Jezus (tradisjoneel-kristlik)

(Trochferwiisd fan Kristus)

Jezus fan Nazaret, yn it algemien bekend as Jezus Kristus wie de sintrale persoan yn it Kristendom, dêr't "Kristus" ôflaat is. Hy wie ek in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" komt fan it Grykske Χριστός (Christós), dat "salvling" betsjut, en besibbe is oan it fan it Hebriuwsk ôflate Messias. De namme "Jezus" komt fan it Grykske Ίησους (Iesoûs), dat in hellenisearring fan it Hebriuwsk-Arameeske ישו (Jesjûa of Jesjû) is, en dat "JHWH" betsjut.
Oft der in histoaryske Jezus bestien hat, dêr ferskille de mienings fan skiedkundigen oer. Neffens it kristendom is Jezus Kristus de Soan fan God, de Ferlosser en part fan de Godlike Trije-ienheid; de rêder fan alle minsken. Syn komst waard yn it Alde Testamint fan de Bibel foarsein en hy soe út de dea wei wer opstean.
Jezus sels hat gjin skreaune wurk efterlitten, en de ferneamdste beskriuwings fan syn libben binne de fjouwer kanonike evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes en in tal apokrive boeken.
Yn de Islaam wurdt Jezus (Isa) as ien fan God syn leafste en wichtichste profeten beskôge, allyk as in bringer fan hillige skriften, in wûnderwurker en de Messias. Moslims leauwe lykwols net sa lykas kristenen yn it krusigjen en de godlikens fan Jezus, mar leauwe dat it krusigjen in godlike drôch wie en dat er mei lea opnaam waard yn de himel. De measte moslims leauwe wol dat er weromkomme sil nei de ierde.

Jezus Kristus ôfbylding yn de Hagia Sophia.

Jezus yn it Kristlike leauwe

bewurkje seksje

Neffens it kristlike leauwen is Jezus de iennige Soan fan God. Hy wie de Messias dy't troch God yn it Alde Testamint (Tenach) fia de profeten tasein waard (Jesaja 53:3 en fierder), de Salvling fan God, de Ferlosser fan de minsken fan harren sûnden en dy't de ienklang tusken God en de minsken, dy't ferbrutsen wie as gefolch fan de sûndefal fan de earste minsken yn it Paradys, wer ophelpt. Neffems de Bibel waard Jezus berne en rêd de minsken fan harren sûnden. Neffens de evangeeljes makke syn dea de fermoedsoening mei God de Heit mooglik, om't hy de straf foar de sûnden fan de minsken op him naam. Jezus is it Laam fan God dy't de sûnden fan de wrâld fuort hellet. It rjochtfeardigjen yn it leauwen krige dêrtroch in nije betsjuttenis: in elts dy't Jezus folget, sil foar God rjochtfeardige wêze.
Sintraal yn it kristlike leauwen binne de yn it Nije Testamint beskreaune Berte fan Jezus (Kryst), syn dea oan it krús (Goedfreed), de Opstanning út de dea (Peaske), de Himelfeart (Himelfeartsdei), it delkommen fan de Hillige Geast op syn dissipels (Pinkster) en it Weromkommen.
De Opstanning út de dea wurdt troch de measte kristenen letterlik naam, om't dat barren yn it Kristendom in krúsjaal plak ynnimt. It is foar harren de oerwinning op de dea en in libben yn ivichheid. It gânse kristlike leauwen hinget gear mei de Opstanning.

Libbensrin fan Jezus neffens de Bibel

bewurkje seksje
 
It Alter fan Isenheim mei bylden út it ibben fan Jezus troch Matthias Grünewald (1512-1516)

Foar it libbensferhaal fan Jezus brûke kristenen de boeken, dy't part fan de Nije Testamint fan de Bibel wurden wiene, en dan benammen de fjouwer evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes. Elts evangeelje hat syn eigen karakter. It evangeelje fan Jehannes wykt it measte fan de oaren ôf. Hoewol't in tal ferhalen hast letterlik op inoar lykje, benammen by dy fan Mattéus en Markus, komme oare foarfallen mar yn ien of twa fan de evangeeljes foar.
De fjouwer evangeeljes befetsje meiïnoar sa'n 4% oer de berte fan Jezus, sa'n 62% oer it wurk fan Jezus en sa'n 32% oer it krusigjen en opstean. Dêrnjonken binne der noch in tal stikken dy't net oer it libben fan Jezus geane, lykas de beskriuwing fan de foarteam fan Jezus en it wurk fan Jehannes de Doper (it prolooch fan de evangeelje fan Jehannes).

Fan de fjouwer evangeeljes jouwe allinne Mattéus en Lukas in beskriuwing fan Jezus syn stambeam. Lykwols sit der in grut ferskil yn de werjeften fan dy twa evangeeljes. Ferskate kearen waard besocht om dy ferskillen út te lizzen. Beide werjeften beskriuwe dat Jezus in neikomling fan kening David en fan Abraham wie. De genealogy tusken Abraham en David komme yn de beide evangeeljes oerien, mar se ferskille tusken David en Joazef. Mattéus begjint mei Salomo en neamt alle keningen fan Juda oant en mei de lêste kening Jojakin. Nei Jojakin einige de line fan de keningen om't de Babyloanjers Juda ynnamen. Neffens Mattéus is Jezus it wettige erfgenamt fan de troan fan Israel. Lukas syn stambeam is langer as dy fan Mattéus en giet sa fier tebek as Adam en dy jout mear nammen tusken David en Joazef.

Berte fan Jezus

bewurkje seksje
 
De Oanbidding fan de Hoeders fan de Nederlânske skilder Matthias Stom (om 1635)
  De Wikipedy hat ek in side Berte fan Jezus.

Neffens it evangeelje fan Lukas wennen Joazef en Marije yn Nazaret yn de streek Galiléa yn it noarden fan Israel, mar waard Jezus berne yn Betlehem (de stêd fan David), om't der om dy tiid hinne in Romeinske folkstelling holden waard. Eltse ynwenner fan it gebiet dêr't Herodus de Grutte (37 f.Kr. - 4 f.Kr.), de Romeinske fazalkening, hearske, moast himsels ynskriuwe litte yn de oarspronklike bertestêd fan de foarfaars. Joazef, de oansteande fan Marije, wie fan oarsprong fan Judea en fan wa't kening David de foarfaar fan wie. Hy kaam oarspronklik út Betlehem, dêrom moast er mei Marije, dy't fierhinne swier wie, nei Betlehem reizgje en registrearje him. Hja besochten in sliepplak te finen, mar alle herbergen wiene fol. Einlings waard Jezus berne yn in romte dêr't in foerbak, in krêbe, stie, dat neffens in soad oersettings in feestâl wêze moatten hie. Joazef en Marije krigen dêrnei besite fan pleatslike hoeders, dy't troch in mannichte ingels oer de berte fan de Messias op de hichte steld waarden. Neffems it evangeelje fan Mattéus krigen hja besite fan wizen út it Easten, gelearden, dy't in reis fan fierren makke hiene, troch in nij ûntdutsen stjêr de berte fan in kening fêst te stellen. It tal wizen wurdt yn de Bibel net neamd. Herodus I de Grutte wie de kening fan de fazalsteat Judea fan it Romeinske Ryk. De wizen kamen earst by him op besite, om't hja begrepen hiene oan de stân fan de stjêr dat dat der in kening berne wie. Herodus ûntbea doe in tal skriftgelearden om sekuer nei te gean wêr't it plak wêze koe. Hja koene op grûn fan in tekst yn it boek Micha fan it Alde Testamint oan de kening sjen litte dat it Betlehem wie.
Herodus liet de wizen him tasizze en fertel him wêr't dy kening presiis wie, nei't hja him fûn hiene. Herodus hie noed om syn troan doe't er fernaam dat der in mooglike konkurrint berne wie en woe dat gefaar tefoaren komme. De wizen waarden yn in dream lykwols warskôge dat Herodus kweade bedoelings hie. Dêrom giene hja, nei't hja Jezus en syn âlden opsocht hiene, fia in omwei wer werom nei harren thús. Om wis te wêzen dat de oansteande kening fan de Joaden it net oerlibje soe, liet Herodus alle jonges fan ûnder de twa jier yn Betlehem ombringe. Dat barren stie bekend as de Bernemoard yn Betlehem. Mar Jezus ûntsnapte oan dat moardzjen, om't syn âlden mei him op tiid nei Egypte flechten wiene, nei't hja yn in dream warskôge waarden. Nei de dea fan Herodus kamen hja lykwols net werom nei Judea, mar ferfearen hja nei Galilea yn it plak Nazaret.

It datearjen fan Jezus syn berte

bewurkje seksje

Om't Jezus berne waard doe't Herodus noch libbe (want dy wie yn 4 f.Kr. ferstoarn), moat Jezus berne wêze om 4 f.Kr. hinne. Herodus liet alle jonges fan twa jier en jonger ombringe, dus waard it tradisjonele bertejier fan Jezus tusken 6 f.Kr. en 4 f.Kr. setten.

Oer de jongerein fan Jezus stiet net in soad fan yn de Bibel. Jezus en syn famylje wennen yn it doarp Nazaret yn de provinsje Galilea. Yn de Bibel stiet dat Jezus, neffens Joadske tradysje, op de achtste dei besnien waard. Nei't de poppe fjirtich dagen âld wie, fûn de Presintaasje fan Jezus yn de Timpel plak. Doe't syn âlden him, yn in besite oan Jeruzalim, út it each ferlearen en him dêrnei wer weromfûn yn de Timpel fan Jeruzalim, dêr't er redendielde mei de skriftgelearden, begrypten hja net wat er sei: Wisten jo net dat ik yn it hûs fan myn Heit wêze moast. Yn it evangeelje fan Lukas is noch te lêzen fan doe't er opwoeks, sterk en kloekmoedich waard, en dat de genede fan God mei him wie. Ek stiet yn dy evangeelje dat er om de tritich hinne wie dat er mei syn wurk úteinsette.
Jezus woeks op mei famylje en waard, doe't er oan it preekjen wie, de "timmerman" neamd. Syn sibben dy't neamd waarden, wiene: Jakob, Joazef, Simeon en Juda en guon froulju, waans nammen net neamd waarden. Hja waarden de bruorren en susters fan Jezus neamd. Men wit net oft it gie om wiere bruorren en susters, healbruorren of fierdere famylje. De evangeeljes fertelle dat Jezus syn bruorren nei syn opstean yn him begûn te leauwen. Om't der fierders neat mear oer Joazef yn de evangeeljes ferneamd stiet, tinkt men dat er foar Jezus syn preekjen al ferstoarn wêze moatten hie. It wurd "timmerman" dat ornaris brûkt waard, koe ek sa as bygelyks "oannimmer" betsjutte.

Doop en fersiking

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Doop fan Jezus.
 
De Doop fan Jezus troch Andrea del Verrocchio en Leonardo da Vinci om 1475 hinne

It iepenbiere wurk fan Jezus begjint, neffens alle fjouwer evangeeljes, by Jehannes de Doper. Dy hie in soad folgelingen by de Jordaan en ropte de minsken op ta bekrûping fan harren sûnden en ta it bekearen foar it lêste oardiel en it tichterby kommen fan de ein fan de tiden. Guon fan de folgelingen fan Jehannes de Doper waarden letter dissipels fan Jezus. Ek liet Jezus himsels troch Jehannes dope, dêr't er de Hillige Geast fan God ûntfangt yn de stal fan in do, dy't Jehannes op him delkommen seach.
Nei't Jezus doopt wie, late God him ta de woastyn dêr't er fjirtich dagen en fjirtich nachten fêste hie. De deale ferskynde foar him en besocht him trije kear yn fersiking te heljen (Mattéus 4:1-2). Dat wie om 'e nocht, want Jezus ferwiisde nei it boek Deuteronomium. Doe ferdwûn de deale en kamen ingels him fiedsel bringen.

Wurk fan Jezus

bewurkje seksje

Doe't Jehannes de Doper troch kening Herodus Antipas (soan fan Herodus de Grutte) finzennaam en ûnthalze waard, naam Jezus syn wurk oer. Ynstee fan oer it oardiel, dat Jehannes preke, preke Jezus oer de genede fan God. De evangeeljes fertelle dat er troch gâns Palestina reizge. Hy sette dêrmei út ein yn Galilea en preke yn ferskate synagogen en ek op in soad plakken bûtendoar. Hy gie om mei smeulske minsken, lykas prostituees en tolgarders. Hy die in soad wûnders sa as bygelyks: it genêzen fan minsken fan sykten, ferdreau kweageasten, liet minsken út de dea wei wer libje, rûn oer it wetter hinne, bêde in stoarm del, feroare wetter ta wyn en joech fiiftûsen taskôgers iten mei fiif bôlen en twa fisken. Ek ferjage er jildwikselders en keaplju fan it timpelplein. Hy redendielde gauris mei Joadske gelearden. Ek socht er gauris in plak op dêr't er allinne ta syn Heit, God, bidde koe.
Hy reizge lykwols net allinne, mar keas tolve manlju dy't syn dissipels (learlingen) en skielk, nei syn dea (en opstean), apostels (boadskippers) neamd waarden. De measten fan harren wiene fiskers út Galilea. Trije fan harren, Petrus, Jehannes en Jakobus stiene tichter by Jezus as de oaren. Ta oanwizing dêrfan wie it feit dat hja de iennige tsjûgen wiene fan inkelde bysûndere foarfallen. Bygelyks by de Ferhearliking op 'e Berch, dêr't Jezus syn wêzen en klean feroaren en Mozes en Elía oan harren ferskinen en in stim út in himelske glâns harren opropte nei Jezus te harkjen: Dit is Myn Soan, Him haw Ik útkeazen, harkje nei Him. Njonken de tolve disipels folgen der in grut tal oare manlju en froulje Jezus op syn paad troch it lân. De dissipel Judas Iskariot bleau him lykwols net trou.

  De Wikipedy hat ek in side Arrestaasje fan Jezus.
 
It Lêste Nachtmiel fan Leonardo da Vinci

Nei't Jezus en syn dissipels justjes foar Pesach (Joadske Peaske) yn Jeruzalim oankamen, hie Judas Iskariot, ien fan syn dissipels, him foar it beteljen fan tritich sulverlingen, útlevere oan de Joadske hegepreesters. De arrestaasje fûn plak justjes nei it Lêste Nachtmiel, dy't Jezus mei syn dissipels fierd hie en dêr't er harren fuotten waske hie. Dat foarfal wie neffens harren in bysûndere die fan nederigens. Jezus waard midden yn 'e nacht oppakt yn it hôf fan Getsémané, dat in hôf fan olivebeammen krekt bûten de muorren fan Jeruzalim wie.

 
Ecce homo (Sjoch nei dy man). Jezus foar Pontius Pilatus. Antonio Ciseri 19e iuw

Jezus waard ûnderfrege troch de Sanhedrin, de Joadske Rie fan Aldsten, de oerpreesters en Skriftgelearden, mei as foarsitter hegepreester Kajafas. Dêrnei waard er ûnderfrege troch de Romeinske prefekt fan Judea (Praefectus Iudaeae) Pontius Pilatus. Pilatus stjoerde him nei kening Herodus Antipas, om't dy it sizzenskip oer Galilea hie en om't Jezus fan Galilea kaam, dochs dy stjoerde him werom nei Pilatus. Jezus waard doe beskuldige fan godslasterlike útspraken, mar Pilatus seach gjin reden him de deastraf te jaan. Hy joech ta ûnder druk fan de Joadske lieders en feroardielde him ta it krusigjen, dat yn dy tiid in gebrûklike, dochs tige wrede foarm fan deastraf foar dyjingen, dy't sjoen waarden dy't de oarder fersteurden, wie.

It krusigjen

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Krusiging fan Jezus.
  De Wikipedy hat ek in side Sân lêste wurden fan Jezus.
 
Jezus draacht syn krús. El Greco

It fûnis waard sletten op de heuvel Golgota, krekt bûten Jeruzalim. Tagelyk mei Jezus waarden der ek twa oare feroardielden krusige. Boppe syn holle waard in buordsje befêstige mei de tekst: Iesus Nazarenus Rex Iudaeorum (Jezus fan Nazaret, kening fan de Joaden). Op in soad skilderstikken stiet INRI oanjûn.
Syn ferstjerren duorre seis oere lang, fan moarns om njoggen oere oant middeis om trije oere (yn dy tiid hiet dat it tredde oant it njoggende oere fan de dei). Jezus utere yn dy seis oeren ferskate krúswurden. Om tolve oere middeis hinne waard it oer it gânse lân tsjuster. Nei't Jezus him utere It is dien, sykhelle er foar de lêste kear en doe ferstoar er. Neffens it Evangeelje fan Mattéus fûn der dêrnei in ierdskodding plak.
Neffens Joadske wet mochten liken nachts en op Sabbat net hingjen bliuwe. Op fersyk fan de Joaden waard de dea fan de oare twa feroardielden ferhastige troch harren fuotten te brekken, sa't se dêr net mear op stypje koene. Dat barde net by Jezus, om't dy al ferstoarn wie.

De begraffenis fan Jezus

bewurkje seksje

It lichem fan Jezus waard dêrnei, troch Joazef fan Arimatéa, dy't in rike Joad wie, mei help fan Nikodémus, fan it krús helle, en doe waard it lichem fan krûden en wynsels foarsjoen en yn in priveegrêf fan Joazef fan Arimatéa, dy't net brûkt wie, brocht. Der waard in grutte stien foar de grot rôle en dy waard fersegele. De Joadske Hege Rie frege oan Pilatus oft der beweitsing by it grêf wêze koe, en Pilatus stjoerde guon Romeinske soldaten om it grêf te beweitsjen.

De opstanning

bewurkje seksje
 
Ferskining fan Jezus oan Marije Magdalena
  De Wikipedy hat ek in side Opstanning fan Jezus.

Op de tredde dei kamen guon froulju, Marije Magdalena in Johanna en in oare Marije, by it grêf en seagen dat de stien dêr foar wei rôle wie, de weitsen ferdwûn wiene en it lichem wei wie. De lykwynsels wiene efterbleaun en kreas opteard. Hja giene werom en fûnen Petrus en doe giene se mei de oare learlingen derop út nei it grêf ta. Hja hiene it noch net yn 'e gaten dat de Heare opstien wie en se giene wer nei hûs. Marije Magdalena bleau by it grêf en neffens Lukas ferskynden der twa ingels en seine tsjin har dat de Heare ferrizen wie. Neffens it Evangeelje fan Jehannes ferskynde Jezus sels foar har, mar se hie it earst net yn 'e gaten dat it Him wie.

Neffens de evangeeljes en guon oare brieven fan it Nije Testamint ferskynde Jezus oan de dissipels en op syn minst 500 folgelingen. Hy ferskynde mei harren by de Mar fan Galiléa en by de ouwers fan dy mar hie Er it lêste miel mei harren. Dêr joech Er Petrus, dy't út noed by de rjochtsaak Jezus trije kear ferleagene hat, de goede eare werom.

 
Himelfeart fan Jezus
  De Wikipedy hat ek in side Himelfeart fan Jezus.
  De Wikipedy hat ek in side Weromkommen fan Jezus.

Nei dy lêste miel naam Jezus ôfskie fan de dissipels en joech harren de opdracht syn blide boadskip fan it ferjaan fan sûnden troch syn dea en opstanning, dêr't in nij ferbûn tusken God en de minske makke waard, oer gâns de wrâld te fersprieden, en hy sei harren ta dat Er werom komme soe. Dêrnei stuts Er de hannen omheech en segene harren en doe ferfear Er omheech nei de himel.

Iere Kristendom

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it kristendom.

Nei it libben fan Jezus wiene de apostels, sa't se beskreaun steane yn it boek Hannelingen fan de Apostels, allegear Joaden troch berte of bekearing, en wurde troch skiedkundigen ferwiisd as Joadske kristenen. It evangeelje waard ynearsten mûnling ferspraat, nei alle gedachten yn it Arameesk, mar ek al rillegau yn it Gryksk. De boeken Hannelingen fan de Apostels en de Brief oan de Galaten yn it Nije Testamint neame dat de earste kristlike mienskip fêstige wie om Jeruzalim hinne en de lieders wiene ûnder oaren Petrus, Jakobus de Rjochtfeardige en Jehannes.

Nei't Paulus him bekearde, hie er de measte ynfloed op it kristlike tinken, mear as de oare skriuwers. Oan de ein fan de earste iuw waard it kristendom fan binnen en om utens as in selsstannige religy fan it joadendom sjoen, dy't himsels ek fierder ûntjoech him nei de ferneatiging fan de Twadde Tempel.

Ferskate teksten yn it Nije Testamint en oare kristlike skriften fan de earste iuwen jouwe oan dat iere kristenen yn it algemien de Hebriuwske Bibel oanhellen en dêrnei ferwiisden foar religieuze teksten, almeast yn de Grykske (Septuaginta) en Arameeske (Targum) oersettings.

Iere kristenen skreaune in soad, sa as bygelyks de kanonike evangeeljes. Dy evangeeljes waarden de wichtichste boarnen foar skiedkundigen en ûndersykje de histoaryske Jezus en hillige skriften fan it kristendom, dy't nei alle gedachten skreaun waarden tusken 50 en 120 nei Kristus.

Nammen en titels fan Jezus

bewurkje seksje
  • Jezus komt fan it Hebriuwske ישו (Jesjûa), dat betsjut "JHWH is rêding" of "JHWH rêdt". Yn it Latyn Iesus en yn it Gryksk Ιησους (Jèsous).
  • Yn it berteferhaal komt foar dat Jezus Immanuel (Hebriuwsk foar "God mei ús") neamd wurde soe (Mattéus 1:23).
  • Jezus neamt himsels it meast Minskesoan, mar dan almeast yn de tredde persoan.
  • Messias is in Latynske en Grykske ferbastering fan it Hebriuwske משיח (masjiach), dat "salvling" betsjut. It salvjen fûn yn it Alde Testamint plak by it ynwijen fan preesters, profeten en keningen. Yn de evangeeljes komt de fraach gauris foar oft Jezus de Messias is, mar wurdt de fraach komselden dúdlik beändere.
  • Kristus komt troch it Latyn fan it Grykske Χριστός (Christos), dat de oersetting fan Messias (salvling) is. Dat is de titel dy't it measte brûkt wurdt yn de Brieven yn it Nije Testamint
  • Sa no en dan wurdt Jezus de Soan fan God neamd.
  • Yn de prolooch fan it Evangeelje fan Jehannes wurdt Jezus foarsteld as Logos, it Wurd, dêr't tagelyk de skeppingskrêft fan God mei bedoeld wurdt: "Yn it begjin wie it Wurd der; it Wurd wie by God.(...)En it Wurd is minske wurden en Hy hat by ús wenne".
  • Troch Jehannes de Doper wurdt Jezus it Laam fan God neamd. Mei de titel "Laam fan God" wurdt ferwiisd nei it Pesach-laam.
  • It Alde Testamint, benammen it boek Jesaja, befettet ferskate teksten dêr't kristenen fan tinke dat se nei Jezus ferwize. Dêryn wurdt er "tsjinner fan de HEAR" neamd. Ek wurde der yn it Alde Testamint de berte, it berteplak (Betlehem), en komôf (stamme fan Juda, laach fan David) fan de Messias foarsein.

It uterlik fan Jezus

bewurkje seksje
 
Ferskiljende ôfbylden fan Jezus neffens kulturele ynstelling
 
It Lykklaad fan Turyn

Yn it Nije Testamint wurdt kwealk oer it uterlik fan Jezus sprutsen, allinnich dat er opwoeks ta in krêftige jongfeint. Under de Joaden is it ferbean en meitsje ôfbylden en sadwaande binne der ûnder de iere kristenen, dy't doe faak noch bekearde Joaden wiene, gjin ôfbylden oerlevere. Yn de ierkristlike keunst, sa as bygelyks yn de katakomben en ierromeinske tsjerken, wurdt er gauris ôfbylde as de goede hoeder mei in glêdskeard gesicht, as Apollo, in strielende jongfeint mei in wyt klaad. Dat wie lykwols ornaris net de gewoant ûnder Joadske manlju dy't om de earste iuw hinne libben.

Fan likernôch de sechsde iuw ôf komt der in soarte fan standert yn it ôfbyldzjen fan Jezus, en ferskynt de Jezus dy't hjoed-de-dei noch almeast brûkt wurdt: in Jeropeesk sjoch man mei in fol burd en snor mei heallang hier. Neffens hjoeddeistich ynsjoch fan skiedkundigen hiene Joadske manlju yn de earste iuw yndie harren burd en hier op dy manier, mar syn hûdskleur moat sa as dy fan de folken yn it Midden-Easten west hawwe. Foar dejingen dy't it Lykklaad fan Turyn as autentyk beskôgje, lit de dêrop oanwêzich ôfbyld fan Jezus sjen dat er reedlik lang wie foar dy tiid (180-190 sm) en krêftich fan stal wie. It gesicht liket in soad op it tradisjonele ôfbyld fan Jezus, mar oft Jezus der yn werklikheid sa útsjoen hawwe soe, is net nei te gean.

Der waard yn 2010 yn de opdracht fan de History Channel besocht en rekonstruearje it uterlik fan Jezus, dêr't de lêste softwaretechniken by brûkt waarden. It ôfbyld op it Lykklad fan Turyn waard as boarne brûkt.

Jezus yn oare leauwen

bewurkje seksje

Yn it joadendom is de perfoarste ienheid fan God it útgongspunt (Deuteronomium 6:4), en it oanbidden fan in persoan wurdt as in foarm fan ôfgoaderij sjoen. Dêrom fersmyt it joadendom it idee fan Jezus, lykas in oare Joadske Messias, as God of as part fan de Trije-ienheid. Neffens it joadendom is Jezus de Messias net, om't er net alle Messiaanske profesyen fan de Hebriuwske Bibel ferfolle hawwe soe, sa as it bouwen fan de Tredde Tempel, lied alle Joaden werom nei Israel, bring frede yn de wrâld en ferienigje de minskheid ûnder de God fan Israel (Sacharja 14:9). Fierders wiene der, neffens Joadske tradysje, gjin profeten mear nei Maleächy, dy't yn de fyfde iuw foar Kristus libbe.

 
De namme Jezus soan fan Marije yn Islamityske kaligrafy, folge troch Frede mei him
  De Wikipedy hat ek in side Jezus yn de islaam.

Yn de islaam wurdt Jezus (of Isa; Arabysk: عيسى‎ ʿĪsā) sjoen as in boadskipper en Masih (messias) fan God en waard stjoerd om de Israeliten in nij evangeelje te ferkundigjen. It leauwen yn Jezus, en alle oare boadskippers fan God, is ferplichte yn de islaam om in moslim wêze te kinnen. Moslims beskôgje Jezus lykwols net as de Soan fan God, om't hja leauwe dat der net ien oan God gelyk is, mar as in profeet. Yn de koraan stiet dat Jezus berne waard út de faam Marije en moslims leauwe ek dat Jezus de wûnders, dy't beskreaun steane yn de fjouwer evangeeljes, die mei tastimming fan God. Se leauwe lykwols net dat er krusige waard, mar wol dat er yn 'e himel opnaam waard. Moslims leauwe dat Jezus wer weromkomme sil op ierde yn de snuorje fan de eintiid en ferslach de Antykrist (ad-Dajjal) troch him te deadzjen.

Neffens it bahaïsme is der mar ien trochrinnende religy en wurdt der om likernôch de tûzen jier in boadskipper troch God nei ierde stjoerd en fernij it Keninkryk fan God en fergrutsje it ferbûn tusken God en de minske. Dat wurdt sjoen as de Manifestaasje fan God. Jezus wurdt as ien fan de boadskippers sjoen. Bahaïsten leauwe in soad, mar net alle foarfallen yn de kanonike evangeeljes. Hja leauwe yn de berte út de faam Marije en it krusigjen fan Jezus, mar sjogge de Opstanning en de wûnders suver as symboalysk. Bahaïsten leauwe dat harren stifter, Baha'u'llah, it foarseine weromkommen fan Jezus op ierde is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  NODES
Note 1