Kollumerlânsk
It Kollumerlânsk is de foarm fan it Westerkertiersk, in Nedersaksysk Grinslânsk dialekt, sa't dat sprutsen wurdt yn it easten fan 'e Fryske gemeente Kollumerlân, yn 'e doarpen Boerum, Muntsjesyl en Warfstermûne. Neffens in rûzing út 2003 waard it doe noch praat troch likernôch 500 minsken, dêr't de measten fan ta de âlderein hearden. It sprekkerstal nimt dan ek ôf.
Kollumerlânsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Kollumerlands | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 500 (2003) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nedersaksysk ● Westnedersaksysk ● Noardsaksysk ● Grinslânsk ● Westerkertiersk ● Kollumerlânsk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Nederlân: ● Fryslân (as streektaal) |
Kollumerlânsk, Kollumersk en Kollumerpompstersk
bewurkje seksjeIt Kollumerlânsk moat net betize wurde mei it Pompstersk, in Nedersaksysk oergongsdialekt tusken it Frysk en it Westerkertiersk, dat sprutsen wurdt yn it doarp Kollumerpomp, noch mei it Kollumersk, dat in Stedsk dialekt is dat sprutsen wurdt yn it doarp Kollum.
Karakteristiken
bewurkje seksjeIt Kollumerlânsk is de uterste westlike fariant fan it Grinslânsk, en hoewol't it grif in beskate ynfloed fan it Frysk ûndergien hat, is it noch dúdlik in Nedersaksyske taalfariant. Dat yn tsjinstelling ta it oanbuorjende Pompstersk, dat in oergongsfoarm tusken it Wâldfrysk en it Nedersaksysk is. Hoewol't ek it Pompstersk ta it Nedersaksysk rekkene wurdt, is de Fryske ynfloed yn dat dialekt folle dúdliker oanwêzich. Dy ynfloed uteret him bygelyks yn 'e g, dy't yn it Pompstersk útsprutsen wurdt as de hurde Fryske [ɡ] fan 'gat', wylst men yn 'e Kollumerlânsktalige doarpen Boerum, Muntsjesyl en Warfstermûne de 'g' op 'e Nedersaksyske manear as [x] of [ɣ] útsprekt (lykas yn 'berch', resp. 'brêge').
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Talen en Dialekten yn Fryslân | ||
---|---|---|
Frysk | Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk) | |
Hollânsk | Hollânsk-Frysk | Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk) |
Westfrysk | Flylânsk † | |
Nedersaksysk | Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk) |