In krústsjerke is in tsjerke dêr't de plattegrûn fan in krúsfoarm hat troch de oanwêzigens fan in dwersbeuk (transept) tusken het skip en het koar. De ienfâldichste krústsjerke is in ienbeukich gebou mei in plattegrûn yn de foarm fan in Gryksk krús of in Latynsk krús. It punt dêr't skip en dwersbeuk elkoar snije wurdt de krusing neamd en wurdt faak bekroand troch in krúsingtoer of -koepel. In krústsjerke mei in sa'n koepel wurdt in krúskoepeltsjerke neamd.
De krústsjerke is sûnt de tiid fan de romaanske styl in boufoarm dy't in protte brûkt wurdt foar katolike tsjerken.

Basilique du Sacré-Cœur

In fariant op de krústsjerke dy't fral by protestantske tsjerkebou tapast waard, hat de foarm fan in Gryksk krús, mei earms fan like lingte. Dêrtroch waard in sintralisearjende plattegrûn krige mei in optimaal sicht op de sintraal pleatste preekstoel.

 
Plattegrûn fan in goatyske tsjerke

In krústsjerke, sa't dy yn de romaanske en goatyske boukeunst in protte boud binne, hat de neifolgjende ûnderdielen:

  1. koarsluting (apsis);
  2. preesterkoar;
  3. doksaal;
  4. koaromgong;
  5. strielkapellen;
  6. krusing;
  7. transept;
  8. skip of middenskip;
  9. sydbeuken;
  10. narteks.

By de measte romaanske tsjerken besteane de sydbeuken en it skip út ferskate traveeën, it part fan de sydbeuk of it skip tusken twa inoars opfolgjende kolommen (op de plattegrûn hawwe de sydbeuk en it middenskip fiif traveeën). Sommige tsjerken hawwe boppe de krusing in toer. In oar faak foarkommend ûnderdiel fan de tsjerke is in krypte. Dy sit faak ûnder it koar en de apsis, mar somstiids ek wol ûnder de hiele tsjerke, lykas by de Sacré-Cœur yn Parys. De krypte kin in yngong yn de tsjerke hawwe of ien oan de bûtenkant fan de tsjerke.
De gruttere romaanske tsjerken hawwe net allinne bredere en hegere sydbeuken en skip, mar kinne ek oan beide siden twa sydbeuken hawwe of in rige kapellen foar hilligen oan de sydbeuken.

Foarbylden yn Fryslân

bewurkje seksje
 
Krústsjerke fan It Hearrenfean
  NODES