Lemsterlân (Nederlânsk en offisjeel: Lemsterland) is in eardere gemeente oan de súdkust fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 novimber 2013 in befolking fan 13.544 minsken.[1] Fierders besloech Lemsterlân in oerflak fan 124,37 km², wêrfan 47,7 km² wetter, en hie it in kustline fan 29,84 km lang.

Lemsterlân

It ferneamde Yr. D.F. Woudagemaal, by De Lemmer.
flagge wapen

Wapen fan Lemsterlân
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak De Lemmer
grutste plak De Lemmer
ynwennertal 13.544 (2013)
befolkingstichtens 176,6 / km²
oerflak 124,37 km²
● wêrfan lân 76,67 km²
● wêrfan wetter 47,70 km²
tal doarpen 8
ferkearsieren A6, N354, N359, N924
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Lemsterlân
Gritenij Skoatterlân (diel)
1851 – 1934 Gem. Lemsterlân
Gem. Skoatterlân (diel)
1934 – 1984 Gem. Lemsterlân
Gem. Haskerlân (diel)
opheft 2014
opgien yn De Fryske Marren
no part fan De Fryske Marren
oar
netnûmer 0514
postkoade 8531–8539
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.lemsterland.nl

Lemsterlân is yn 'e 14e iuw ûntstean as de Lemster Fiifgea. De gritenij Lemsterlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Op 1 jannewaris 2014 fúzjearre de gemeente mei Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat ta de nije gemeente De Fryske Marren.

It haadplak fan de gemeente wie De Lemmer, en de oare plakken yn de gemeente wiene: Bantegea, Dolsterhuzen, Eastersee-Buorren, Eastersee-Giterskebrêge, Follegea, Ychten, Ychtenbrêge en Jistergea. It Ir.D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer heart ta it wrâlderfgoed.

Yn Lemsterlân hat it meastepart fan de ynwenners Frysk as memmetaal, 51%. It Nederlânsk wurdt troch 39% as memmetaal brûkt. Stêdsk is foar 6%, Stellingwerfsk foar 2% en útlânske talen foar 2% de memmetaal.[2] Oant de 1970-er jierren rûn de taalgrins troch de gemeente. Yn de eastlike helte fan de gemeente waard njonken it Frysk ek Stellinwerfsk sprutsen. Neitiids is dat gebiet ferfryske en wurdt it Stellingwerfsk amper mear sprutsen. It Stellingwerfsk is net lânseigen foar it gebiet dat Lemsterlân omfiemet. De taal is nei alle gedachten yn it gebiet bedarre troch de kolonisaasje fan it gebiet troch feanstekkers fan Giteren om 1800 hinne.[3]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boarne: CBS)
  2. De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 258.
  3. www.plaatssengids.nl/lemsterland
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lemsterland fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   ·  
  NODES
Done 1
himmel 1
see 3