Krústsjerke (Burgum)

De Krústsjerke oan de Nijstêd fan Burgum waard boud yn de 11e of 12e iuw en oarspronklik wijd oan Martinus fan Tours. Der is noch dowestien yn de smelle toer brûkt. It eardere let 12e iuwske Sint-Nikolaaskleaster of Barrakonvint waard ein 16e iuw platbaarnd, mar de kleastertsjerke bleau sparre. De Romanogoatyske tsjerke waard al yn de 13e iuw ferboud. By de Reformaasje om 1580 is de tsjerke foar in part ferwoaste, doe binne grif ek de sydbeuken ferdwûn. Ut in tinkstien fan Jehannes fan Glinstra fan 1707 blykt dat de tsjerke yn de 17e en 18e iuw wer renovearre is.

Krústsjerke fan Burgum
It oargel fan de Krústsjerke

Yn 1954 is de krústsjerke opnij oanpakt en binne ek de sydbeuken wer oanboud. Ta de ynventaris hearre in preekstoel mei tordearre pylders út it tredde kwart fan de 17e iuw, trije hearebanken - by de restauraasje gearstald út tsien oarspronklik santjinde-iuwske banken - en in troch Lambertus van Dam boud oargel (1788). Fierder lizze yn de tsjerke grêfsarken út de 17e iuw, wêrfan inkele fan it laach Haersma. Op it omlizzende tsjerkhôf steane ferskate grêftekens, wêrûnder de grêfstien foar Tsjibbe Gearts van der Meulen (+1906), earelid fan "It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse".

Yn de tsjerketoer hinget in klok dy't yn 1662 getten is troch Jurrien Balthasar. Op de klok stiet ûnder oare it wapen fan Aernt fan Hillama, lid fan in foaroansteande famylje dy't eartiids op it slot Hillama wenne. Dat stie foar de Poppestien oer. Om it gebou fan twa ferdjippings rûn in brede grêft en in flinke toer. Yn de state dy't om 1744 ôfbrutsen is wennen eartiids de grytmannen fan Tytsjerksteradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES