L3-37, gauris ôfkoarte ta L3, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Se waard yn 2018 yntrodusearre yn Solo: A Star Wars Story. De geastlike heiten fan it personaazje wiene de senarioskriuwers fan dy film, heit en soan Lawrence en Jonathan Kasdan. L3-37 is robot mei feminine programmearring en de ko-piloat en navigator fan 'e gokker en smokkelder Lando Calrissian yn 'e Millennium Falcon. De rol fan L3-37 waard fia motion-capturetechniken spile troch aktrise Phoebe Waller-Bridge, dy't ek de dialooch fan 'e robot ynspriek.

L3-37
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
soarte personaazje robot
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt piloat, navigator
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Lando Calrissian
Han Solo
Qi'ra
geastlike heit Lawrence Kasdan
Jonathan Kasdan
ûntstean 2018

Yn Solo: A Star Wars Story (2018) wurdt L3-37 yntrodusearre as de robot dy't de ko-piloat en navigator is fan 'e gokker en smokkelder Lando Calrissian yn dy syn romteskip de Millennium Falcon. Oars as de measte robots yn it Star Wars-hielal hat L3-37 har programmearring witten te oerwinnen en in eigen persoanlikheid ûntjûn. Dy persoanlikheid is froulik, en op in stuit yn 'e film suggerearret se yn in petear mei Qi'ra dat Lando eins temûk fereale op har (L3-37) is. L3-37 is fierders o sa begien mei it lot fan oare robots, dy't se as in ras fan yntelliginte wêzens beskôget, dat op folslein ûnetyske wize yn in steat fan slavernij holden wurdt troch organyske wêzens.

Yn 'e film wurde Lando en L3-37 troch Qi'ra, Han Solo, Tobias Beckett en de Wookiee Chewbacca behelle yn in plan om yn opdracht fan it misdiesyndikaat Karmozinen Dage út 'e minen op 'e planeet Kessel in lading coäxium te stellen, dat in tige djoere brânstof foar romteskippen is. Mei't rou coäxium ynstabyl is en mar beheind hâldber foar't it ûntploft, hawwe Qi'ra-en-dy ferlet fan in tige fluch romteskip om 'e lading op 'e tiid nei de raffinaderij op 'e planeet Savareen te bringen. Dat is wêrom't se by Lando komme, want de Millennium Falcon is ien fan 'e fluchste romteskippen yn it Stjerrestelsel.

It selskip set koers nei Kessel, in planeet dy't inkeld berikber is fia it Kesselfliet, in nauwe trochgong troch de Akkadeeske Draaistream. Dat is in tichte, ûnferkende dize dy't fol sit mei omdriuwkjend romtepún. Nei't se op 'e planeet oankommen binne, ynfiltrearje se de troch it Pyke-syndikaat behearske coäxiummyn as in fertsjintwurdiger fan in nije klant (Qi'ra) mei har robot (L3-37) en liifwacht (Beckett), dy't as bewiis fan goede wil in pear slaven (Han en Chewbacca) leveret om yn 'e myn te wurkjen.

Wannear't Qi'ra en Beckett de Pykes yn 'e kontrôlekeamer útskeakele hawwe, befrijt L3-37 in robot fan syn twangklem om't er har yn it paad stiet. Op 'e fraach fan 'e robot wat er no moat, antwurdet se mei in sydlingse opmerking dat er de oare robots mar befrije moat. Min ofte mear by fersin ynstigearret L3-37 dêrmei in slave-opstân, mei't de befrijde robots ek de organyske wêzens befrije dy't as slaven yn 'e myn wurkje. Chewbacca en Han, dy't harrensels yn 'e myn ûntdien hawwe fan har bewekkers, witte it coäxium te stellen en sette dêrmei nei de Millennium Falcon ta. Mar yn 'e gaos dy't de slave-opstân feroarsake hat, sjitte de bewekkers yn it wylde wei, wêrby't L3-37 op fatale wize skansearre rekket. Lando weaget syn libben om har te rêden, mar hy wit inkeld it boppeste part fan har lichem mei te skuorren. Hy wurdt dêrby yn it skouder sketten, sadat er sels troch Chewbacca rêden wurde moat.

It hiele selskip pykt út yn 'e Millennium Falcon en lit de slaven en de bewekkers it fierders sels útfjochtsje. Op it berjocht fan in slave-opstân op Kessel hat it Galaktysk Keizerryk lykwols in stjerreslachskip stjoerd om it Kesselfliet te blokkearjen, dat Han, dy't de piloat is no't L3-37 útskeakele en Lando ferwûne is, moat útwike yn 'e Akkadeeske Draaistream. Efterfolge troch Keizerlike TIE-jagers en in reuseftich wêzen mei tentakels dat yn 'e dize libbet, kinne se op it nipperke ûntkomme oan in swart gat trochdat Beckett de motors fan 'e Falcon opfiert mei in dripke coäxium. Mei help fan Qi'ra slút Lando it ûnthâld fan L3-37 oan op 'e boardkompjûter fan 'e Millennium Falcon, wêrmei't er dy beiden mei-inoar ferraant. Troch it gebrûk fan 'e navigaasjedatabase fan L3-37, dy't neffens Lando de bêste yn it Stjerrestelsel wêze soe, slagget it Han om in paad werom út 'e dize te finen en dêrby de Keizerlike blokkade alhiel te omsilen.

Neitiid libbet L3-37 fuort as part fan 'e boardkompjûter fan 'e Millennium Falcon en is sa dielgenoat fan alle aventoeren dy't Han Solo en Chewbacca mei it romteskip belibje. De ferraning fan L3-37 mei de oarspronklike boardkompjûter is yn 'e Star Wars-kanon de ferklearring foar in útspraak fan 'e androïde C-3PO yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). Wannear't er himsels nei de Slach om Hoth op 'e boardkompjûter fan 'e Millennium Falcon oanslút om út te finen wat de oarsaak fan in defekt oan 'e hyperoandriuwing is, merkt er nammentlik tsjin Han op: "Menear, ik wit net wêr't jo skip leard hat te kommunisearjen, mar it sprekt it nuveraardichste dialekt."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono
  NODES
iOS 1
mac 1
os 5