In learling (froulike foarm: learlinge) is in persoan dy't ûnderwiis of in oplieding folget, bgl. fan in ûnderwizer, learaar of oare dosint. Yn 'e tiid fan de gilden waard mei 'learling' immen oantsjutten dy't yn 'e praktyk in oplieidng ta ambachtsman folge by in master en syn feinten. Yn it ferlingde dêrfan is learling no noch de earste graad yn de frijmitselderij.

Tsjintwurdich is 'learling' de gongbere beneaming foar skoalgeande bern op 'e basisskoalle (fan likernôch seis jier ôf) en yn it middelber ûnderwiis. De belangen fan sokke learlingen wurde yn Nederlân behertige troch it Landelijk Aktie Komitee Scholieren (LAKS). Learlingen oan it heger ûnderwiis wurde yn 'e regel studinten neamd, wylst learlingen oan militêre akademys oantsjutten wurde as 'kadetten'. Soms wurdt mei it wurd 'learling' ek spesifyk ferwiisd nei lju dy't tagelyk in beropsoplieding folgje en in dêrby oanslutende baan hawwe, oftewol dy't in beropsbegeliedende learwei folgje (foarhinne bekend as it learlingwêzen).

Yn 'e religieuze sin kin mei 'learling' ek in dissipel fan in learmaster of goeroe bedoeld wurde, lykas de tolve learlingen fan Jezus Kristus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

  NODES
Note 1
os 2