Légion d'honneur

(Trochferwiisd fan Legioen fan Eare)

It Légion d'honneur (Frânsk foar "Earelegioen" of "Legioen fan Ear") is de heechste ûnderskieding fan 'e Frânske Republyk, dy't yn 1802 ynsteld waard troch Napoleon Bonaparte. Offisjeel is de namme eins: Ordre National de la Légion d'honneur ("Nasjonale Oarder fan it Legioen fan Ear"). Dizze ûnderskieding kin sawol oan Frânske steatsboargers as oan bûtenlanners takend wurde. It biedwurd fan 'e oarder is Honneur et Patrie ("Eare en Heitelân"), en syn sit is it Palais de la Légion d'honneur, dat yn 'e Frânske haadstêd Parys oan 'e lofterwâl fan 'e rivier de Seine stiet.

Légion d'honneur
De medalje droegen troch in ridder (chevalier) fan it Légion d'Honneur.
De medalje droegen troch in ridder
(chevalier) fan it Légion d'Honneur.
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frânsk
útrikt foar fertsjinste
útrikt troch it regear fan Frankryk
ynsteld 1802
offisjele webside
www.legiondhonneur.fr

Oan it haad fan it Légion d'honneur stiet de grutmaster, dat altyd it steatshaad fan Frankryk is en west hat. De presidinten fan Frankryk krije dus by harren ynswarring daliks en automatysk it grutkrús (de heechste rang) fan 'e oarder takend. De grutmaster beneamt alle oare leden fan 'e oarder, op foardracht fan it Frânske regear.

Der binne fiif ûnderskate rangen binnen it Légion d'honneur (fan 'e leechste oant de heechst):

  • chevalier ("ridder")
  • officier ("ofsier")
  • commandeur ("kommandeur")
  • grand officier ("grutofsier")
  • grand croix ("grutkrús")

Yn 2010 bestie it Légion d'Honneur út 67 hâlders fan it grutkrús, 314 grutofsieren, 3.009 kommandeurs, 17.032 ofsieren en 74.384 ridders. Foar in list mei de leden fan 'e oarder, sjoch op dizze side, yn 'e Ingelske Wikipedy, en foar in list mei allinnich de bûtenlânske leden, sjoch op dizze side, ek yn 'e Ingelske Wikipedy.

 
Hoe't manlju de fiif ûnderskate rangen fan it Légion d'honneur hearre te dragen.

Nei't by de Frânske Revolúsje, yn 1789, alle ridderoarders en ûnderskiedings fan it Ancien Régime ôfskaft wiene, besleat Napoleon Bonaparte yn 1802 om in eigen oarder yn te stellen, wêrmei't er militêren en boargers dy't har foar syn keizerryk fertsjinstlik makke hiene, beleanje koe foar harren ynset. Dy nije oarder waard it Légion d'honneur. Yn 't earstoan wie de opbou dêrfan loskes basearre op dy fan in Romeinsk legioen, mei legionêrs, ofsieren, kommandeurs, regionale kohorten en in Grutte Ried dy't it hiele spul bestjoere moast. De heechste rang wie doedestiden gjin grutkrús mar in grand aigle ("grutearn"), en de leden fan 'e oarder waarden royaal betelle, mei jierliks 250 frank foar in legionêr; 1.000 frank foar in ofsier; 2.000 frank foar in kommandeur; en 5.000 frank foar in grutofsier. It Légion d'Honneur wie de earste oarder fan fertsjinste, mei't alle foargeande ridderoarders beheind wiene ta lju fan adel en ornaris ek noch fan in beskate godstsjinst.

 
Keizer Napoleon Bonaparte, de stifter fan it Légion d'honneur, mei de "grutearn" fan 'e oarder op it lofterboarst spjelde.

Nei't Napoleon yn 1808 in eigen adelstân skepen hie, mochten legionêrs har tenei chevalier ("ridder") neame, en as trije opienfolgjende generaasjes binnen ien en deselde famylje chevalier west hiene, dan waard de titel erflik. Hoewol't ûndersyk nei it iere Légion d'honneur dreech makke wurdt trochdat it oarspronklike argyf ferlern gien is, is it dúdlik dat yn elts gefal trije froulju dy't yn it Frânske leger fochten ta legionêr/chevalier beneamd waarden: Virginie Ghesquière, Marie-Jeanne Schelling en de non Anne Biget.

Nei de definitive Restauraasje fan it Hûs Boerbon, yn 1815, waarden de âlde ridderoarders fan it Ancien Régime wer op 'e nij ynfierd. It Légion d'honneur waard lykwols net ôfskaft, mei't de nije hearskers fan Frankryk, al hoe'n hekel oft hja ek hiene oan Napoleon, der gjin nocht oan hiene om 'e 38.000 doetiidske leden fan 'e oarder tsjin har yn it harnas te jeien. It uterlik fertoan waard wol oanpast, en alle Napoleontyske en keizerlike symboalen (lykas de earn en de keizerskroan) waarden ferfongen troch Boerbonske en keninklike emblemen (lykas de Frânske leeljes en de keningskroan). Likegoed ferlear it Légion d'honneur ûnder de Boerbons de rang fan wichtichste ûnderskieding oan 'e Oarder fan de Hillige Geast.

Doe't de rjochte line fan 'e ympopulêre Boerbons yn 1830 lykwols oan 'e kant set waard troch Loadewyk-Filips fan Boerbon-Orléans, de saneamde "Boarger-Kening", waarden de âlde ridderoarders op 'e nij ôfskaft, en krige it Légion d'Honneur syn eardere posysje werom. Op 'e nij waarden alle emblemen oanpast, dy't no û.m. de Frânske trijekleur kamen te fertoanen. Itselde barde nei de Revolúsje fan 1848, doe't Frankryk wer in republyk waard, en yn 1852, doe't de nije presidint, in omkesizzer fan Napoleon, in steatsgreep útfierde en keizer waard as Napoleon III. Tsjin 1847 hie it Légion d'Honneur sa'n 47.000 leden, en yn 1852 waard de ûnderskieding foar it earst goed dokumintearre takend oan in frou, Angélique Duchemin, in âlde revolúsjonêr fan 'e oarspronklike Revolúsje fan 1789.

Nei de Frânske nederlaach yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871, en de dêrtroch feroarsake fal fan it keizerryk en stifting fan in nije republyk, waarden jitris feroarings yn 'e symboalen trochfierd. Yn 1871, ûnder de boargeroarloch dy't bekend stiet as de Paryske Kommune, baarnde it haadkertier fan 'e oarder, it Hôtel de Salm, oan 'e grûn ta ôf, en dêrmei gie hast it hiele argyf ferlern. Under de Earste Wrâldoarloch waard it Légion d'honneur likernôch 55.000 kear takend, wêrfan 20.000 kear oan bûtenlanners. Sûnt 1918 koe de ûnderskieding ek postúm útrikt wurde, wat de ferklearring is foar dizze floedweach oan nije leden. Yn 1946, by de fêstiging fan 'e Fjirde Republyk, waard der foar it lêst in feroaring yn 'e emblemen fan 'e oarder oanbrocht.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Done 1
orte 1