Konvinsje (gearkomste)

In konvinsje is in gearkomste fan persoanen op in yn 't foar ôfsprutsen plak en tiidstip, ornaris binnendoar en almeast yn in konvinsjesintrum of evenemintehal, mei as doel om te diskusjearjen of kontakten te lizzen yn it ramt fan in mienskiplik mêd fan belangstelling. De measte konvinsjes hawwe as grûnslach in bedriuwstûke, lykas de toeristyske sektor, de wettersport, de húshâldlike sektor (wytguod), of it iene of oare fandom, lykas strips, science fiction, fideospultsjes of modeltreinen. Aktiviteiten by konvinsjes omfetsje almeast de presintaasje fan bedriuwen troch de útstalling fan produkten en reklamemateriaal yn in stand, wêrby't meiwurkers oanwêzich binne om mûnling útlis te jaan. Oare ûnderdielen fan konvinsjes binne feestlike iepenings- en eventueel ek slutingsseremoanjes, taspraken (faak troch persoanen dy't alteast bekend binne yn it fermidden fan it ûnderwerp fan 'e konvinsje), en oare aktiviteiten dy't ynteressant binne foar de dielnimmers oan dy beskate konvinsje.

As in konvinsje inkeld tagonklik is foar lju út 'e oanbelangjende ekonomyske sektor, sprekt men fan in fakbeurs. Mar yn 'e regel wurde konvinsjes ek (alteast in diel fan 'e tiid) iepensteld foar it algemiene publyk. Dat wurdt dien ta promoasje fan de sektor en ek sadat de dielnimmende bedriuwen fan 'e gelegenheid gebrûk meitsje kinne om harren eigen produkten oan te priizgjen en eventueel te ferkeapjen. Fandomkonvinsjes binne altyd iepen foar it publyk, dat dêr út fans bestiet fan it oangeande ûnderwerp, dy't faak yn kleurrike kostúms opdaagjen komme (in ferskynsel dat bekend stiet as cosplay). Underdielen fan fandomkonvinsjes binne útstallings fan te ferkeapjen produkten (faak sammeldersitems), shows, synjeersesjes troch bekende skriuwers en ferskinings fan oare bekende persoanen út it oanbelangjende diel fan 'e popkultuer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES