêstige. Underwilens wreide it Blount Kolleezje yn 1869 út, en yn 1879 feroare it ynstitút syn namme yn Universiteit fan Tennessee. Yn 1897 anneksearre Knoxville it gebiet dat no bekendstiet as West Knoxville.

Tweintichste iuw

bewurkje seksje

Yn 1901 waard midden yn 'e stêd de beruchte treinrôver Kid Curry (wiere namme: Harvey Logan) arrestearrenei't er twa helpsheriffs delsketten hie op Central Avenue. Hy ûntsnapte lykwols út it pleatslike tichthûs foar't er foar de rjochter brocht wurde koe, en ried fuort op it stellene hynder fan 'e sheriff. Yn 1910 en op 'e nij yn 1911 waard yn Knoxville de Appalachyske Tentoanstelling holden. Yn 1913 foarme de stêd it dekôr fan 'e Nasjonale Natoerbeskermingstentoanstelling. Der wurdt wol sein dat dat evenemint late ta de opkomst fan in beweging om fan 'e Great Smoky Mountains in nasjonaal park te meitsjen. De lieder fan dy beweging wie kolonel David C. Chapman, in sakeman út Knoxville, dy't grutdiels persoanlik ferantwurdlik wie foar it ynsammeljen fan it jild dat nedich wie om it lân foar nasjonaal park oan te keapjen. Uteinlik waard it Nasjonaal Park de Great Smoky Mountains yn 1933 oprjochte.

Troch de ôfhinklikheid fan Knoxville fan yndustry en gruthannel wie de pleatslike ekonomy tige kwetsber foar de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, dy't de stêd sadwaande slim trof. De Grutte Appalachendelling (of Tennesseedelling) hie ek geregeldwei te lijen ûnder wettersneed dy't feroarsake waard troch oerstreamings fan 'e rivier de Tennessee. Fan gefolgen rekken miljoenen hektares lânbougrûn erodearre. Om sawol de regionale ekonomy te helpen as om 'e oerstreamings tsjin te gean, rôp presidint Franklin D. Roosevelt yn 1933 yn it ramt fan syn New Deal de saneamde Tennessee Valley Authority (TVA) yn it libben. Dy organisaasje sette daliks útein mei de oanlis fan in hiele rige keardammen, opslachmarren en wetterkrêftsintrales, dy't tenei de wetterstân fan 'e rivier regulearren, de hiele regio fan elektrisiteit foarseagen, en boppedat in ein makken oan 'e grutte wurkleazens. It nije haadkertier fan 'e TVA, dat boud waard yn 'e 1970-er jierren, wie de earste wolkekliuwer fan Knoxville.

 
Kingston Pike, by Knoxville, omtrint 1910.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren omskreau John Gunther de stêd Knoxville yn syn bestseller Inside U.S.A. as "de lilkste stêd fan 'e Feriene Steaten". It wie dy beskriuwing dy't it stedsbestjoer oansette ta in rige renovaasjeprojekten dy't de âlde binnenstêd in kreazer oansjoch joegen. Yn 'e 1950-er jierren giene de measte tekstylfabriken yn Knoxville ticht om't se net mear konkurrearje koene mei produkten út it bûtenlân. Neitiid fierde it stedsbestjoer nij belied yn dat rjochte wie op diversifikaasje fan 'e ekonomy. Yn deselde snuorje waard it Interstate Highway-stelsel fan Amerikaanske autodiken oanlein, mei as gefolch dat it mei it spoar yn it neigean rekke.

Doe't fan 'e 1960-er jierren ôf in grut part fan 'e detailhannel yn 'e binnenstêd ferdwûn nei grutte winkelsintra yn 'e foarstêden besocht Knoxville it grutte ferlies oan ynkomsten troch belesting goed te meitsjen troch de foarstêden te anneksearjen. De foarstêden moasten dêr oer it algemien neat fan ha, mei as gefolch dat der ferskate kearen in lange striid ûntstie, dy't de ûnderlinge ferhâldings foargoed fersteurde. Knoxville besocht ek ferskate kearen it stedsbestjoer ferrane te litten mei it bestjoer fan Knox County, mar ek dat mislearre. Dêrop besocht Knoxville troch it organisearjen fan grutte eveneminten it winkelbesyk yn 'e binnenstêd oan te fiterjen. Ien fan 'e súksesfolste fan dy eveneminten wie 1982 World's Fair, dy't 11 miljoen minsken loek. De Sunsphere, in 81 m hege toer mei boppe-op in goudkleurige glêzene bol, dy't sûnt ien fan 'e bekendste bouwurken fan Knoxville wurden is, waard foar 1982 World's Fair boud.

Sûnt de 1980-er jierren hat Knoxville oanhâldend besocht himsels op 'e nij út te finen, û.m. troch de iepening fan 'e Women's Basketball Hall of Fame, it Knoxville Convention Center en it Museum of East Tennessee History. Ek hawwe der ferskate grutte nijbou- en renovaasjeprojekten west. Sa is bygelyks it plein Market Square folslein op 'e nij ynrjochte. Nei 2000 wist Knoxville mei súkses mear winkelsaken werom te heljen nei de binnenstêd. Ek binne der sûnt dy tiid ferskate nije horekabedriuwen en in protte keunstgaleryen ipenen.

Sûnt de oanlis fan it spoar yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw foarme Knoxville in wichtich sintrum fan yndustry en gruthannel. Nei't de pleatslike tekstylyndustry yn 'e 1950-er jierren ynstoart wie, krige de ekonomy fan Knoxville in gruttere diversiteit. Yn 2011 wurke 15,9% fan 'e pleatslike beropsbefolking by de oerheid, 14,1% yn beropsmjittige tsjinsten (lykas by banken en fersekeringsmaatskippijen), 14% yn it ûnderwiis en de sûnenssoarch, 12,7% yn 'e detailhannel, 10,5% yn 'e horeka en rekreaasje, en 8,9% yn 'e yndustry. Yn 2007 stiene by de keamer fan keaphannel yn Knoxville mear as 19.000 ferskillende bedriuwen ynskreaun. De grutste wurkjouwers yn 'e stêd binne de Tennessee Valley Authority (TVA), dy't de wetterkrêftsintrales en keardammen yn 'e rivier de Tennessee beheart, en de Universiteit fan Tennessee te Knoxville (UTK), de haadkampus fan 'e Universiteit fan Tennessee.

 
De skyline fan Knoxville mei lofts de Sunsphere.

Partnerstêden

bewurkje seksje
 
Knoxville by nacht, sjoen fan 'e rivier de Tennessee ôf.
 
In fontein foar it haadgebou fan 'e Universiteit fan Tennessee.

Histoarysk hie Knoxville yn 1850 mar 2.100 ynwenners. Tsjin 1870 wie dat oanwoeksen ta 8.700 en tsjin 1900 hie de stêd in befolking fan 33.000 minsken. Yn 1920 wiene der 78.000 ynwenners en yn 1940 112.000, wêrnei't in stagnaasje fan 'e befolkingsgroei folge oant yn 'e 1960-er jierren. Yn 1970 hie Knoxville 175.000 ynwenners; yn 1990 165.000; yn 2000 174.000; en yn 2010 179.000.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie de stêd yn 2016 in befolking fan 186.239 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 690,3 minsken de km². As stêdekloft, d.w.s. mei foarstêden en it omlizzende ferstedske plattelân meirekkene, hie Knoxville yn 2010 in befolking fan 558.696 minsken.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Knoxville 12,6% âlder as 65 jier en 19,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie yn 2000 38,3% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst doe 3% fan 'e befolking wurkleas wie. Yn 2010 libbe 25% fan 'e ynwenners fan Knoxville ûnder de earmoedegrins, in persintaazje dat foar Tennessee op 16,1% lei en foar de Feriene Steaten as gehiel op 15,1%.

 
De James White Parkway, dy't it sintrum fan Knoxville ferbynt mei autosnelwei Insterstate 40.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 71,5% blanken; 17,1% swarten; 4,6% Latino's; 1,6% Aziaten; 0,4% Yndianen; 0,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 4,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Knoxville

bewurkje seksje

Knoxville hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte simmers en mylde winters, hoewol't it der troch de ferhege lizzing yn 'e Appalachen simmerdeis net sa waarm wurdt as yn oare dielen fan Tennessee. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,2 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 8,5 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41,0 °C op 30 juny en 1 july 2012 en –31 °C op 21 jannewaris 1985. Knoxville kriget jiers trochinoar 1.216 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield trochinoar 17 sm snie (hoewol't it yn 'e regel nea snijt bûten de moannen jannewaris en febrewaris). It rekôr foar sniefal op ien dei is 44 sm, dat foel op 13 febrewaris 1960.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Chat 2
Done 1
orte 2
see 52
Story 1